| |
Foar de toanbank en derefter
Tryn Stelt wie in widdo sawat om de roai fan 36 jier âld. Hja neamden har Tryn Stelt, omdat hja sa heech op 'e skonken wie en omdat har de heupen te ticht oan de skouderblêden sieten. Hja hie twa bern, en libbe fan in smearwinkel dy fiks yn fleur wie, en hja koe har danich rêde mei mûle en hannen.
Wat der allegearre foar dy toanbank ôfhaspele waard, dêr wie nin papier foar te rieden om it 'erop te skriuwen. Loekwol haw ik 'er ris iennige tsjûgen fan opskreaun dy ik jimme fertelle sil.
Dêr komt Jouke fiskerman, dy het de hele nacht oan 't seintôgjen west. Hy het de grutte learzen jitte oan, dêr kweazet it wetter yn om. ‘Tryn,’ ropt er, ‘jaan my ris in dûbelmaatsje brandewyn. Fij man, wat is dat wetter kâld. Dat fetsje dat wy efter oan de seine driuwen hawwe as in boei, dat moast altyd healfol fan sok guod wêze as wy juns útgongen. Ik leau, it soe moarns wol lichter driuwe.’ ‘Ja man,’ sei Tryn, ‘jimme hawwe in lêstich bedriuw, altyd by nacht, mar it is oars in heilich amt sis ik altyd, want de apostels wiene ek fiskerlju.’ ‘Dat wyt ik net,’ sei Jouke, ‘of it heilich is of net, mar dat it in wiet en kâld amt is wyt ik wol, en ik wyt ek wol dat 'er soms onheilich by flokt wurdt, benammen as 'er sa'n bytsje fongen wurdt as fan dizze nacht.’ ‘Is 't net folle warden?’ sei Tryn. ‘Welnee man,’ sei de fiskerman, ‘in mannich pylsnoekjes, wat brieders en wol twa mjitkuorfollen kakhúsbleskes en snott'rige jonges fan Terherne.’ ‘No,’ sei Tryn, ‘dan komt jo in sûpke ta, en it stiet ek manlik.’ ‘No jaan my dan noch in maatsje, en dan sa'n read pakje sinkelsnúf en foar in dûbeltsje kakyntsjes foar it âld wiif, want oars sil de roede wer yn de pispôt lizze as hja sjocht dat ik drank hân haw. Jaan my ek in mannich kofjebeanne om te kôgjen, dan kin hja it teminsten net rûke, oars dan stiet 'er wer in rare pot foar my te fjoer. Moarn, Tryn.’ ‘Moarn, Jouke.’
Janke, deselde moarntyd
‘Moarn, Tryn.’ ‘Moarn, Janke. Wat is 't moai waar hjoed fanke.’ ‘Ja,’ sei Janke, ‘mar sa moai is 't oeral net, teminsten dêr op ús hoeke wie it tonger en wjerljocht tagelyk. Us buorman Jouke fisker kaam thús mei de grutte learzen oan fan 't seinfiskjen. It duorre net lang of dêr begûn syn wiif Pierk te teutsjen lykas hja kin. Do hest ek wer drank hân, sei se. Dat wyt ik wol, sei de man, ik haw brandewyn hân by Tryn St...’, dêr bleau Janke stykjen, want Stelt soe har ontfallen hawwe, en doe krigen hja beide in kleur. ‘Och och,’ sei Tryn, ‘wat kin men al onnoazel yn in gefal komme. Hy het hjir mar in wipperke hân en doe het er jitte snúf en kakynjes foar syn wiif 'erby koft’ (dat dûbelmaatsje wie har troch it sin gien sa't like; der gong har oars neat út it sin al wie it net opskreaun). ‘No,’ sei Janke, ‘doe sei de man: “Lûk my myn learzen ris út, dy binne fol wetter, en ik bin yn it gebiente kâld. Set my ek wat kofje. Dêr heste kakyntsjes en wat neuskost, lykas pastoarske seit.” Doe stiek Pierk de tonge út, en slypte him mei de fingers út. “Ik dy de
| |
| |
learzens útlûke? En kofjesette sa'n sûpkeal? Gean nei Tryn Stelt, en lit dy dêr kofjesette, dy streaket genôch om dy hinne, mar it is om dyn dûbeltsjes, swynigel en trochbringer datste biste.” Doe grypt' er har de mûtse en it earizer fan de holle, en sy woe in âlde fûkstok achter de kast weiskuorre, mar hja loek sa ferheftich dat de hele âlde kast ombruide. Dat joech in plof dat alle buorren bûtendoar kamen. Doe grypte Jouke in gleone steal fan de hurd en dêr keild' er har mei efternei, en doe fleach se de doar út mei it hier efterút. Dêr stie se te gûlen en te swetsen. Jouke smiet har mûtse en earizer efternei, en dy sette syn eigen kofje, en doe begûn hy te fiskbrieden en dêr soe er in stik brea ta hawwe. Doe Jouke dêrmei te wurk wie, kaam de eksteur der oan mei 't swurd op 'e side en dy begûn sokke allergrouste soldateflokwurden te flokken, dat Jouke bedaardwei sei: “Hoeno, eksteur? Ik haw in duvelinne útjage, en no krij ik 'er in duvel foar yn de pleats, sjen ik wol. Ik tochte dat jo my in sûpke brochten, 't is just foar iten.” “Nee,” sei de eksteur, “dat heb je al genoeg gehad.” “Just, eksteur,” sei Jouke, “krekt genôch om 'er in ondogens en onwillich wiif út te jeien.” “Maar jou moet bedaard weze, Jouke!” “Dat bin ik optheden, eksteur, en jo moatte sa ôfgryslik net flokke, want as jo miene dat jo dêr nin kwea mei dwane, dan meitsje jo ús dominy ta in leugenaar. Wol jo in bret fiskje mei ite, eksteur? Hja binne hearlik, foarntsjes mei kût 'eryn.” Eksteur gong fuort. “Foi man, dêr slacht my 't hert fan,” sei Tryn, “moat dy klitse my de skuld jaan, en my jitte útskelde 'erop ta? Ik haw sok guod te keap
en de man wie skjin ferklomme, mar 'k sil 't har gedachtich wêze. Hja kriget gjin snúf of Grinzerkoeke of wite klontsjes fan my te boarch, salang ik libje net, dy tange!”
“Hea, ik ferpraat my ek, jaan my gau in healpûn sûkerei en foar in stoer kakynjes. Ik moast ek wol in nije stiennen pispot hawwe, mar dat kin der noch net op stean. Moarn, Tryn.” “Moarn, Janke.”
| |
3
Op in dei yn de wintertiid kaam 'er in âld boer mei de slyptrôch oer de snie by Tryn foardoar. Hy bûn de leie oan de sturt fan de slyptrôch fêst en stoep yn hûs. ‘Huila,’ rôp er, ‘binn' jimme? Wêr is 't folk hjir?’ Dêr kaam Tryn oan. ‘Dach, Abomme, kom gean wat yn. Der leit in blok oan 't fjoer.’ Mei in wip hie hja in romerfol Hubert en Wopke Abomme ynskonken, jenever en anys yn elkoarren, want dat mocht er graach.
‘Wel Abomme, wat haw ik jo yn lang net sjoen.’ ‘Ja,’ sei Abomme, ‘ik haw in ferkearde pichelomije yn 't boarst hân, dat hoaste as in ko en it boarst raasde my as in tsjerne, ferstaje?’ ‘Wel so, dan hawwe jo onder doktershannen west, begryp ik.’ ‘Welja man, dy moast by my komme, dy moast ek wat fan Abe syn âld sulver hawwe. En no, dan siet er dêr wat te swetsen fan syn daden lykas dy ljuwe kinne. No as men jinsels mar ferbeeldt dat men in grut man is, dan het men genôch, fersta-je? Mar myn âld wiif het my genêzen mei watte sûpen mei anys 'eryn, fersta-je?’ ‘Ja, dat is skoan guod,’ sei Tryn, ‘ei, dokters dy riede 'er ek mar wat nei, Abomme. Ik brûk dan al gauris wat Haarlemmeroalje of Bearenburger krûden.’ Sa prate hja mar, omdat se dat guod sels te keap hie.
‘No Tryn, fersta-je, ik moat in lepsen griene earte hawwe, wacht 'eris, ik haw it op in briefke skreaun. In lepsen griene en in lepsen grauwe, 4 pûn sjippe, tsien pûn rys, kofjebeane twa pûn, twa pûn dagelikse tee, in healpûn - wat stiet dêr, Tryn?’ ‘Keuteltsjetee, dat is Joosjestee, dat is pyn-yn-'e-holletee, Abomme.’ ‘Dan stiet 'er plokka in pûn, o, dat is polka om te leagjen en hawar, der stiet jit al mear. Do moatst it mar allegearre yn 'e slyptrôch lizze, fersta-je, en jaan my dan noch in romerfol fan dat guod, fersta-je. It wurdt 'er my waarm fan yn de fuotsok, fersta-je. Dan is 'er noch in kantsje onder yn de slyptrôch, dêr moatste my sok guod ek yn dwaan, fersta-je, en bedobje dy yn 't strie fan de slyptrôch, myn âld wiif hoeft ek al myn agoasje ek net te witen, fersta-je. Mar dy grauwe earte moatte sa hurd net wêze as de lêste, want dy moasten elts man foar man in hou op 'e kop hawwe eardat se de reis oannamen, fersta-je, en dan neierhân bolderen
| |
| |
se jin yn de termen om of 'er ien mei nije houten klompen by de treppen delkaam, fersta-je.’ ‘Nee, dit binne oare,’ sei Tryn, ‘dizze kinne mei de ierdappels oerslaan en dan hingje hja oan de leppel.’ Doe Tryn oan it mjitten en weagen, en doe alles yn de slyptrôch west hie, betelle de boer, en Tryn wie bliid, fersta-je.
| |
4
Sonder goedendach te sizzen kaam Aal Hynstepoat yn de winkel rinnen mei in healtrochbarnde klomp yn de hân. ‘Is 't net om eigensduvelsk te wurden? Dêr het my dy smoarge jonge ús Pibe, dat nije pear klompen dat er ferline wike by jo helle, sa nei oan it hurdsje set dat 'er sa'n gat yn barnd is. Sjochris, men kin dertroch sjen. Minske ik wie sa razend, ik soe dy jonge wol tegnjirdzje. Ik haw him mei de klomp op 'e kop slein dat er op 'e souder fluchte, dy loebes.’ ‘Minske, minske, jo moatte sa driftich net wêze,’ sei Tryn, ‘jo koene in ongelok begean. Hy het it ommers net mei sin dien.’ ‘Dat wyt ik wol,’ sei Aal.
‘Mar ús Tyt,’ sei Aal, ‘dat wurdt al sa'n klitse. Dy is jit mar sechstjin jier âld, en dy is no al sljocht om mânlju. Juster hawwe se har yn de smitte lûke en dêr het dy grutte skipper syn soan har it jakskoart by 't gat ôfskuord, is 't net aaklik?’ ‘Ja mar,’ sei Tryn, ‘dat sil wol goed komme, want dy skippersoan het onderdúm my oarder jûn om har in nij jak te ferearjen, hja koe mar útsykje. Ik soe jûns nei har ta west hawwe, mar no moat hja jûn mar by my komme. En dat se sin oan mânljuwe het, dêr moat jo bliid om wêze minske. Ik haw ek ien dy sa âld is, dy sukkelt altyd om, dy woe 'k ek wol dat sin oan de mânljuwe krige, dat is in teken fan gesondheid. Mar jo skine wat koart fan memoarje te wêzen, want jo leine sels op jo njoggentjinde jier ek al yn 't waarm bêd. Ja, jo steane de bern altyd foar, jo moasten ris seis hawwe lykas ik. En as ik dan sa'n bêst man hie as jo dy sa bodzje woe foar de kost, dan soe ik 'er wol mei riede,’ sei Tryn. ‘En jimme Pibe dat is sa'n aardigen tsjinstigen jonge, dy rint my foar twa duiten in healoere nei de boer. Hawar Aal, dêr haw jo in pear klompen foar Pibe te jou, en slaan him net wer, mar lit him wat leare.’ ‘Tank je Tryn,’ sei Aal Hynstepoat doe, en dy leksum holp har mear as in dominyspreek en hja tochte by harsels: ‘Tryn is wol fûl op 'e nearring, mar hja het dochs in goed hert.’
Dêr kaam Piter Klerk oan. ‘Bist it Aal of bist it net?’ ‘Wis bin ik it,’ sei Aal. ‘No, do draachst dyn jierren goed, mar do hest ek altyd in baas west. Wat haww' we wol in wille hân, Aal. Och och, op dat opkeammerke by jimme omkes dêr koene wy krekt mei ús trijen fan pearen op. Mar dan wie 't allegearre earmen en skonken. Witste wol dat Eatske de reade rok noch ôffoel?’ ‘Ja,’ sei Aal, ‘mar no is de tiid oars.’ ‘Nee, de tiid is net minder, mar wy hawwe ús bar hân, der binne no wer oare oan beurt, Aal. Wat kostet in koeke, Tryn?’ ‘In skelling.’ ‘Hawar Aal, dêr heste wat by de kofje.’ ‘Och heare, wat komt my no oer?’ En Aal gong fleuriger út de winkel as hja 'eryn kaam.
| |
5
Op in tiid kaam 'er in âldfaam by Tryn om in boadskip en doe hja sawat mei-elkoarren oer waar en wyn útpraat wiene, begûn Tryn sa. ‘Hea Doet, wat haw ik nuver opheard dat it mei jo en Kei út is. Ik miende dat dat sa fêst wie as in mûtse mei twa kielbannen, in hûs hierd en allegearre?’ ‘Ja,’ sei Doet, ‘men kin op mânljuwe krekt sa min steat meitsje as op de hoanne fan de toer.’ ‘Hoe is dat bykomd?’ ‘Wel,’ sei Doet, ‘hy kaam ris by my en sei: dach Doetsje. Dach Kei, sei 'k, 'k sei, 'k kin wol sjen dat it kâld is, sei 'k, want 'k sei de lippen binne dy sa blau ofste jittik dronken heste, sei 'k. Ja, sei Kei. 'k Sei, ja sei 'k, mar dyn lippen kin de lytsfaam dy wol read patsje sei 'k, en dyn fuotten sei 'k, kinst wol op 'e plaatstoof sette, sei 'k doe. Aste 'er sa oer tinkste, sei Kei, dat ik mei oare fammen grut bin sei Kei, dan is it mar bêst dat ik fan dy ôfsjen, sei er. No sei 'k, do hest har ek al in nij fyfskaften pak fereare, sei 'k dêrop, en dat hest al dien sei 'k, doe wy al boaske hiene sei 'k,
| |
| |
heste Kei? Ja sei Kei, mar dat haw ik dien omdat se ús mem seis wiken heind en tsjinne hie as har eigen, sei Kei, doe't se siik wie sei er, en as ik dêr kwea oan dien haw, sei er, yn dyn eagen sei er, dan bist in minnen klitse yn myn eagen, sei er doe. 'k Sei, so Kei, sei 'k doe, ast 'er sa oer tinkste sei 'k, dan is 't mar bêst datst om in oar wiif seachste, sei 'k doe. Do ferstiest my net sei Kei. Ja sei 'k, ik ferstean dy goed, tige goed, Kei, sei 'k. Sa, sei Kei, 'k begryp wol sei er, datste ek al graach it lêste wurd hawwe wolste, sei Kei doe, en dat silste ek hawwe sei er, en hy waard lilk en kearde him om en sei: dach Doet. Dach Kei, sei 'k werom en jimme mem ek dach, sei 'k, mar Kei sei neat werom. Doe waard ik mismoedich en begûn te kriten, want it is oars sa'n bêst man en ik haw my wol skamme yn mysels, Tryn, dat ik sa gek om him wie, ik bin ek al oer de tritich jier âld.’ ‘Ja, mei dat en al, ik haw ek jong west,’ sei Tryn, ‘mar as men âlder wurdt, dan wurdt it in slepende kwaal dy folle djipper sit. En hoe gong it doe fierder?’ ‘Wel ik ferhelle alles oan mem, en mem sei: fanke fanke, wat heste dy dêr fertaast, do moatste dalik wer nei him ta, soeste sa'n bêsten man rinne litte? Do heste de berneskuon ek al ferskiten, it tsjinjen heste dyn nocht al lang fan hân en aste him net krigeste, dan waardste in arbeidster en molkrinster en op it lêst kinste jitte moatte lykas ik moat: spinne, spinne, ivich spinne, salang dat dy de fingers kâld en blau en krom wurde en dyn eagen dy begjinne te skimerjen, en fertsjust're troch dat geteister, en dan drage se dy jitte yn in platte kiste fan de earmfâden nei 't grêf ta, en dan is 't it lid op 'e noas, goenacht beppe, bliid dat wy fan jo ôf binne. En dat kinste jitte foarkomme, sei se. Tsjoch dyn bêste pakje oan. En doe helle hja jit efter
út har âlde kast trije stringen bloedkralen mei in moai âlderwetsk gouden kroantsje 'eroan. En dêr, sei se, dwaan dat om, want hy hâldt wol fan âlderwetsk. En ik hoef dy neat mear te sizzen, do witste wol hoeste him oankomme moatste. 'k Wiste net dat mem jit sa ryk wie, sei 'k doe. Ja, sei mem, dat haw ik jitte bewarre, omdat as ik weireitsje, ik yn myn eigen hûs wenje wol. Dêr kinne se my in kiste foar meitsje litte sa as 't heart, en ik wurd al sa âld dat it myn bar hast wol wurde kin. Doe gong ik yn skimerjûn nei Kei ta, en gong stil ta it mulhús yn. Dêr hong in lyts lampke oan de tsjernmole te barnen. Ik hearde it slingerjen en wifelsturtsjen, en it kreunen fan de kij en it speetsjen fan de molke yn de earnammers, en it hert tikke my sa, ik doarst nin stap fierdergean. En sa as ik dêr stoe, komt Kei deroan mei twa earnammersfol molke. Earst seach er my net, mar doe sei 'k bedrukt: ‘Navend, Kei,’ sei 'k. ‘Navend werom, Doet,’ sei Kei, ‘no wat wolste? Do bist wakker opstrutsen.’ En dêr stie er, mei de sliepmûtse op 'e holle, op klompen en mei in seilbokse oan. Ik kaam neier oan him en hy sei wer: ‘Wat wolste?’ mar ik sprong him op 'e klompen, ik fleach him om 'e hals en ik tute him sa yngrondich en skriemde sa, dat him de triennen op syn âld boesgroentsje rôl'ne. Doe ik fielde dat hy my werom yn de hân knypte doe sei ik: ‘Och, ik wol 't net wite mear wat ik sei,’ mar hy noade my te kofjedrinken. 't Aldminske wie ek bliid, mar de lytsfaam seach my mei ûlseagen oan. Koartom, hy brocht my jûns let wer nei hûs ta en alles wie wer yn 'e heak. En it ienichste wat er my sein het, wie of ik jitte wol wiste dat ik faak sein hie, dat de mânljuwe krekt wiene as de hoanne op 'e toer. ‘Ja,’ sei 'k. ‘Wel, no ik dy kennen leard
haw, leau ik dat it better wêze soe om 'er in hin op te setten, want dy kin jitte better draaie.’ No gong it allegearre wer goed, en hy hierde alderdigens in hûs foar ús. Mar op in jûntiid kaam er by my en doe hie er wol twa pûn jern onder it baitsje, dat spûn wie fan de skytlokken fan swarte wol. Dat smiet er op 'e tafel en sei: ‘Hawar Doet, breidzje my dêr hoazzen fan, ik bin skjin út myn hoazzen wei, en dat jern haw ik op 't spinnen nei te jou.’ ‘Myn leave man, ik wol jo wol trije pear fine sulverskiere hoazzen breidzje en ferearje,’ sei 'k. ‘Nee,’ sei er, ‘sokke haw ik altyd dragen en sa moat it bliuwe.’ ‘En jo sille sa âlderwetsk net rinne as wy troud binne,’ sei 'k. ‘Dat sil ik wite,’ sei Kei. ‘En ik in bytsje mei,’ sei 'k. ‘Nee,’ sei Kei, ‘it sil sa bliuwe,’ en hy rûn ta de doar út, mei it jern by 't baitsje yn. Ik rôp him al efternei, mar hy rûn mar steech troch by de skoallemaster yn. No dy âlde Hollânske gek is myn erchste fijand dy wy hawwe, want dy het ús mem earm sloof ris fyftich gûne ôfliend dat se opsparre hie, en doe joech er it earm sloof in falsk gouden
| |
| |
earizer te pân, en doe rûn ik nei de tsjerkfâden ta en dy hawwe it him fan syn tsjinstjild ôfhâlden, en dêrom haat er my as de pest. Us dominy seit dat er him net begripe kin hoedat se hjir sa'n man as master beroepe koene, omdat er syn eigen taal net ienris goed skriuwe kin. Mar men ferhellet 'erfan dat er hjir troch in grut hear yn Den Haach stjoerd is, dêr it wiif as faam by tsjinne hie.’ ‘Ja Doet, hja prate 'er nuver oer, mar ien ding wyt ik wol,’ sei Tryn, ‘hja binne hjir mei trije bern komd, en dy hawwe allegearre moai swart krol hier mei kromme noazen en d' oare allegearre read hier mei platte noazen krekt as master en dy binne hjir geboaren.’
‘Nuver seach ik op dat ik de oare jûns in brief fan Kei krige. Dy brocht in skoaljonge fan de jûnskoalle. Hjir is it brief, ik sil him jo foarlêze,’ sei Doet. Hja hellet de brief út de bûse en lêst.
Doetje!
Het doet me in siel leet alsdat ik, deur de behandeling van deuzen awond maar erg van me stuk eraakt bin, en dat ik wel wenste alsdat die zaak tussen ons beien niet voorevallen was. Dut is nou de tweede maal dat er rusie tussen ons beien onstoken is. Die knibbelarijen al veur ons trouwen stane me in geheel niet aan. Ge kost me anders wel gelukkig maken op men ouwe dag, in men afferen as boer past je me ook wel, en ik heb nogal een aardig duitje van me zalige vaer geürven, en als me moertje sterft dan schiet er nog veul meer over versta-je wel, en dat sou jou passen en je moertje ook. Maar rechtevoord zeid: we zijn niet voor mekaar geboren, en ik schei eruit met de zaak, en denk nooit om geen huwelijk weer.
Jouw toegenegen frund
Per order Gerrit Pieters Greidsma
meester Hadebroek
‘Om no as in labbekak wer nei him ta te rinnen, dat dwaan ik net wer. De earste kear hie 'k skuld, mar no net.’ ‘Dat sis ik ek,’ sei Tryn, ‘mar dêr komt er wrachtich sels, hy is al foar de toanbank,’ want sy hie in pypgatsje yn 't keammerke.
‘Binn' jimme?’ rôp er. ‘Ja,’ sei Tryn, ‘kom mar yn.’ ‘Nee,’ rôp er, ‘wy kinn' it hjir wol ôflizze.’ Tryn sei: ‘Moatte jo hjir sa stean bliuwe?’ ‘Ik haw hjir twa prikjes, dat is de mjitte foar in pear klompen fan ús feint, dy is 'eroan ta.’ ‘No kom, ik sil se wol útsykje, gean mar yn 't keammerke.’ Tryn folget him. Dêr fynt er Doet, en hy wie freonlik, mar sy stil en bedrukt.
‘Jy hawwe my dêr al in nuvere brief skreaun,’ sei Doetsje. ‘Ik net,’ sei Kei, ‘mar master. Dêr hie 'k west de deis doe ik by dy wei kaam, om wat bûterjild te heljen, mar dat rûn net los. En doe popele my dat gefal mei dy sa yn 'e holle omdat ik net sliepe koe, want it muoide my dat ik dy sa ôfsnaud hie. En doe gong ik nei master ta en fersocht ik him, dat er dy út myn namme in freonlik briefke skriuwe moast, datste ris by ús mem komme moaste, want ik doarst net wer onder dyn eagen te kommen. Want ik kin net skriuwe.’
Doe waard dy brief wer foarlêzen, en doe sei Kei: ‘Ik wiste net dat 'er sokke ondogense minsken yn de wrâld wiene. En dat in skoallemaster, dy alle sneinen foar 't bankje stiet.’ Doe kaam Aal Hynstepoat der ek op ta, en doe dy dat hearde, sloech se mei de fûst op 'e tafel dat it teeguod dindere, en sei: ‘Dy duvelse poep fan in skoallebok, dy ferfloekte berneboal, hja moasten him it doarp útjeie, net. Hju moasten him fille en slane him mei 't fel om 'e kop. Dêr sit masterske ek yn mei har snúfnoas, dy wol Kei graach oan har âldste dochter hawwe dy dêr by de slotboer wennet, dy grutte swarte mei har rammenoas, dy hja fan dy âlde swarte generaal het, dêr myn man onder tsjinne het. Dy seit altyd dat se him liket oft se him út de bek stapt is. Dêr het se noch twa fan. Dat reau, o wee as ik wer ris by master kom, 'k sil him heuvelje dat him de broek oan 't gat trillet.’ En doe
| |
| |
begûnen hja allegearre te laaitsjen, en de frede waard wer sletten.
‘Toe, jaan in healpûn s'k'rei, in fearn kofje, 'n stoer kakynjes,’ sei Aal. ‘Jaan 'er har mar in koeke by,’ sei Kei, ‘ik sil de boel wol betelje.’ Tryn stalt it sawat op. ‘Donder, no bin 'k 'erút,’ sei Aal, ‘tankje boer, folle geloks jimme dan hear.’
Mar master seach raar op dat Kei en Doet de sneins roppen waarden.
|
|