Master Doede fan Terbant is komd
Hy jout rie foar hynzers, kij, bargen en skiep, hearen en juffers, jonge fammen en âlde wiven, foar lju dy mei in lege pong rinne of mei 't ferstân op 'e rin binne; ferkeapet gurlen foar 't boarsten, jout guod foar rude en oare jokte, foar sneed yn 'e hân en oar sear. Master ferbiedt plokhierjen en al krige immen in sneed, hy moat net werom snije. Master riedt de lju om mei de pong en 't liif te rie te gean, want as dy dingen oerstjoer binne, dan is 't net bêst, foar 't earste moat goarre en puchele wurde, en it is net moai as de ierdap-