flesse?’ - ‘Is 't van jou zelfs, boer, of van jouw vrouw?’ fregen se. - ‘It is uzes mei-eltsoar,’ sei ik; ‘parsop, dat ús lânhearre habbe sil.’ - Mei-ien seagen se ús master mei de inketkanne reizgjen; en dêr fleagen se op ta, dat se hast oer eltsoar hinne trûzelen. Bliid dat ik 'erôf wie.
‘Heare, kastleinske,’ sei ik, ‘wat is 'er doch geande yn 'e stêd? Ik bin hjir wolris mei 'e murdefel hinne tein, dat my 'n heal snies smouzen oan 't baitsje hingene, ear ik de stêd troch de mist sjen koe, mar noait ha ik it sa sjoen, as hjoed mei dy flesse, miene se dat de boeren de stêdlju ferjaan wolle? of is 't oars wat? Dat binne dêr no al fiif dy oan dy flesse toarnd ha; wat hâldt dat yn?’ - ‘Ei, dat sil ik je sizze, myn goede man,’ sei it wyfke. ‘Folle nearringen binne slop, en mei dat wiete waar de ierappels djoer, en no de bûter de hele simmer sa goe'keap is, is 't net better. Om koart te gean, wy habbe hjir rom genôch dokters, en dat soe oars wol gean om oan 't brea te kommen, as de molktapers har molke en sûpe ferkoften sa se ried en foer; mar, noed fan har mingers steande, smite se 'er 'n treddepart wetter yn; - no kin lyts en grut it fertarre en krije selden 'n mismiel. Koen' de dokters lykas de lju dy oansteld binne, om de iene d'oare de bûter en tsjiis ta te weagjen, fan beide kanten fan 'e evener wat gnobje, as har traktemint te lyts is om 'er earlik lâns te kommen, dan wie 't wat oars, mar no moatt' se 'eropút, of de stôk yn 'e hals; en dy de lju de kwalen by sekfollen út it wetter oplêze kin, en bêst tefoaren lige doar mei in from gesicht, dy giet 'ermei op. It is 'n bedroefd krús.’ - ‘Ja, mar wyfke,’ sei ik, ‘goede dokters habb' jimme net licht tefolle.’ - ‘Dat sis je wol, man,’ sei se, ‘mar wêr fyn jo se allegearre goed, dêr sa'n keppel binne? D' iene hûn wurdt mei d' oare fûl.’ - In slachter, dy syn healfearntsje dêr naam en 'eris raar mei de grutte bile ynhouwe kin, sei: ‘Ik betrou se bêst; ik ha 'eris mei 'n miel fan 'n âld baarch, dy ik d' oare deis
slachte en yn 't sâlt lein hie, nei 'n dokter west, om ris te sjen, wat er dêrút meitsje soe, en it earst wie: ‘Pas vroeg, man; vier dagen later had het mis weest! De patiënt leit, hee!’ ‘Ja, dokter, as 'n stien.’ ‘Geen eetlust?’ - ‘Nee, dokter.’ - ‘En het andere wil ook niet?’ - ‘Glêd dien, dokter.’ - ‘De tong beslagen?’ - ‘Sa'n minsketonge hab je noait sjoen, dêr is er, dokter’; en dêrmei lei ik de bargetonge op 'e tafel, en spile hakken op.’
t.h.