Sets en Tsjerk yn Snitser merk
Wize: O Bogchel gy pareert altijd.
Kom, Setsleaf, ik wurd oars yn 't liif,
Ik wol dy graach ris patsje,
Dy stoe de mûle 'er lang al nei,
Ik sjen 't, myn leave skatsje.
Kom, faam, sei reade Tsjerk,
Dû moatst mei my te merk,
Dan sill' wy jûn ris skotse,
'k Ha tweintich skeljen yn 'e bûs,
En Setske fleach him om 'e hals,
Ei fanke!, sei hy, lit my los,
Dû pattest my oan flarde.
En Tsjerk sprong mei syn pop.
Sjoch, feinten, sjoch har springen,
Hja lykje poer as yn 'e brân,
Hja dûnsje as hokkelingen,
Dû moatst no fiks opstrike,
Fan dûnsjen krij ik noait myn nocht,
Hjir, hospes, hjir moatst wêze,
Ik moat in ynswiet sûpke ha,
Us sûpe en waai bin 'k ba.
'k Moat simmers altiid yn it mêd,
De kowestront bin ik no sêd,
En hâld it mei myn poppe;
Kom, famkes! no yn 't rûn!
En is it jild fersprongen,
Dan moatt' de hoeden fan 'e kop,
En oars foar lege pongen:
Stryk op! stryk op! stryk op!
Master Jouke
|
-
voetnoot1
- Dit is de viool waarop gespeeld wordt.
|