Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Soe ik net in wurdsje sizze Soe ik net in wurdsje sizze Op sa'n grutten feest, Ik foar oaren onder lizze? Ik rym'le as in beest? Nee, ik kin ek wol net swije, Ik bin poëet mei hûd en hier. Ik kin al folle sarjen lije, Mar sok ding leit my swier. Dêrom sil ik dan mar prate As in freon by freonen docht. Nimmen sil my dêrom hate, Want it giet út nocht. Wêr sjocht men oait in Sosiëteit As hjir te Grou ien is? Men heart 'er nin brutaliteit, Al is men soms wat mis. Wêr heart men minder krimmenearjen As hjir yn dizze kring? Men heart se wolris hakketearjen Oer 't ien of 't oare ding, Men heart s' oars wol swetsen, tsieren, Of 't duvels reine sil. Dat is nin Grouster-lju's manieren, Hjir sjocht men noait sok spul. [pagina 499] [p. 499] Men drinkt 'er wol in aardich graantsje, Mar noait it liif te lêst. Mar dominyen is in baantsje, Dat giet mei fjoer en geest; Dan sjocht men wolris falkeëagen, Ja, blikken fan in held, Krekt of s' 'er tûzenen oan weagen, Sa sitte se bekneld. Men heart se grutte wurden sprekken Fan Jochem mei syn maat, En bliuwt 'er ien yn 't spyljen stekken, Dy wurdt hast desperaat. Dy smyt dan kneppels foar de skinen, Dy bringt in oar yn 't nau. Dy trommet d' oar op hûd en sinen, Mar nimmen wurdt 'er blau. Dan sit it wer ris as in muorre, In oar dy levert stof, Dy sil 'er wer in reach út skuorre, In tredde spilet slof. In oar dy sjocht men krantelêzen Oer 't nijs fan 't Turkse ryk En hoe dat folkje har begerze Mei 't moardzjen fan de Gryk. En wat 'er no en dan wurdt sprutsen Troch de Steaten Generaal, En wa't de loaie line lutsen Of 't lân bringt yn 'e wiel. Koartom, wy libje hjir yn frede, Yn freonskip as it heart, En it bestjoer het selden rede Ta 't brûken fan de wet. En wêrom soe men hjir net komme, 't Is thús ek altyd net Om altyd by de hurd te brommen, Mei frou Gardée beset. Of dy dan deis te fyljen sit, Of nacht en dei moat prakkesearje, Of oan de saach of bile swit, Dy kin him hjir ris divertearje. Dêrom, myn freonen, lit ús fierje De freugd fan sa'n gelok, En elk in stikje koeke flierje Mei kofje en in slok: Dat jout in fêsten fûndamint Oan 't Sosiëteitsgebou. De direkteur dy hat wol splint, Want ús fiskaal wie nau. En mocht dit jier lykas it oar Ek wer te'n einde rinne, Dan winsk ik dat wy by eltsoar Wer sûn en frolik binne. Vorige Volgende