Fammen hâlde fan it trouwen
Fammen hâlde fan it trouwen,
Dat is jimmer sa al west.
Sjoch, dan wurde it dochs frouwen,
Mar it eintsje draacht de lêst.
Feinten wolle ek ris boartsje
Foar in fearnsjier boaske Hoatse,
Ei, wie 'k 'er mar wer ou.
Earst wie ik in boereboade,
Jakjes nei de lêste moade
Earst wie ik in boerefeintsje,
'k Hie in soldatebroekje oan,
Mar de pong dy wie al nei Heintsje,
En it sin ek skjin ferdoarn.
Ei, hie ik dochs mar blau.
't Jild dat waard sims soer fertsjinne
Foar de ien' of oare poep.
Ik koe mei keale bontsjes rinne,
As hy mei 't jild nei hûs ta sloep.
Ei, hie 'k dat jildsje no.
En ik heakkele sims jitte
Iensum stie 'k yn kjeld en wiette
En 'k ferswierd' it efterien.
Ei, hie 'k dat heakkellean no.
Fammen, wês net al te rimpen,
Trou foaral net om 'e nocht.
'k Sis it net om te beskimpen,
Mar ik tink it wol oprjocht.
Jaan sims ek mar ris blau.
Feinten, dy ris boaskje wolle,
Tink, it fammeflêsk is weak.
Rin net mei in losse holle
gabe skroar
|
|