Japik Ingberts
Jimme kenne him ommers wol, net? dy grutte prefester yn 't stellen yn ús pake-en-har tiden? No, Japik Ingberts het ris in fyt útrjuchte, dy moat ik jimme wol 'is ferhelje.
Japik wenne tuske in boer en in moolder yn, dy deilis waarden oer in ko, en dat gong by 't bruien ôf. Lang stunen se; mar de tiid, dy alles slyt, sliet har kwestje ek út, en iender's, doe se beide yn 'e herberge sieten, kaam Japik 'er mei in slingerslach tuske beide en makke de frede. De boer wie 'er sa mei op 't skik, dat er de moolder aanstons de oare deis te gast noade op twa einfûgels, dy't er krekt sketten hie. Japik soe se briede; want dy koe koaitse en stelle fan beiden. De oare moarns sloech de klok middei, en noch wie de moolder 'er net. ‘Soe er 't ek ferjitte?’ sei de boer. ‘Kom, ik sil him mar gau helje.’ Sa as de boer út de doar wie brocht Japik de twa einfûgels by in pear drege poepen yn 'e skuorrereed, dy de bistkes yn in amerij behimmelen. Mei't de einfûgels op wiene kaam de boer wer en sei: ‘Set it iten mar op, de moolder komt al.’ Mei-ien begûn de boer de messen op 'e hoeke fan 'e muorre te slypjen, en Japik gong nei efteren; mar yn pleats fan de fûgels wer út de termen fan de poepen te heljen gong er de moolder temjitte, en sei tsjin him: ‘De divel, maat, wat het de boer it bryk mei dy foar. Do biste in goe' freon fan my, dêrom sis ik it dy; mar hy wol dy de beide earen fan de kop snije. Hark mar! dêr slypt er 't mês al.’ ‘Dy loebes!’ sei de moolder, ‘Woe er my sa betrekke? No wyt ik wat dy freonskip betsjut.’ En dy mei-ien op 'e haal wer nei syn mole ta. Doe Japik aanstons nei de boer, dy't nochal stie te mêsslypjen en him frege: ‘Heste de fûgels net?’ ‘Wel,’ sei Japik, ‘dat is in nuvere gast dy moolder. Hy komt de doar yn, skuort my de panne mei einfûgels út 'e hannen en rint 'ermei fuort.’ ‘Dêr sil him de divel foar helje!’ sei de boer, ‘ik moat 'er dochs ek ien fan
ha.’ En de boer sa mei it blanke mês yn 'e hân en de bleate kop de finne út, en de moolder efternei, rinste net sa heste net. ‘Ien! ien!’ gûlde er him nei sa lûd as er koe, ‘ien mar! d' oare silste hâlde.’ Mar de moolder, dy 't mês seach, miende dat de boer it op 'n akkoart smite woe en mar ien fan syn earen hawwe woe; dêrom spile er hakken op, en sa krigen se allebeide nin byt.