| |
Dominy Hollema en Reid Jeltes
I
Hoe hangt hier toch die schuur zo naar,
Mag ik dat wel eens weten?
Dy fraach, mynhear, dy is wat raar,
Dy taast my op 't geweten.
Hoe! had ik dat geweten, vriend,
Ik weet dat niemand is gediend
Met scherpte, wrok of onbescheid.
O nee mynhear, dat is oars neat,
Jy meie it heel wol sizze.
Hâld jy mei smeulen hjir mar feart,
Ik moat dochs onderlizze.
Want as ús lânhearre makker wie,
Dat dizze skuorre hjir net stie,
Dy soe hjir net mear bliuwe.
Mar 'k wenje dochs jit al sa goed,
De kokjitte rûkt wol tsjoed,
't Is by majoarsk' oars opperbêst,
Ik mocht 'er heel wol wêze,
Mar 't is dochs in besletten nêst.
Nee hear, dat wie myn libben net.-
Jy smeule op myn skuorre:
Ik sit gefangen efter 't sket,
Gij spreekt de zuiv're waarheid hier,
Deez' eenzaamheid past mij geen zier
En 't is nu toch mijn deel.
Dat deel part' jy jesels hjir ta,
Jy kin 't wol better krije.
Jy moatt' in leaf jong wyfke ha,
Us âld pastoarske het der ien,
It libbet, wat 'eroan is.
No wyt je wol wa dat ik mien,
Ja, trouwen heeft toch ook wat in,
Dat mag men wel betrachten.
Men krijgt dan ook een huisgezin,
En kinders vaak bij vrachten.
De geest'lijkheid, gelooft mij vrij,
Want komt men in een pastorij,
't Is of 't er kinders regent.
De traktementen zijn niet rijk
En groot zijn Neerlands lasten.
En ik ben heel onkatholiek,
Ik hou niet van de vasten.
Hoarris dominy, jy hawwe wol tsien wurden, tsjin dat ik ien ha; mar jy moatte 'er mar om tinke lykas ik, doe ik dit rymke makke, ear'n doe ús Jelte brullofte.
Wat is in wyfke nei it sin in wille boppe mjitten.
Dy't sawat het, dy giet net yn 't fjild te fiskjen of te sjitten,
Mar thús by 't wyfke oan 'e hurd de lea wat út te swoegen
En by in waarm knappend fjoer in swiete piip te sûgen.
Hy giet net út yn 't wide fjild, om dêr him te fermeitsjen,
| |
| |
Mar jûns as 't wyfke spint en wrot de berntsjes te beweitsjen,
Of as dat folkje is op bêd, en 't lytste yn 'e glûpe,
Dan kin hy mei it wyfke wolris nei de Buorren slûpe;
En sitte dêr yn 't moaie waar foardoar wat út te rêsten:
O, dan ferjit hy by syn wiif de dei mei al syn lêsten.
Dêr praat men dan oer alle ding, oer 't nije en oer 't âlde,
Oer master en oer dominy, en wa hast moat nei d' Wâlde.
En wurdt de jûn him al te kâld en is de loft fol stjerren,
Dan is it: ‘Goeden jûn, myn folk, it wiif wol op 'e fearren.’
En krûpt er dan syn wyfke oan, dat mei ik net beskriuwe,
Dy soks terjochte witte wol, dy moat it sels mar priuwe.
En brekt moarnsier de sinne wer troch dau en wolken hinne,
Dan seit er 't wyfke goeden moarn, en 't deiwurk sil begjinne.
Dan tsjocht er wer mei sûne lea en goede moed te fjilde
En tinkt: ‘It is foar wiif en bern, dat mei de hûd ontjilde.’
Al is it wurk sims wat te swier, al moat er wakker bodzje,
Hy tinkt: ‘Myn wiif is ek net loai, dy sil 't ek net ferdodzje.’
Al is er jûns dan wol wat wurch, al kin er 't ark pas tille,
Dan is it swiet by wiif en bern, o wille boppe wille.
Wat is it hûsrie tsjep en twang, de berntsjes knap en trinten;
Net ryk, mar heel en skjin, myn freon, giet boppe lint en flinten.
Nin spjeld ferroastelt oer 'e flier, nin kromke fan it iten,
En altyd is it har genôch, of binn' 't ek smelle biten.
En leiste dan ris siik en swak mei pyn' en wee te kampen,
Dan hest in wyfke foar dyn bêd, dy treast dy yn dyn rampen.
Wat fljocht se dan foar dy rûnom, wat sprekt se sêfte klanken.
Dat helpt en treast dy folle mear, as fyftich doktersdranken.
En komt de âlde dei dan oan, as 't hert nei rêste higet,
En 't wyfke mei dy nei 't grêf, 't koele grêf ta siget,
Dan rint 'er jit in trien foar dy en foar dyn wyfke hinne,
En alle berntsjes winskje dan dat s' yn it libben binne.
Wat is in âlde feint dêrby dan net in earme stakker;
Hy libbet as in izegrim, is sonder freon of makker.
Hy goarret al syn libben lang foar nichten en foar neven,
En sit faak onder 't parlemint fan âlde lilke teven.
Dat rijmpje staat mij bijster aan
Daar zit wat heerlijks in;
Ach, mocht het mij nog ook zo gaan,
Dan had ik eerst mijn zin.
Pastoarske, man dat sis ik jy,
Soe 'k dij no net belêze?
In famke as in simmerroas,
Sa blank, sa blij fan wêzen,
Dêr heite blierens, memme deugd
Fan beide op is te lêzen.
No dominy, tataaste hear, jo hoeve gjin buordsjes foar 'e skinen; it famke het gâns wyt yn de eagen en pastoarske is fanâlds noch jit al dominyseftich. Mar sêft oankomme en de rok wierje, dat 'er de kachellucht watte ôfgiet, hear!
Goed, ik zal het doen boer.
| |
| |
| |
II
Wel, hoe is 't by pastoarske gien?
Wel, woe s' 'er wol fan hearre?
Hja is watt' wiis, hja het mar ien,
Hoe is 't? Dochs net mislearre?
Och boer, niet met de deur in 't huis,
Kom eerst ons wat verzonnen.
Dat vrijen is een bitter kruis,
Och! was ik 't nooit begonnen.
Wat prate jy hjir fan it frijen,
O, kaam dy gouden sneintejûne,
De wrâld wie net te wiid.
Ik gau myn sarjes rokje oan,
Dat koe jit frijen hjitte.
Ik teach 'er as in liuw op ta,
Troch modder, weaze en wiette.
Dan sloep ik stiltsjes op it hiem,
Myn leaf stoe efter 't hea.
Dat earste tútsje, o mynhear,
Dat gong my troch 'e lea. -
Mar 'k sjen 't wol oan ús dominy,
Ien smeet dy haww' se altyd frij,
In swarte rok, in gled gesicht,
It praat dat falt har meastal licht,
Men pronkt, men loopt en drijft en doet
Een huis vol zwarigheden,
Er dient in 't vrijen veel gedaan,
Maar nog veel meer gemeden.
No, is 't no segen mei de priis,
Of kin 't jit net goed lije?
Of wie it famke wat te wiis,
Ik soe 't mar net ferswije.
Hier onder vrienden weggesproken,
Kom, laat ons hier een pijpje roken,
De papegaai dy is dan sketten,
En wannear wurdt dat houlik sletten,
Wij zijn al druk aan 't repareren,
Dat houdt nog heel wat in,
En bruidje maakt al nieuwe kleren,
Mei ik dan ek te brulloft komme?
Dan sil ik ek in winsk opbromme,
En smarre fiks myn maach.
En dat op rijm? Sa dominy it belyft, dat wit je.
| |
III
In libben as in foarjiersdei
Net al te wreed, net al te soel,
De sinne moarnsier yn it bêd,
Dy sinneskyn is 't leafdefjoer,
En moaie blomkes yn de tún,
Bliuw altyd ek nei liif en siel
De fûgels sjonge yn de loft
Ut leafde en tankb're nocht:
Bliuw fleurich, tankber yn 't gelok
As 't leave ljurkje docht.
Mar komt 'er faak in wrede bui,
It foarjier is soms stoef,
Krûp dan eltsoarren tige oan,
Want rinne twa dan fan eltsoar,
Hja kibje, en jane eltsoar de skuld,
| |
| |
En is it foarjier dan te'n ein,
Tink dan mei freugde en tankberheid
Sjen yn de blomkes fan 'e trou
Yn bern as molk' en bloed,
De blomkes fan it foarjier wer,
Onskuldich, leaf en goed.
En komt de feale hjerst tenei
Dan winskje ik dat gesondheid jit
Sjen dan it hele libben oer,
Wês tankber foar it goed,
Wês lijdsaam yn it ongelok,
|
|