Foeke Sjoerds
My is 'eris ferhelle, ik wyt net as 't wier is, dat
1713 = FOEKE SJOERDS = 1770
ús stoarjeskriuwer Foeke Sjoerds earen in lyts skuonmakkerke te Nijtsjerk wie. Dêre moasten hja in nij skoalmaster hawwe, tsjin santich gûne yn 't jier; want sa grut wie dêre it traktemint. Doe't 'er nimmen op útkaam en de Nijtsjerkster bern lang foar wyld rûn hiene, seinen se, dat baas Foeke de bern wol a-bie leare koe, en sa is Foeke Sjoerds, by brek fan better, skoalmaster te Nijtsjerk wurden. Hy bleau 'er skuonmakker by; onder in steand seil is 't ommers maklik kloetsjen.
Neierhân het er in bulte yn de âlde papieren en stoarjes fan Fryslân omsnúfd, en it safier brocht, dat er mannich goed boek, sawol oer de nije as âlde skiednissen fan ús lân, oan 't ljocht brocht het. Mar hy is net sonder help west.
Nei't my fan âlde lju altiten sein is, moat er in bulte te tankjen hân habbe oan Epo Sjuk fan Burmania, dy't doe boargemaster te Dokkum wie.
No moat ik jimme noch in staaltsje sizze, dêr't jimme de man sawatte út priuwe kinne. Jimme moatte dan witte, dat Foek-omme wie net allinne skoalmaster, mar lykas folle tiden, koster 'erby, en as koster moast er ommers wite as 'er preke wurde soe as net. Ienris, doe't dominy útfanhûs wie, frege in hûsman him, as 'er snein oerdei ek leard wurde soe. ‘Dat wit ik net,’ sei master. ‘As jy it net witte,’ andere de boer noartich, ‘wa moat it dan witte?’ ‘Dêr wurdt al preke,’ sei Foek-omme doe, ‘mar as 'er leard wurde sil, dêr doar ik net foar ynstean.’
Hjirút sjenne jimme dat master in finen sliper wie; hy wie oars wakkere stil en ynbannich, en nei't my sein is, koe er net bêst út de wurden komme.
j.h.h.