Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Batthyany's dea (Ut de oarloch fan Eastenryk jin Hongarije) 1849 Hongarijes eed'le lieder, Batthyany is no wei; Krûd en lead fan kroande boalen Naam him fan dizze ierde wei. Rôf kaam by de moarderije, En men stiel syn skatten ek; 't Earst geslacht fan Hongarije, Moast jit oan de biddelsek. Magyaarske dapp're helden Fochten Hongarije frij; Eastenryk syn rôfkroäten Sloegen en ferjagen sy. No kaam Ruslân mei syn benden Ut it rûge noarden op, Om it folkenrjucht te skenden Mei de kûgel, mei de strop. Wat net fluchte koe, moast stjerre, Want genade wie 'er net; Mar de sultan fan Turkije Toande jit in minsklik hert. Kristenboalen moatte leare Deugd en edelmoedichheid Fan in Turk, in man mei eare: Skande foar de kristenheid! Batthyany is fermoarde Foar de frijheid fan syn ryk; Hongarije is ferplett're, Frijheidsstander leit yn 't slyk. Heal Europa is fol woede Om it yslik grouwelstik; Mar de wraak komt mei syn roede: Trilje dan, tirannen, skrik! Ienris sil dy dei oanbrekke, As in swarte tongerwolk; Dan sil hiel Euroop opkomme Foar it eed'le Ongersfolk. Ja, fandaalske tirannije! Tink net dat de wraak ferjit; De eed'le deaden, ja dy swije, Mar har geast dy libbet jit. Libbet! edele Hongaren! Spriedt him hiel it ierdryk oer, Fier oer de Atlantis hinne As in helder, heilich fjoer. Hoopje, o Ongersman en Poalen! Jitte is it tsjust're nacht: Leit de frijheid no ferhoalen, Ienris komt se onferwacht'! Grou, 2 novimber 1849 e.h. Vorige Volgende