| |
| |
| |
Neirisping
| |
| |
| |
| |
| |
Mâlichheid by de brulloft
Fan myn broer Binnert Halbertsma
'Er stiet op Fryslâns grûn in doarp
Fan trettjin hondert sielen,
Wêrom de Pikmar en de Grou
En yn dat doarp is ek in plein,
Dat sy de Buorren hjitte,
Oan d' iene side mei wat lân,
Oan d' oare 'n luzestrjitte.
Mar by it eastein fan dat plein
Dêr stiet in hûs twa-trije,
Wêrfan it noardlikst okkerdeis
In swier ferlies moast lije.
Dêr wenn' in famke jong en fiks,
Sy, Metten Oeges ienichst bern
Sy wie moai rizich fan postuer,
Heel net ien fan dy proppen,
Dy men op oaljekannen wol
Gebrûke kin foar stoppen.
'Er siet in gnappe holle op,
Sa skalkich blier oanseagen.
Koartswilich wie sy yn har praat
Moast sizze dat s' 'n bulte hie
Fan Tsjalk-oms nuv're setten.
Dizz' jonge blom fan achttjin jier,
Op Grouster grûn ontlûke,
Wie 't wonder dat de frijers der
Soms wol oan woenen rûke?
Wie 't wonder dat dit ienichst pear
Fan heit en mem dy al har hoop
'Er kaam gjin frijer, of de frees
Dat sy in man betrouwe soe,
Ta har fertriet en smerte.
Gelokkich kaam 'er dochs in feint,
Dy wie nei hert en winske,
Hoewol fan Hidde bakkers laach,
In from bestindich minske.
Hy skaaide fan syn bruorren út;
Dy har troch flinken en mâl praat
Baas Binnert wie fan soks net thús,
Mar past' op syn affearen,
En joech troch syn ynbânichheid
Hy kniep de boltsjes foar de kost,
Oan 't westein fan de Buorren,
En komme'dearre in bataljon
Fan rinners mei de kuorren.
Al twa jier hie er dat sa dreaun,
Mei faam en feint allinne,
Dat him in huselik toaniel
Brocht yn ferleafde sinnen.
Lêst naam syn faam ta tiidferdriuw
In jonge feint by har op bêd
Dêr sy in bult fan hâlde.
Lei baas as wekker yn de nacht,
Dan wie dit pear oan 't pappen,
Sadat by troch it âlde hûs
De tútsjes hearde klappen.
Hy hearde mear, want by dit spul
Dêr lieten s' 't net by steekje,
Baas Binnert hearde klear en bliid
Doe sei dy Josep yn himsels:
Wat is in minsk' allinne?
Myn faam dy boartet mei har man,
Ik moat hjir klomje en stinne.
Ik, earme wrotter, moat myn treast
En dizze sline wat har lêst
Folop út memke Fenno's spiene.
| |
| |
Dat is te hurd foar myn jong bloed,
't Sil sa net langer wêze!
Ik flean 'erút om hjir of dêr
De moarn briek oan, de dei ferrûn,
De sinne doek yn 't westen.
En Binnert fûn noch oan de jûn
Dat fûn hy by de leave faam,
Dêr 'k niis fan kaam te sizzen,
En wol je witt' op wat manier,
Myn leave, sa spriek hy se oan,
Baas Binnert wie it boekje kwyt
En moast him wat betinke.
Doe fard' er fuort: myn leave skat,
Der leit my wat op 't herte.
Ik kin 't net kropje, 't moat 'erút,
Of 'k stjer fan minnesmerte.
Myn leave Hinke, 'k ha dy leaf,
Noch leaver as myn eagen.
Ik gean foar dy troch fjoer en swurd,
Troch stoarm en tongerfleagen.
Wurd ik gewaar, moat ik oansjen,
Dan is it grêf de neare went,
Dysto oan Binnert jouste.
Mar is dyn hân en hert foar my,
Myn goud'ne Hinke, wurd myn wiif,
Wat sille wy swiet libje,
Wy sille tútsje nachts en deis
En noait net gnoarje of kibje.
Wurd ik dyn man, dan lânste oan
Ik sels, myn broers, wy binne in folk
Ik ha yn 't oaljekoekelân
De âldste fan myn bruorren;
Dy preket alle sneinen braaf
Drukt jo dan ienich sielsbeswier
En lit je 't kopstik hingje,
Of wurd je fyn en wol je dan
Broer Joast is daadlik ta je tsjinst,
En bringt je oan de sinnen
Dat goede wurken better goed
Te Leiden giet myn jongste broer
Tsjinwur'ch op 't minskeslachtsjen;
Ha jo him noadich foar in kwaal,
Hy lit je noait net wachtsje.
Begjint jo soms it onderliif
Troch ongear brea te winen,
Us Eeltsje set j' in sêft klistear,
En krij je by it pine yn 't liif
Us Eeltsje lûkt de kies 'erút
En draait je yn pleats in kûle.
Mar bin je sûn en lêst je wat,
Kom dan by my, de bakker.
Yt boltsjes, poffen, wat je b'leaft
Of bin je mei jongwivelust,
Dan bak ik foar myn leafke,
Al wie 't yn 't holste fan de nacht,
Dit alles en noch helte mear
Hy spriek fan alle leaflikheid
Sy sloech it each beskamme del
En koe gjin wurd útbringe,
De feint begûn har onderwyl
Wat neier oan te kringen.
Mar doe se eind'lik wat bekaam,
Sa kniep s' him yn de hannen
En sei: Gjinien bekoart my sa
| |
| |
En soe ik dy, myn bêste skat,
Nee, Binnert, dat kin Hinke net
Fan har goed hert ferkrije.
Dêr is myn hân, ik wurd dyn wiif
En sil noait fan dy skiede
Foardat de deaklok gromt en bromt
En my ropt onder d' ierde.
Mar, bêste jonge, hest my leaf,
Lit dan noait fan dy hearre.
Dat Hinke yn har prilste jeugd
Troch Binnerts skuld moast stjerre.
Ik ha hjir daagliks foar myn each
Sjoch hoe hy linet efteroer,
Litsto him stean, dan doar ik noait
Want hy sil d' iene tiid of d' oar
En as it jong oerflapte pear
Dan waard te grús teplett're,
Hoe soene dat ús heit en mem
Oait út har sinnen sette?
Hâld jo mar stil, sei Binnert doe,
De dea, no Hinke by my komt,
Ik set in nije yn de pleats
Dat noait de swiere boppelêst
Sil sakje troch de ramen.
Kom do mar feilich yn myn hûs,
Gjin gevel noch gjin stoepe
Kin ploffe op je holle del,
As j' yn de fearren krûpe.
Mar of 'er dêr dan net wat oars
Dat waarm, swier en fleizich is,
Dêr doar ik net fan klappe.
Mar wês net bang, myn leave pop,
Jo sill' 'er net fan stjerre,
Jo mem dy is 'er net fan stoarn,
't Sil jo ek net bedjerre.
Dêrmei doe wie de knotte fêst,
Noch fêster as in muorre.
En neat koe yn de wide wrâld
Dit pear fan elkoar skuorre.
Allinne koe de âldermacht
't Pear gong dus daalk om heit en mem
Oer 't houwelik te sprekken.
Baas Metten sei: ik stean it ta,
Do kinst myn dochter krije.
Ik leau, it is in spultsje, feint,
Dat sil dy heel wol flije.
It is in spylwurk sa it heart,
En ek it ienichst yn syn soart,
Mei trouwe help fan Bakke.
Dus hâld it as in pronkstik, freon,
Yn grutte weard' en eare,
En lit dy troch in âlde baas
It wol fan sels net rinne.
Mar net te rimpen, noch te hurd,
Dêr kinste neat mei winne.
Wynsto it tydliks langsum op,
Dan kin er neat bedjerre,
En oars is 't kaike gau te'n ein
En 't wurk moat reparearre.
Baas Metten hie syn reden út,
Doe wie de beurt oan Bakke.
Ik, sei se, haw 'er neat op tsjin,
Lit Binnert har mar pakke.
Hien' jo 't net west, myn leave freon,
Net graach woe ik it lije.
Mar sokken brave stille feint
Kin har wol fan my krije.
Dy haw ik wol foar Binnert oer,
Net foar in lompe kinkel.
| |
| |
Mar man, it is wat lang fan stik,
'Er falt wat oan te naaien,
Jo moatte 'r mei de nille by,
As soen' j' 'er ek fan blaaie.
Mar deugdsaam is it yn 't gebrûk,
En 't sil je noait berouwe,
Dat jo oan doek, troch Bakke
Spûn, jo hele liif betrouwe.
Doe wien' de jongeljuwe klear,
En foar it Grou koe tinke,
Wie Hinke Kupers Binnerts breid,
Striek Binnert op mei Hinke.
|
|