Grêfskrift
Fan in wynsûper op him selme
Wyn jout libben; foar my wie hja de dea. Nea seach ik de moarnsinne mei in nofteren each. Noch binne myn bonken toarstich. Reizger! besprinkelje myn grêf mei watte drippen reade wyn; stek in romerfol út, en gean dyn wei.
j.h.h.