Us Gysbertomme
Oprjochte lânslju, rûne freonen!
Nuver sil it jimme talykje dat in simpel lânbarbier, in pisbeloaitser út it Leechlân, hjir komt, om master Gysbert fan Boalsert mei út it grêf te helpen. It folkje fan ús gild het de namme oars dat se folle yn 'e dobbe bringe, dat wyt ik ek wol.
Mar ik kom hjir as kurator yn 'e boel fan Gabe skroar, dy grutte biis dy jimme ek meastal kenne út syn rymkes en sankjes. Dy Gabe wie út it laach fan Gysbertom en in grut freon fan de man. Ik wyt wol dat er it soms bot sizze koe, mar hy miende it oars sa tsjoed net: dy de mûle altyd ynriuwt, kin nin kwea freonen meitsje, mar ek net folle goede. Yn syn âlde lapekoer haw ik jit ek in rymke op Gysbertom lizzen fûn. It seit net onfoege folle, mar hy het it makke, krekt doe er in brêgemansrok foar 'e bysitterssoan makke.
Dêrom kin 't wol wêze dat folle fan jimme sizze sille: heite, wiest mar op 'e pôle bleaun by de skiere ieltsjes mei dyn lapen. Mar sokke lju kin ik jit al treaste, as ik har sis dat 't in lyts rymke is, en sa rjocht en sljocht as Sinte Piters foarbroek. Dêrom sil 'k it bledsje mar ris omteare.
Yn 't âlde Boalsert stil en from
Dêr wenne alear ús Gysbertom
En tsjinne skoalle en tsjerke.
Hy rûn ek mei de hânplak om
It folkje wie doe jit te dom
Om sonder stryps te learen.
Men draaide doe de berntsjes jit
It goede kaam 'eryn mei swit,
It tsjoede 'erút mei pleagen.
Dat rêd is noflik foar 'e bern,
Mar mannich wurdt 'er dûz'lich fan
Licht die de man 't ek mar út need.
Sa'n holle fan in grut poëet,
Dy kin soms nuver krolle.
It wie oars hiel syn wurkje net
Dêr mei dy bern te tsjouwen;
Mar freonen! dy net docht, net het,
Hy hie oars neat te knauwen.
Want sjoch, hoe dom it folk ek wie
Hja gongen mei de pong te rie
En libben dochs yn earen.
Och! fan dy skrokke rymlerij
Soe him de pong net dije;
De grutste baas yn poëzij
Moat soms wol honger lije.
De man, as hy 'er him nei joech,
Soe, leau ik, neat ontkomme;
Hy droech in hert, dat wakker sloech
Foar 't goede en it fromme.
Hoe 't mei de stedljus berntsjes gong,
Ek hoe er yn 'e tsjerke song,
Soks kin ik net fertelle.
Faak hie de man ek wol syn nocht
Dan sprong it bôchje út 'e bocht
Om rymkes op te skriuwen.
O! mannich rymke het er jûn
Sa as 'er nin mear komme.
Dy âlde ear foar Fryslâns grûn
Mei Boalsert heech op romme.
Al watte er sei, al watte er skreau,
Rûn noait net út 'e kinken;
Hy wie nin freon fan lûd gekreau
Of fan oerdwealske flinken.