In priuwke út Reintsje de Foks
Doe Reintsje de foks mei de wolf op reis wie metten se in merje mei in foalle: dêr jokkene de wolf de tosken bjuster nei. Reintsje sei: ‘Ik leau, dat de foalle wol te keap is. Sille wy de moer ris freegje?’ ‘Ja,’ sei de wolf, en dêrmei op de merje ta. ‘Wat ha je dêr in nuver moai foaltsje!’ sei Reintsje. ‘Wat priis is dêrop?’ De merje sei: ‘Dat is te lêzen yn ien fan myn efterste poaten. Lêze kin je dochs?’ - ‘Nee,’ sei Reintsje, ‘dat hawwe myn âlders my net leare litten. Kin jy it ek?’
‘Soe ik net lêze kinne!’ sei de wolf; ‘fiif jier te Ljouwert op de Latynske skoalle west, en sân jier te Frjentsjer! Lit sjen, merje.’
As de wolf no nei de jildinge sjen soe, en de merje de poat ophipte, krige hy in slach oan 'e kop, dat er yn 'e sûs oer it lân fleach. Dit gong Reintsje rjocht nei it sin. Hy gong nei de wolf en sei: ‘Hoe is it, omke? Bin jo sa sêd iten fan 'e foalle dat je net gean kinne?’