en har fertille oan flêskfetten, alles fan it jild fan de earme minsken, dy se oplichte hawwe, dat binne mar wysjewasjes by dy hearen.
Dêr fersjit wrychtich al wer in stjerre! Dy is noch wol helte grutter as de earste! Ja, mannen, mar no is 't noch ek wol helte briker; want de measte earlike ljuwe, dy noch net stellen hawwe, prate net allinne, mar hannelje en wannelje mei dy skelmen en bankerottiers krekt as 'er noait nin stek oan los west is. Dat wol nei it dom begryp fan Don Antonio de Magino sizze dat dy earlike ljuwe allehiel nin bien mear yn in bankerot fine, en dat se ek mei in tontsje twa striken gean sille, sa gau as se mar in bytsje yn 'e knipe komme. As ien fan jimme oer hondert jier noch libbet, dy moat him foaral en believen foar de neikomlingen fan dy earlike ljuwe wachtsje, en de beide hannen deun op syn horloazjebûske hâlde, as er nêst har yn 'e tsjerke sit.
Mannen, mannen! Sjenne jimme it wol? Dêr barnt in grut fjoer oan de himel tichteby de weeghschaele. Wat sille wy no ha? Kom, Antonio sil it fiergesicht ris úthelje; dat lûkt danich oan. It liket wol in bakker, dy brea yn 'e ûn sjit. Nee, nee! Don Antonio de Magino sjocht it al, freonen! In party binne grutte skelmen wurden: de earlike ljuwe skouderje de skelmen net, mar achtenearje se allikegoed as ien, dy altyd from en earlik betelle wat er skuldich wie. Minsken, minsken! no is 't allegearre tsjêf (kaf) wurden, en dat tsjêf barne se dêrboppe. Mar stil ris! Soe dat wol wier wêze? Kinne it ek smoarge pipen wêze, dy't se útbarne om 'er neierhân krekt as nije wer út te smoken? Nee, nee! Don Antonio de Magino het it wol goed sjoen. It wurdt net út-barnd, mar fer-barnd; it is tsjêf. ‘Yn 'n ûn mar!’ roppe se dêrboppe. Sjen ris, minsken! It is in griis en 'n grouwel. De blauwe lôge en de fonken fleane 'ernei troch de hege himel.
Nota bene. De skealjen, dy oan 'e himel hingje, en dêr it grutte himeleach oer en troch giet, dat binne skealjen fan de suvere rjuchtfeardichheid. Dêr wurdt it yn 't ein allegearre yn woegen, Don Antonio de Magino ek. Meitsje mar, dat jimme wicht hâlde kinne.