Hjir is in krintebôle
Krysttyd in swiet stikje fan.
Wurdige freon!
Alle wiken nei stêd ta te gean, en dan mar by de preker oan te rinnen en dêr dan in tige swiet rûn liif te iten oan allerleie nuvere stedljus kôkerije, is wrammels wier te bot: - sa tocht ik by mysels doe ik langlêsten jitte by jimme te fiskiten wie, dy my sa dikers swiet smakke. En no rûn it dan sawat nei krysttyd ta, dan stjoert men de ljuwe wolris in fette goes, of einefûgels of smjunten of slobben of tjillingen of oare tyskerije, mar dat guod is tsjinwur'ch wakkere meager en toar, dat komt mei dat droege jier moatte je wite, dominy, no het dat spul net dije wold. En soe ik jo no fan ús dokters kjitte jaan, dat koe ek net, want sok guod jout men oan sike ljuwe, en dat guod smakket ek neat, dat wyt jimme grutte jonge wol, dy het ommers it doktersspul ek by de hân fette. ‘Ik wyt better rie,’ sei ús Binnert dy no bakkersbaas te Grou is, ‘ik sil dominy in tige swiet krystwich bakke, dat sil de lju better smeitsje as dyn doktersknoeierije.’ Ik sei: ‘Feint, dan moatste de ljuwe ek mar in tige wich bakke, want hju hawwe dêr twa grutte opsketten skoalfeinten fan Frjentsjer krige, dy kinne elk in skoan stik op, dy komme altyd mei de honger yn de hals fan de master.’ Us Binnert syn wiif sei: ‘Do moatst him ek swiet bakke, want de ljuwe binne menist.’
Of er jimme swieternôch is, wyt ik net, ik hoopje fan ja! As er lytse Tsjalling mar goed smakket, dan mei it jitte hinnebruie; dat de jonge 'er goed fan dije mei, winske ik, want hy het it jitte noadich, hy moat 'er fan waaksje en groeie. En stiet er jimme net oan, dan moatte jimme de geunst foar de gave nimme.
De groetenis fan ús folk oan dominy en pastoarske en ek oan it oare folk.
Jimme tsjinstwurdige
Dokter Eeltsje