Grouster freonen!
Wy hawwe hjir te Grou lange jierren in jierstûne hâlden, mei namme it Sosiëteitsfeest. Dat begûn ornaris sa. Dy in freon fan in spultsje wie, sette him del by de Frânske bibel fan 32 blêden, of in oar dy boarte mei lytse bonkjes dy út koweskrinkels makke wurde. Dit boartsjen hjit men domino. It kin my net skele hoe jimme dizze twa dingen neame wolle, mar ik en gjin minske het 'er oait lêst fan hân, en dêrom sis ik: hâld fol. In oare part fan 't Grouster folkje drinkt in sûpke en praat oer koaning en Oranje, krekt oft er sels mei yn de rie siet. Ek al wer goed! Mits as de praatsjes hjir bliuwe, dat 'er nin kwea bloed oer set wurdt, en as it mar by sizzen bliuwt.
Mar freonen, de lêste jierstûne het my min foldien. Jimme hawwe lilk op eltsoar west, ja, sels soms fjoerslach deiles. Is dit boargerlik? Op oare jierren dronk men in goe' slok, men prate, men song, men smookte dat men 'er trije nachten fan stonk by 't wiif op bêd, men friet rammenas dat it jin yn de kiel hearde, men waard soms skeef en wanich yn de hûd, men loek eltsoar de huodden fan de kop, de kastlein krige syn nocht wolris, omdat men mear mei kaarten as mei sinten oer de Sosiëteit keilde, mar de Grouster freonen gongen as freonen nei hûs. Dit is de lêste kear sa net west en dat muoit my danich. De Grouster ljuwe wurdt altyd de eare neijûn dat se har tjirje kinne as gekken, dat se mei eigen hannen en fuotten boartsje kinne, dat se jûns poerrazend lykje op eltsoar en dat se de oare moarns as gnappe ljuwe mei-eltsoar hannelje en wannelje.
Dêrom freonen, woe ik jimme dit wurdsje sizze: hâld de freonskip geande, en tsier net oars as oer dingen dy net op ús Sosiëteit thúshearre. Ik wyt wol, de wrâld bestiet net sonder kriich, mar wy komme hjir net om ús fan de iene sile yn de oare te bejaan, mar om