Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Sjirk en Tryn Op dy wize Wat lijdt er een zeeman al verdriet Lêsten op in jûn, It wie sok moai ljochtmoanne, Kaam Sjirk, in krûdich feint, 'eroan, Hy stapte as in hoanne. Hy sei: ‘ G'njûn, ik kom om Tryn.’ ‘Bêst’, sei de frou, ‘kom do mar yn.’ (bis) ‘Toe, Tryn’, sei mem, ‘set de feint in stoel. Ik sil de kofje meitsje; Dy keardel liket my better ta As dy slûge Reitse. Helje bêste patriketabak En set him goed op syn gemak.’ (bis) [pagina 513] [p. 513] Let yn 'e jûn, doe it folk wie oan kant, Kroep Sjirk by Tryn yn 'e hoeke. ‘Fanke’, sei Sjirk, ‘do pattest figelant, It smakket as hunich en sûker. Dat skilt my folle by grutte Griet, Dy is sa fliberich en sa wiet.’ (bis) Dy earste nacht rûn rêd te ein Mei sobjen, roeikjen en weauwen. Tryn sei: ‘Ik langje nei d' oare snein.’ Sjirk sei: ‘Dat wol ik wol leauwe; Dêr slacht trije de grutte klok, Ik moat nei hûs, wêr is myn stok?’ (bis) Foar 't alderlêst by de bûthûsdoar Kriig' er noch in tigen. ‘Fanke’, sei er, ‘wat smakket 't my, Sokk' ha 'k noait krige, Ik kom takomme sneintejûn.’ ‘Goed’, sei Tryn, ‘kin 'k dêrop oan?’ (bis) Mei njoggen wike wie Sjirk al boer En Tryn syn kreas boerinne. Hy moarnsier, jûns let yn lân, Sy altyd thús en spinne. Feinten en fammen, dat is de wei, Gean Sjirk de nijboer mei Tryn efternei. (bis) Vorige Volgende