In Skotsk miel
In earme Heechlanner út Skotlân, dy net bêst Ingelsk koe, kaam yn Londen en krige honger. Hy sei oan immen, dy 'er nochal freonlik útseach en him op strjitte mette, wat er brek hie; mar dizze, sonder him nei in bakker te bringen, sei him koartwei, wêrom er net nei in pennycook gong. Pennycook is yn Londen in man, dy de earme minsken foar in bytsje jild in middeimiel klearmakket; in omstik brea, in byt flêsk, in gleske bier, en dêrmei op en hinne. De Heechlanner, dy pennycook net goe' ferstien hie, frege de earste de bêste, as er him nin pennycut wize koe. Omdat to cut yn it Ingelsk knippen en snijen betsjut, miende de man dat de Skot frege nei in man dy skearde of it hier knipte, en wiisde him nei in barbier ta. De Heechlanner tikke oan 'e doar; de barbier docht op, set him del op in skearstoel, jit de bekken fol hjit wetter, makket skom mei in rûne bal fan sjippe, set de bekken foar him op it tafeltsje del, en giet doe de treppen op om it skearmês te heljen. De Heechlanner sette aanstons de bekken oan 'e mûle en slobbere it sjip-