Sûn ferstân
Ien fan de soannen fan in Fryske seekaptein, dy watte lamliddich fan skik en klerk by in abbekaat wie, takele him alle dagen as in jonker op. Sa stoe er fan top ta teil yn peaskepronk ienris foar 'e spegel en sei yn himselme: ‘Ik bin flink fan liif en lea; de klean sitte my as se 'er my om getten binne; de fammen hawwe sin oan my, en ik ha jild by de rûs; wat soe in man as ik noch brek hawwe?’ ‘Sûn ferstân, gekke loebes!’ sei syn heit, dy't yn 'e keamer stau, en him in earbân joech, dat er trûzele.
j.h.h.