Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 466]
| |
Minne Jorrits reis nei it Kollumer oproer, yn 1797Laat dwazen om den vorm van 't hoog bewind vrij kampen,
Die 't best gehandhaafd wordt, voorkomt het best 's lands rampen.
Bilderdijk
Lânslju!
It soe lykje kinne, dat ik mei it ferhaal yn dizze blêden alle ferbettering en feroaringe yn de steat fan ús lân as onnedich, ja sels as belaaitsjenswurdich yn it iepenbier tentoanstelle woe. Nee, it is my te dwaan, om ljuwe, dy nediger by har wurk binne, ôf te hâlden fan dingen, dêr hja gjin ferstân fan hawwe; want hja binne dochs meastal te beskouwen as de smid, dy it gleone izer út it fjoer hellet, om mei swier wurk 'er in fatsoen oan te jaan, wylst in loaie mar slimme jonge oan de pûster stiet, om it fjoer oan te treasten. It gemien stiet oan it ambyld en de grutten oan de pûster. De ferkiezingen binne no wat se wêze moatte. De deasliep, dêr it folk tritich jier yn lein het, is oer; 'er is libben yn ús folk komd, en dat is goed. Lit ús hoopje dat itjinge yn oare lannen mei bloed en geweld terjochte komt, hjir yn ús lân mei in sêfte en bedaarde sin yn it libben komme mei. Dêr binne lju genôch yn ús lân, dy graach seagen dat jimme klubs oprjochten, lykas 'er ien yn dit boekje beskreaun stiet, en dy graach seagen, dat jimme de wevers en de skuonmakkers nei Ljouwert stjoerden, om yn de Steaten te sitten, en dat jimme de boeren efter it mjukskret weihellen en yn Den Haach brochten, om it lân mei te bestjoeren, om sadwaande de boel oer de kop te jeien. Wês foarsichtich! spegelje jimme oan de Bataafske republyk! It net fan aristokrasy en fan nepotismus, dêr jimme salang onder beflapt west hawwe, is brutsen; de tsjoele is stikken, mar de simmen wurde jit troch de machtigen fan it lân fêsthâlden. Fiskjes! stek net te fier yn it fjild, de snoeken loere jitte. Friezen! ik bin no griis wurden; ik sucht mei jimme onder de twang fan ferjierre ynstellingen en hege, hege lêsten, mar ik bin jitte deselde as foar trijeëntritich jier, doe ik yn Heidelberch by de Burschenschaft mei fjoer en foarsje song: ‘Und noch regt sich mit Adlers Schwung
Der vaterländ'sche Geist,
Und noch lebt die Begeisterung
Die alle Ketten reisst.’
1851
Minne Jorrits wie in boeresoan, dy yn Goaiïngamieden wenne. Syn âlders wiene bêste, froede ljuwe fan de âlde styl, âld grifformeard en goed prinsgesind. Mar Minne wie troch it krantsjen, dat er folle die as er te Snits kaam, en benammen troch it praat fan Binnert-om, syn memme broer, dy te Drylts wenne, allehelendal omkeard. Want de swimel fan it patriottismus hie him de holle op 'e rin brocht. Hy hearde fan frijkorpsen praten, en no learde er yn it geheim it manuaal mei it gewear fan in âld sersjant, dy te Snits fan syn pensjoen libbe, sa goed as er koe; en om in sûpke te krijen, learde er skermjen en it gewear te hantearjen, of hy snei pluggen en swikjes foar de brouwers en skuonmakkers, of hy stie oan de Houkesleat te angelfiskjen om in soadsje. As Minne dan by him kaam, dan wie Ferdinand - sa hjitte dy âlde Waldecker - yn de wolken; want hy brocht ornaris in stik spek of in timpe tsjiis mei. No, alle grutte en gewichtige dingen begjinne en eindigje mei de flesse. As in minske ommers foar it earst yn de widze, of foar it lêst yn de kiste lein wurdt, de drank wurdt 'er seldsum by fergetten, en sa gong it ek mei de eksersysje fan Ferdinand en Minne. Dêr waard dan jild op 'e tafel smiten, de flesse waard pakt en dan Ferdinand op in hûntsjedraf nei frou Keidel, dy de Toppenhúster boe- | |
[pagina 467]
| |
ren Tryn Skieppetyk neamden, omdat hja sa rûn en sa lyts wie as in boaits. Dan sei Ferdinand altyd: ‘Puerfrauw, keef mij kouw voor sex daiten; die ferflugte rekruten! ik heb taar weer soon tomme poerepringel, die moet ik 't manuaal leren, taar moet un slokje pij.’ ‘Ja,’ sei Tryn, ‘dat skerpt ut boereferstân wat op. Ut faderlân mut ferdedigd wurde, en as ien ut hàr leare kin, dan bin jou ut, buurman, dat weet ik.’ ‘Tat keloof ik, puerfrauw,’ wie it andert doe, ‘wie ich voor jaren meine compagnie exerciren lies, da klopte mir der prins Von Waldeck op de schulder, ont sagte: “Ha, mein braven scherjant, deine kerle exerciren wie die engel im Himmel.”’ Doe waard 'er jit in mingelen yn de flesse getten, en dan waard it manuaal leard, en stapt en laden en swinkt en laden en fjurre, salang as 'er in drip yn de flesse wie, en Minne de posysje net hâlde koe, en de tonge him dûbeld yn de mûle sloech. Mar Ferdinand wie neat oars oan te sjen, as dat syn noas in kleur krige as in blije bellefleur-apel, en dan song dy âlde Waldecker syn gewoan sankje: ‘Es zogen drei regimenter wohl über dem Rhein, etc.’ Trije dagen nei it nije jier fan 1797 stoep Minne wer ta de doar út, en of syn folk it him al ôfrette, of syn mem de wetterlanders al opkamen, it holp neat, by moast nei Ferdinand om syn leksum te heljen, en doe er dêrfandinne kaam, mei in jager op stôk, doe lokke in goefreon him bûten de poarte fan Snits yn in faderlandse sosiëteit, dy yn it geheim hâlden waard, omdat 'er jit al frijwatte Oranjeljuwe yn Snits wennen, en oars hienen de Toppenhúster boeren 'er licht ek wol de kat ris yn smiten. Yn dy klub gong it 'er al nuver om ta. De presidint, in klokmakker út Snits, sloech mei de hammer op 'e tafel en rop: ‘Stilte, burgers! de hoëden af, klompen út en de prúmkes weg! Ik verklaar in de naam van de ene en onverdeelbare Bataafse republiek de vergadering voor geopend; de vrijheid of de guillotine! weg met de aristocraten! leve de republiek!’ Dêrop rôp de hele klub ‘Hoezee!’, dat it hûs dreunde. De sekretaris lies de notulen fan de lêste fergaderinge; en doe begûn de klokmakker-preses dizze koarte mar krêftige oanspraak: ‘Burgers! gij allen sijt frij, maar sal dy frijhyd duursaam weze, dan mut earst ut lân súverd wurde fan aristokraten en Oranjekraaiers. Men must har de tongen toe de hals úthale, dat se noait wear dy ferfloekte kreet fan Oranje-boven útblettere konnen.’ ‘Dat súde un heel kerwei wurde!’ foel him ien yn de reden, ‘en ik bin der glad teugen, want waar súden myn kakynjes dan allegaar belande mutte, dy ik alle dagen bij dúzenden maak, as 'er sofeul tongen toe de hals út musten, want dy mutte met de tonge opslikt wurde.’ ‘Swiich dou, met dyn kakynjes, en doën liever dat onfetsoënleke prúmke út dyn freet!’ snaude de presidint him ta. ‘Ja,’ ferfolge de man, ‘dy ferfloekte aristokraten! ik wúde wel dat se allegaar mar ien kop hadden.’ ‘En ikke niet,’ foel him in huoddemakker yn de reden, ‘want ik hew 'er myn beste klanten onder, en ien hoofd daar ken gyn winkel as mines fan bestaan.’ - ‘Swiich, burger!’ sei de preses, ‘swiich, en kom naderhan niet wear in de fergaderinge; de dúvel mocht hier presindint weze, as men altyd in de reden fallen wurdt.’ ‘Maar,’ ferfolge de presidint, ‘der binne oek slymgasten of halve patriotten in oanze fergadering, en dy frees ik mear as tiendúzend prînselui búten de fergadering, al waren se so goëd as oker; want dy draaie met alle winen, en dy kenne ut lân nòch ferrade, en ten einde nou al dy slymgasten út oans fergaderingen te wearen, so fersoeke wij alle burgers, dy hier fergaderd binne, om te swearen dat sij dat gehate en ferfloekte hús fan Oranje noait ofte nimmer wear in ut lân roepe selle, en dat se ut faderlân met goëd en bloëd ferdedige selle.’ No frege Jan Rinkelman it wurd, en dy sei: ‘Burgers! het voorstel, zoëven door de presindint gedaan, kan ik niet aan voldoen. Vechten ben ik bereid toe, mits op kosten van | |
[pagina 468]
| |
de republiek; ik ben zonder famylje. Maar hoewel ik het leven veil heb voor het vaderlân, zo kan ik myn goed niet misse. Want ik hew een klein kapitaaltsje, en daar wil ik mij voor in het gasthús kope, zodra het vaderlân vrij is.’ ‘En ik swar net en ik fjucht net,’ sei in boer, dy menist wie. Dy twa waarden foar slymgasten ferklearre en moasten de fergaderinge ferlitte. Mei sokke nuvere ynfallen duorre dy oanspraak jit in healoere, en it is klear út dizze dingen te sjen, dat 'er seldsum in patriot sa suver is, dy net in lyts hierke fan eigenbelang op de holle het. Op it lêst frege de klokmakker-presidint oft 'er jit ek ien fan de burgers wie, dy it ien of it oare foar te stellen hie. Doe stoe 'er in grouwe boer út De Hommerts op en dy rôp: ‘Ik heb noch in foarstel te dwaan.’ ‘Ut woard is aan de burger Tjipke Feikes,’ sei de presidint; ‘stilte, burgers!’ De burger brimde ris, en swolge ris, en doe sei er mei in bevende stimme: ‘Ik heb namentlijk, burgers! ien poest om iets ferroesele te laten, en dêrom súde ik dizze fergadering fan burgers it foarslach dwaan om it tekkenflach, dat by mennichte út de sloten haald wurdt, by it leger fan de Bataafse republiek in te foeren en te brúken voor matrasten en dekens yn de b'rakken.’ No boarste de hele fergadering út fan laaitsjen; behalven de boarger of leaver de boer, dy it foarstel dien hie; by fersloech 'er alleheel onder en winske heimelik, dat er mar stil yn De Hommerts bleaun wie by syn kij en skiep en wiif en bern. Einlinge stie 'er in lang hear op, dat in dokter wie, in earste bysfeint, en dy 'er mar ris komd wie om it spul ris troch it gat te sjen, en dy patriotsjespile om de nocht. Dy striek syn hier terjuchte en sette syn tsjokke das yn de hichte, en frege it wurd, dat him dalik tastien waard: ‘Burgers!’ spriek er mei deftichheid, ‘het voorstel, zoëven door ons geacht medelid, de burger Tjipke Feikes, uit De Hommerts gedaan, hoewel niets dan een grote bezuiniging bij het leger bedoelende en mitsdien niets dan zuivere vaderlandsliefde ademende, daar bezuiniging de eerste bron van staatsgeluk niet alleen daarstelt, maar ook van de dreigendste noodzakelijkheid geworden is in deze republiek; - dit voorstel, hoe welgemeend dan ook, kan naar mijne wijze van zien niet in getreden worden, want het is bij de natuurkundigen wel bekend, dat onze sloten en stilstaande wateren van ene menigte ongedierte en ontelbare meer of minder bijtende en vergiftige insecten wemelen, welke ik in deze vergadering niet bij name zal behoeven te noemen, dewijl dit minder ter zake doet; maar waarvan men weet, dat zij jaarlijks hunne eieren in dat dekenflag komen te leggen, welke later in diertjes van dezelfde venijnige eigenschappen zich ontwikkelen, en daar onze Bataafse armee, volgens ingewonnen rapporten, reeds genoeg door allerhande soort van ongedierte geplaagd wordt, zo acht ik het niet raadzaam, om deze stof in onze kazernen te brengen en ten gebruike in te voeren. Verre zij het evenwel van mij, om de welgemeendheid en de ware burgerzin van het voorstel te betwisten. En eindelijk verzoek ik de burger Tjipke Feikes, en allen wie zulks mocht aangaan, om zich in het vervolg, bij mogelijk voor te dragen voorstellen of bij het uitbrengen van adviezen, wel stiptelijk te houden aan het artikel van ons reglement, waarbij bepaald wordt, om in onze vergaderingen zich van de zuivere Nederduitse taal alleen te bedienen.’ Wêrop de presidint, dy 'er ek al frijwat Snitsersk hakmak mei onder griemmanke, sa read om 'e troanje waard as in bûskoal. Dy brocht it foarstel oer it tekkenflach al dalik yn omfrage, mar it waard ôfstimd en lykwol wiene 'er jit al gekken, dy 'erfoar stimden. De dokter die no in foarstel, om Tjipke Feikes oan it hoofd fan in kommisje te stellen, om te ondersiikjen, yn hoefier it tekkenflach tsjinstich wêze koe foar stoppen yn it kanon, of as wurk, om de float fan de Bataafske republyk te brouwen. Dit foarstel waard oannomd, en de kommisje ek dalik oansteld. Omdat 'er no neat mear oan de stôk wie, en de presidint de skram fan de dokter jit yn de mage siet, sa sloech er ferheftich mei de hammer op 'e tafel en slute de klub. | |
[pagina 469]
| |
No waard 'er smookt en dronken, en elkoarren de holle hjit praat, de Oranjeljuwe ferwinske, en songen en rinkelroaid, in gat yn de nacht op. Einlinge om ien oere yn de nacht, teach Minne heal salich op reis nei hûs ta, mei in laden roer op it skouder. Dy goede, bêste jonge, dy earst sêft en froed opbrocht wie, waard troch dat patriotsjespyljen ek al drankswiet en ferwyldere, en wie yn dy fergaderinge sa opfizele, dat er de prins en syn hele famylje yn dy nacht wol mei syn eigen hannen deie kind hie. En lykwol hiene dy minsken him noait nin strie oerdwers lein. Dêr stoep er hinne! It wie ien fan dy stille freonlike winternachten, as 'er nin fûgel mear heard wurdt, en alles yn in stille djippe sliep fersonken leit. It ierdryk wie mei in tinne snie bedutsen en op dy snie stie mânsheech in kâlde, tichte mistdamp, dy alles wat 'eronder stie onsichtber makke, en alles wat er oanrekke mei in tsjokke rime bedutsen hie, dat as sierlike fearren en franjes oan tûken en twiichjes hinge. De stille steatlike keuninginne fan de nacht, troch tûzenen stjerren as wachten omjûn, dreau boppe yn de loft, om har ivige baan troch te rinnen, en dat hearlike toaniel te ferljochtsjen. Us jonge patriot stoep moedich it paad lâns, mar wie blyn en stom foar de stille stimme fan de ferhevene nachtlike natoer. Hy wie sûzich en troch dy gesprekken te ferwyldere fan sinnen, om syn hert te ferheffen ta de ivige oarsaak fan dit toaniel. Einling efter in hikke ferhefte in stille steile gestalte syn holle boppe de miste omheech. Sonder betinken rôp er: ‘Werda!’ dat troch de stilte fan de nacht fier klonk. It skyn bleau stom, mar in lytse beweging fan de holle folge. Minne digere jitris, en no miende er dat 'er in dominy efter de hikke stoe mei in steek op, mei in wite bef foar, mar dêr wie it him te grut ta. No rôp er dalik: ‘Ferdich, aan, vuur!’ Hy mikte, en it roer gong ôf, en dêrop folge dalik in slach tsjin dy hikke oan, en doe stauwen him de stikken hout om de earen, en de splinters foelen him op 'e klean. It wie syn buormans âlde swarte blês, dy flak foar de hikke stoe. Doe hie er de earen foar de rânen fan de steek en de blês foar in bef oansjoen. It beest ferlear in ear fan de kop, en sloech yn de earste skrik de hikke yn grús, en fleach doe as in kûgel út in kanon, blazende en snuvende de finne op en del. No begriep er syn misset dalik; hja neamden it âld sloof tenei altyd de prinseman sonder earen, om Minne te húnjen; en as er dat tenei altyd hearre moast, dan winske er wol, dat de kûgel it bist mar dellein hie, dan wie it bedobbe en hy mei beteljen frij west; mar no moast er it hearre salang as it bist libbe, en it rûn foar syn spektakel oan it paad. Hy slûpte no stil troch skuorre en bûthús nei it mulhús, en it earste wat him mette, wie de kat, dy him mei har sêfte siden om de skonken wreau en syn freonlik ‘uorre uorre’ hearre liet. ‘Ja, poes,’ sei er, ‘do komst ek wolris let thús, mar dat is net foar frijheid en faderlân, mar foar dyn eigen plezier’; - want hy wiste wol dat er mis wie. No hie de feint toarst, en dan dronk er ornaris kâlde kofje; mar de faam hie him te fiter hân, en hie op de pleats, dêr it gewoanlik stoe, in poat fol ruotwetter, dat út de skoarstien dript wie, delset; dat sette er ferheftich oan de mûle, om syn hetsige mage te laven, en eardat hy it preau, hie er al trije grutte swolgen nei binnen slein. Doe hy it merkte, wie er razend. Hy smiet de poat yn tûzend eleminten, en flokte sa ôfgryslik, as 'er oait in patriot sont Noachs tiden dien hie. No hong yn dat mulhús in ekster, dy prate en it hele hûsgesin by de namme neame koe. Dy waard troch dat geraas ek wekker, en dy rôp by tafal: ‘Minne, Minne maat!’ No miende Minne yn syn heale rûs, dat dit dier him beskrobbe, en hy snaude him ta: ‘Hâld de toet ju, do snetterbek, of ik sil dy ek sok guod te drinken jaan. Men kin oan dyn giele bek wol sjen, datste ek al sa'n duvelske prinseman biste. Men moast dy de sturt út it gat lûke en in kaam op 'e kop sette, en litte dy foar in stoer op 'e merken besjen.’ Doe Gieltsje-muoi, syn mem, dat geraas hearde - want hja hie allang wekker lein -, fermoanne se him om nei bêd te gean, ‘want,’ sei it sloof, ‘de kij binne moarn nedich hoffene en sturtwosken te wurden, dat is allehelendal oerkomd,’ sei se. ‘Sturtwaske,’ rôp Minne, ‘dat docht gjin patriot; mar de Oranjeljuwe de koppen te wasken mei it bloed fan de aristokraten en de slymgasten, dat is it wurk fan in patriot. Pas jo | |
[pagina 470]
| |
mar op jins goudsjeblommen, dat dy net befrieze; nacht, mem! ik krûp op de bûthúsbalken.’ Sa libbe dat alle dagen hinne, mei ús patriot Minne. It wurk kearde hy de rêch ta, hy waard lid fan it frijkorps, en as er thúskaam, dan wie 't rûzje mei syn âlders. Want de rûzje, dy yn de maatskippij wie, gong yn de hûshâldingen oer, as hja yn sa'n hûs net gelyk tochten oer de prins en 't lân. En no briek it Kollumer oproer los! In moaie gelegenheid foar Minne, om syn moed ris sjen te litten, en syn âlders hûs, dêr hy dochs gjin frede mear fûn, foar in tiid alteast te skouderjen. De Nationale Vergadering yn Den Haach hie in kommisje yn Fryslân oansteld, om de folkswapening mei kracht te befoarderjen en troch te setten. Dit gong yn Westergoa frij goed, mar yn Eastergoa, wêr de minsken mear Oranjegesind wiene, rûn dit sa flot net fan de tried. Yn Kollumerlân, it Boerumerlân en yn de beide Dongeradielen kamen de ljuwe mar traach op, om har oan te jaan, of as hja al kamen, joegen se ferkearde nammen oan, om de boel yn de maling te bringen. Onder oaren wie 'er in Abel Reitses fan Muntsjesyl, dy sette de hoarnen yn de wâl, en dy rôp mar net as ‘Oranje-boven!’ Op 'e tredde febrewaarje fan it jier 1797 waard Abel fan de witsjers oppakt, om nei it blokhûs te Ljouwert brocht te wurden. Earst waard de man tige fêstbûn en boeid nei Kollum brocht en dan efter de skoattels set. No rûn heel Kollumersweach, Aldwâlde en Westergeast by honderten te heap, mei allerhande moardridskip by har. Hja twongen alleman mei geweld, om mei har te gean, en kamen yn Kollum, en dêr twongen hja it bestjoer, om Abel Reitses los te litten. Hja filen syn boeiens los en twongen de siktaris de belofte ôf, dat er Abel noch nimmen oars oait of immer wer oppakke soe om dy saak, nammentlik de Oranjekraaierije. De witsjers fluchten nei Strobos en dy stjoerden yn it geheim de kommys Leiber nei Ljouwert ta, om berjucht oan it bestjoer te jaan fan it oproer, dat 'er oan de gong wie. De reizgers, dy mei it skip de jûns fan Strobos nei Dokkum kamen, en dy ek al fan dy troepen folk sjoen hienen, ferhellen dat ek al te Dokkum, en sa waard dat gau ruchtber yn de hele stêd. De boarger Hector Feugen wie doe kommandant fan de gewapende macht yn Dokkum, en dy liet dadelik in kriichsrie belizze. Dy kriichsrie wie gleon en prate nearne fan as fan strop en swurd, en krûd en lead; mar de regearring fan Dokkum wie bedaarder, en hie 'er net folle smucht op om it bloed fan har brave boargerij op te offerjen foar in saak, dêr hja mar heal klearrichheid fan hiene. Mar op it lêst sprong 'er ien fan dy hearen oerein, dat in echte patriot wie, en sei mei in krêftige stimme: ‘Wat dúvel, burgers, binne jimme ok faderlanders? Halve patriotten, slymgasten binne jimme, as jimme in disse saak niet deurtaste. Dokkum wurdt nòch un spot en spektakel foar heel Fryslân, dat ut noait weest het, as jimme dat reau fan Kollumerswaach niet te kear gane, en bij slòt fan rekening steke se Dokkum nòch op fier hoeken in de brân, en ons frouwlúden dy hange se op! - Nee, ophange? Fille selle se oans nòch, krekt as se hòr oude pearden doëne, dat prînsereau.’ ‘Ja, burger,’ spriek doe de boargemaster, ‘late wij oans goëd te wapen stelle, dan kenne wij dat hantsjefol boeren gerust foar de stad òfwachte, want un hon fecht noait fúlder as op syn eigen hiem. Wij selle oans rattelwachts elk ok un gewear met krút en load geve.’ ‘Noeme jou dat un handsjefol boeren, burger múnisipaal? Jawel,’ spriek de patriot doe, ‘dúzenden binne al in de wapens, en eardat 24 uren om binne, dan hewwe wij se al foar de stad as hagel en saad.’ Dy wurden holpene, en hja kamen ta it kordate beslút om 56 man skutterij mei in stik kanon, onder kommando fan de stêdskommandant te stellen, en op de fijân los te gean. Folle fan dy Dokkumer boargers wiene al watte slim fan de bierbanken te rissen. It ôfskied gong ek net sonder folle snikjen en sobjen fan de Dokkumer froulju, mar hja | |
[pagina 471]
| |
gongen 'er einlinge dochs manmoedich op los. Hie de achtbare rie fan Dokkum 'er twa-hondert man mear hinne stjoerd, dan hiene se net mei de hoas op 'e holle weromkomd, en de saak hie mei ien slach beslist west. Mar dêr siet jit ek al Oranjebloed yn Dokkum, en as al it folk 'er úttein wie, dan hiene se thús jit fan har eigen hûnen biten wurden. De nachts om twa en trije oere kaam dy troep te Kollum. Dêrnei kamen de kommissarissen Ament en Germans út Ljouwert mei in mennich huzaren. De boarger Ament naam mei dizze troepen 66 man boeren yn Kollumersweach gefangen, en dizze hynstefilderstroep waard te Kollum yn de tsjerke opsletten en mei in sterke wacht wol bewarre. Mar de oare deis briek it oproer wer los, en de Oranjeljuwe kamen by tûzenen 'eropta. Luitenant Visscher, dy mei in piket Dokkumer boargers op it Kollumer ferlaat stie, moast de flint skowe, mar de kommandant Feugen jage dat soadsje mei it kanon wer efterút. De Kollumersweachsters yn 'e tsjerke te Kollum opsletten
Yn Kollum grypten de Oranjeljuwe wer moed. Hja begûnen op de Dokkumers te fjurjen en mei stienen te smiten. Hja drongen troch, en ferlosten har makkers wer út de tsjerke. No wie goe' rie djoer. De represintant Germans hie jitte wol moed, mar it gefaar groeide oan. Doe spriek de represintant N.W. Keuning fan Kollum, wurden, dy in Romein út de âlde tiden him net hoefde te skamjen. ‘Burgers van Dokkum,’ spriek er, ‘ik prijs uw moed, maar keert in Gods naam naar Dokkum terug, en laat mij en mijn huisgezin aan het noodlot over. Het is beter dat ik alleen ongelukkig worde, dan dat gij u opofferen zoudt, om mij te beschermen en dat Dokkum dus verloren zoude gaan.’ No teagen de Dokkumers yn oarder wer nei hûs ta. Hja waarden fan ter siden al ris oanfallen, mar kamen dochs de jûns tuske sân en acht oere behâlden yn Dokkum oan, meast mei grutte blierren onder de fuotten. Wat wiene dy froulju bliid! Want sy hiene tocht, dat har manlju samar libbensliif nei de slachtbank gongen, en no se har sa gau werom yn Dokkum hiene, wiene se útlitten fan blydskip. De iene sei: ‘Biste daar, Koen? Men ken wel sien, datste in 't fuur weest biste; dou siest 'er so keardelachtech út.’ | |
[pagina 472]
| |
De oare rôp: ‘Biste daar weer, keuninkje? Dou súste fanaven rizenbrij met butter en súker hewwe, hoar hartsje!’ en sobben en patten op har om, krekt of se tsjin de swarten oan it fjuchten west hiene. Doe waarden de brêgen ophelle, de wachten útset en de skippen yn de grêft oan de stêdskant brocht, en mar koarte tiid dêrnei kaam de troep al mei honderten foar de stêd. Hja gûlden en swetsten wakker, en skeaten mei guozzeroeren, dy se de Damwâldster en Geastmer ljuwe ôfnomd hienen, en easken de stêd op; mar dit waard mei it kanon fan it bolwurk beändere. Earst skeaten se troch it tek fan in skuorre efter de herberge bûten de Wâldpoarte, dat de pannen rattelen, mar dêr hiene hja de gek mei. Doe jagen de Dokkumers mei it kanon in druvetros yn dy heap, en doe kaam 'er in gejammer fan ‘Och, heare, myn earme siele! dy earme halzen!’ en hja fleagen troch riden en sleatten, troch strûken en strewellen nei hûs ta, sa hurd as se mar koene, en smieten har wapens wei. Yn Kollum wie it tuske beiden rou gien oer de patriotten. De boarger represintant Keuning syn hûs waard plundere en plôke. Yn de earste pleats moast de drank en it spek en flêsk 'eroan, wiif en bern waarden mishann'le, de man sels fluchte op it hea, fan it hea yn it hynsterib. Jan Binnes en syn maat Tsjibbele skeukten yn it bûthús en de hynstestâl rûn, om him op te speuren. Doe se tichteby dy hynstestâl kamen, sei Jan Binnes: ‘Wêr soe de duvel no sitte, Tsjibbele?’ ‘Ik wyt net,’ sei dy doe, ‘mar ik tink dat er yn de hoannebalken fan de skuorre sit, of dat er ta it tek út fluchte is; mar aste him no yn 'e hannen krigeste, wat woeste dan mei him dwaan, Jan?’ ‘Deie woe ik dy divelske patriot, deie woe ik him,’ wie it antwurd. ‘Earst woe ik him libben fille, dan woe ik him it grim ta de bealch úthelje, dan woe ik syn termen spinne as reap en meitsje 'er stroppen fan om al dy patriotten en lânopfretters fan Dokkum en Ljouwert 'eroan op te hingjen.’ Dy dêr efter it hea lei yn it hynsterib sil ek wol raar te moed west hawwe, lykas wol stiet te tinken. Lykwol, hy kaam 'er mei de skrik ôf, want de stâl wie tsjuster en de hynzers stienen foar him te fretten. Jan Binnes sels kaam 'er tenei sa goed net ôf, lykas wy neier ferhelje sille. It kanonskot te Dokkum hie fiif deaden en sân swiere gekwetsten makke. Sirurgyn Stelwagen en dokter Visscher gongen no bûten de poarte om dy earme liders te helpen en te treasten, sa goed as it har keunst meibrochte, en de oare deis waarden de deaden fan de famylje ôfhelle. En sa rûn it Kollumer oproer te'n ein, mar no teagen de troepen út Ljouwert, en dy waarden oanfierd troch de kolonels Van Slooten en Haye Beekkerk mei kapitein Groenia. Dizze troepen hiene neat út te rjochtsjen as te iten en te drinken, want de boeren wiene wer yn de skulp krûpt. Hja teagen troch de Wâlden en baaiden troch de klaai fan de Dongeradielen, seagen de deizen, skoarstienen en wynkelders fan de Oranje-ljuwe naukeurich nei, en treauwen mennich patriotske tútsjes op Oranjemûltsjes, en teagen yn frede werom nei Ljouwert, wêrdat se op de fraterniteit traktearre waarden op tsjiis en brea, en spielden de mûlen lustich om mei wetter dat troch in stôk rûn wie. No wie it Kollumer oproer ôfrûn, mar de gefolgen jitte net. De neismerte wie min foar folle minsken. It giseljen wie doe oan de oarder fan de dei. Grut tachtich minsken waarden yn it Blokhûs set, ljuwe fan alle stannen, dêr mar in rookje fan Oranje of aristokrasy oan wie. En Jan Binnes, dat oars gjin kwea man wie, moast 'er de holle by ferlieze! Master Dirk van Gorkom, dy doe it offysje fan boal te Ljouwert hie, wie al santich jier ald. Hy hie oars safolle rizenbrij en hjitte poffen útdeeld, en hy hie sa mennich troch it himpen finster sjen listen! Lykwol, de man fûn him beswierd. Mar in witsjer, Hendrik Gjalts, sloech 'er de holle mei in slach ôf dat er rôle! Sa treurich gong it 'er doe oan beide kanten ta; dy it geweld hie, brûkte it. In foarbyld út de mennichte. In bline spylman, dy te Skuzum Wilhelmus van Nassouwe spile, om in dûbeltsje te fertsjinjen, waard op 8 febrewaarje 1796 gisele, en twa boerefeinten, dy dat deuntsje dûnse hiene, waarden net allinne gisele, | |
[pagina 473]
| |
mar jitte fiif jier lang yn it tichthús set 'erby! Is oait djoerder deuntsje dûnse as dat? Wat wurdt 'er al net in kwea ferrjucht op de namme fan dy edele heilige frijheid. Men kapte doe de wapens fan de grêfstiennen en fan de poarten en tsjerken, en mennich earbiedwurdich oerbliuwsel fan âlde tiden en geslachten waard mei in bline woede fergriemd. Mar om no ta ús patriot, Minne Jorrits, tebek te kommen, - dy kaam dat berjucht fan it oproer yn de earen, as in ljochtstriele fan de sinne yn de eagen fan in blineman, dy yn lange jierren de dei net sjoen het. Troch it libben, dat hy mei de patriotten lei, wie hy thús mar weinich tel mear. Hy pakte gewear en wapens, en naam tachtich gûne út syn kiste, teach mei it Snitser skip nei Ljouwert, en joech him dêr oan as frijwilliger, om tsjin de muiters te striden. Hy waard dalik onder de kommando steld fan Rein Jeremias fan Berltsum, kolonel fan de burgerwacht fan Menameradiel. De troep wie hondert man sterk en hie in fjildstik mei artilleristen by har. Hja marsjearden dan út Ljouwert, en kamen de jûns mei har fjouweren by in bakker te Tytsjerk yn it kertier, dêr it har yn it bakhûs goed befoel. Syn trije maats wiene Berltsumer, dy men yn de wandelinge wolris de bynamme fan hûntsjes jout, dat Minne net ienris wiste. En doe sei de iene, dy korporaal wie, tsjin Minne, dat er syn broek en skuon, dy op 'e Swartewei wakker beslingere wiene, in bytsje ôfpoetse moast, eardat se op it appèl komme moasten. Minne, dy gjin kommando wend wie, sei bedaardwei tsjin de korporaal: ‘Dat sil ik sels witte.’ ‘Nee,’ sei de korporaal, ‘dat sil ik witte, en nimmen oars, ferdomde komelker!’ Doe sei Minne bedaardwei: ‘Jo lykje wol wakker fan it hûntsje biten, dat jo sa dalik mar begjinne te flokken en te skelden om sa'n wysjewasje, korporaal!’ wêrop dy trije Berltsumers sa razend waarden, dat se him oer it bakhûs smieten, en him mei alle macht op de hûd tichelen. Mar de baas bakker naam knaphandich in skepfol gleone jiske en smiet dat op de fjouwer fjochtende patriotten. Hja fluchten ferheard en ferbouwerearre it bakhûs út, en hiene wurk genôch om elkoarren it fjoer en de jiske út de klean te slaan. De korporaal wie sa razend, dat er mei de blanke sabel wer yn it bakhûs opfleach; mar de baas bakker helle de gleone loete út de ûn, en hâlde dy de korporaal foar de noas. Hjir deinsde er foar, en de rûzje waard ferfolgens yn in sûpke smoard. Minne fielde mei-dat-al syn lidden wol fan dat earste pak bruien, dat hy foar de saak fan de frijheid útstien hie. No gong it al fierder op mei de troep, mar it oproer wie ôfrûn, en it folk waard yn de Dokkumer Wâlden by de boeren yn kertier lein, trije, fjouwer wiken lang, om alles op te iten, wat los en fêst wie, en har op dy manear it ‘Oranje boven’ roppen ôf te learen. Minne syn earste kertier, dêr hy yn de kost kaam te lizzen, wie by Piter Pypkaniel, dat in bijker wie, dy tagelyk ek in foech winkeltsje hie; in hjitten patriot, en dêrby in nuveren fuotfeint. Op in dei, dat Minne-en-har yn syn hûs onder eltsoarren sieten te riddenearjen oer de lânssaken en as goede patriotten de jeneverflesse oansprieken, kaam 'er in koekebakker út Dokkum ynstappen. Dy waard dêr freonlik onthelle en dalik in romer fol skonken, en Piter snapte mar fuort; mar de baas fan Dokkum wie stil, en it wie oft er al wat op 'e lippen hie dat 'er net út woe by de man. Mar doe er it hert ris kel makke hie, sei er tsjin Piter: ‘Mar hoar ris, Piter: wij sitte hier al te proeven en te kakelen ien lang en twie breed, wij mutte ok 'eris over wat anders prate. Hoe is dat met dat gladgúd gaan, dat jou ferleden harst van mij kregen? Is 't allemaal ferkòft?’ ‘Ferkoft, man? As aaien út de koer. Om sok guod te ferkeapjen, dêr hoart it noait oan. Want jo wite wol, baas, bern dy frette alles op, behalven hinnekjitten en fjurstienen; want it iene is har te weak en it oare te hurd.’ ‘Dan súde ik jou ok fryndelek fersoeke om de betaling of dat jou my 'er heuning an stuurden; want ut jild is krap met dy roerege tiden, en dy achttien gulden, dy kon ik nou aa'dech inplejeare.’ ‘Jild? Jawol, Pypkaniel baas! Just omdat it jild krap is, haw ik it ek krap, en no komt dy | |
[pagina 474]
| |
ynkertiering dêrby, dy wy oan jimme Oranjekraaierij te Kollum te tankjen hawwe. As jo om jild komme, Pypkaniel baas, koekedaai!’ ‘Mar waar dúvekater mut dat hene met oans? So ken ik gien koekebakker blive, as ik gien geld foar myn gúd beur.’ ‘Wurd dan kakynjebakker,’ sei Piter, ‘en gean mei in tafeletsje by de poarte stean, dêr is nin boarch.’ ‘Dat súde mij in myn eare gaan, Piter! Ik bin fan un goëde komaf, want myn fader het froëdsman weest, en dan daar met un diske bij de poart te staan! Mar dat doët niks toe de saak; geld is hier de hoofdsaak; sonder dat ken ik niet bakke, want de heuning en de granen binne duur.’ ‘Pypkaniel,’ sei Piter, ‘dy glêdingen, dy jimme bakke, dêr komt net folle hunich en moal by te pas, want ik wyt wol wêr jimme dy fan gear grieme. Jimme jane yn de maitiid, as de jiermerken begjinne, oan de koekkreammers alderhande guod mei op it útsliten. Dat wurdt dan betomke en berûkt fan Jan en alleman. De modder fan de klaai, it sân fan de Wâlden, de kowedong fan de feemerken, de snufdrippen fan de kreamwiven, detabaksjiske fan de boerefeinten, alles sit 'erop. Einlinge begjint it te skimmeljen, en as de kreammelju de eare 'er net mear op hâlde kinne mei de boarstel, dan krije jimme it werom; en as dat guod dan thúskomt, dan smite jimme it boppe de ûn, om út te droegjen. Dêr wurdt it dan sa hurd as bonken, en as Sinteklaas dan yn it lân komt, dan smite jimme al dat koekeguod, dy janhagel, sûkerkreakelingen en bitterkoekjes, al dy dúmkes en deademansfingers, fjirderlei en spekulaasjes en al sok reau mear, yn in grut fet, en dêr komt siedend wetter oer, en dat litte jimme in nacht stean te meuken, en dan wurdt dat krouske sa fyn makke as moster en dêr smite jimme wat grou moal, dêr wy de bargen mei mêste, troch, om 'er in daai fan te meitsjen, en dat is it guod, dêr jimme de Dokkumer taaimantsjes fan meitsje, dêr sa fan pocht wurdt, dêr soe ek hunich yn komme, jawol, Pypkaniel baas!’ ‘Dou snaak, datste biste,’ snaude de baas him doe ta, ‘súste oans gúd nou ok noch lake? Nou súste temeensen betale òf de dúvel sel de kears houwe; daar kenste op an, ik wik ut dy, hoar, òf sel de dúvel de kears houwe.’ ‘Lit dy de kears mar hâlde,’ sei Piter doe laaitsjende wei, ‘as er him my mar net onder de noas hâldt; mar aste him as dyn prokureur oanstelste, dy kriget allikemin jild as do, Pypkaniel baas, hjoed net en moarn net.’ ‘Betaal dan de helt maar earst ris.’ ‘Jawol, Pypkaniel, de helte net en de fjirdepart net, Pypkaniel baas!’ ‘Ik sel dy anders op dyn húd tromme, hoar.’ ‘Pypkaniel!’ ‘Ik sal dy opsitten leare, daar is nòch wel recht in Fryslân.’ ‘Pypkaniel,’ sei Piter wer. ‘Och ju, ik wúde wel datste de pip kreegste, met dyn Pypkaniel, met drie dagen heste de deurwaarder, hoar, òfsettersbaas!’ ‘Pypkaniel, Pypkaniel, Pypkaniel!’ rôp Piter him efternei en knipte op 'e fingers. Doe de baas 'erút wie, sei Piter tsjin Minne: ‘Sa betelje ik myn skulden oan de Oranjeljuwe; wat tinkste dêrfan, kammeraat?’ Minne sei: ‘Ik tink 'eroer, dat it lân sa net behâlden wurde kin; prinsman of patriot, dat kin net skele, dat men skuldich is, dat moat betelle wurde.’ Piter, dy al in moaie slok op hie, en dêrby in sterke Wâldman wie, sei: ‘Bisto ek in patriot? In slymgast biste, en do draachste jit ek gewear en wapens foar it faderlân’; by grypte Minne by de kraach en tromme him mei de fûsten op 'e kop op in danige wize, krekt salang, dat it wiif har skate. Dat wie it twade pak bruien, dat Minne foar de saak fan de frijheid opdie. It tredde kaam jitte wat efternei. De hele saak rûn dêrmei ôf, dat Piter Pypkaniel in nacht yn it hûnegat onder de toer set waard - want hie Piter in Oranjeman west, dan hie 'er in giseling op folge -, en dat Minne | |
[pagina 475]
| |
in oar kertier krige, by goede froede minsken, dy prinsgesind wiene. Dêrom woe Minne dêr yn it earst de boel al wakker opskeppe mei flokken en swetsen, mar hy bedaarde gau doe't er seach, dat him neat wegere waard. Koartom, mei fjouwer dagen wie Minne al thús yn dy hûshâldinge; hy fette syn âld wurk wer op, begûn mei te dierheinen en learde it terskjen ek. Mar no kaam him in ongemak oer, dat him salang hûsarrest besoarge, dat syn kammeraten al ontslein wiene, doe't hy jitte mei de foet yn it kessen siet. Dy Wâldboer hie ek ferskate bern. De âldste wie Wypk, in hânsum jong faam fan achttjin jier, mar dy altyd mijend wie, en de eagen foardel sloech, as Minne har oanseach. Mar dêr wie jit in lyts jonge fan acht jier âld yn dy hûshâldinge. Dat wie Minne syn boartfeint, dy it gewear foar him nei it appèl droech en dy wie bûten de skoalle-oeren jimmerwei om of by him. It wie ris op in snein, dat 'er in âld keardel fan santich jier, libbensliif oan syn eigen deakiste fêstneile wurde soe, mei oare warden, dat dy âld gek trouwe soe mei in jong frouminske fan achtentweintich jier, en it is licht te begripen, dat elts nijsgjirrich wie, om dat pear te sjen. Minne gong ek mei syn boartfeint Oeble nei dy lytse tsjerke ta, om dat spektakel oan te sjen. It wie dêr sa fol, dat men dêr gjin fûst yn stekke koe, en de minsken stiene by elkoarren op, of it in reidmar wie. Lykwol Minne kringde 'er frijwat in ein yn op, mei de lytse Oeble op it iene skouder, mar dy smiet gau syn oare skonkje oer Minne syn oare skouder en fette him mei syn beide hantsjes yn syn Brutuskop, en no like it wol dat it boaike him ynbylde, dat er op har âlde kjedde siet, en dan skopte er mei syn lytse skonkjes foarút. In grut steil frouminske, dy flak foar Minne stoe, rekke dit onder de koarte ribben. Dat wiif wie Houck Fûlburd, sa as se neamd waard, in kweade hynstepresser fan in wiif. Dy liet har net lang tergje, mar dy waard sa fûleindich fan dat pjukken en hompen en stompen yn de siden, dat se Minne út alle macht mei har koaihakken op 'e teannen heide en stampte, sadat hy op 'e tosken bite moast, om it net út te gûlen fan de pine. It wie slimmer as in giseling, en einlinge biet er Houck yn it skouder, dat se midden onder de preek fan pine útrôp: ‘Duvel, hâld op!’ De dominy, dy miende dat it him rekke, dy hâlde ek op fan preekjen, mar de hûnegiseler, dy tichteby Houck stie, pakte har beet en sette har ta de tsjerke út. Mar Minne moast dy hele lange jammer fan in trouprekaasje mei formulier en al, mei syn tebûke teannen trochstean, want dy wiene sa weak stampt as seane katrineprommen, en dêr moast er earst jit in kertiersoere mei troch de snie wâdzje eardat er it hûs berikke koe. Oebleman fottele mei, en wiste net dat hy de onskuldige oarsaak wie, dat syn freon sa lompte. Doe hy thúskaam, briek him it swit ta alle kanten út. Pine, lilkens, skeamte, alles kaam by eltsoar om de patriotske held mismoedich te meitsjen. De minsken hiene meilijen mei de man, benammen doe de hoazzen út kamen; alle teannen wiene bont en blau en bletten. It âld wiif sei: ‘Dêr moat sûpenbrij op mei knikelsblêden 'eryn, oars komt 'er de roas yn.’ Sa sein sa dien. Dêr siet no ús heidhaftige patriot mei de beide fuotten yn it kessen; mar ien ding treaste him jitte, dat er no teminsten frij wie fan it appèl, want (hoe koart it ek duorre hie) hy hie al in wjeraksel oan it soldaatsjespyljen. En no ferfolgens ferbûn Wypkje, de âldste dochter, syn wûnen mei blomkesoalje; sa sêft gong hja dêrmei om of it har eigen soan wie; dat joech blydskip, en doe er wer gean koe, waard it frijerij. Einlinge koe Minne wer reizgje. It sêfte froede libben, dat hy by dy goede ljuwe lein hie, hie him goeddien. Hy woe har jild jaan, mar hy koe it net kwyt wurde. Dêrom joech er Oeble-boai syn âld sulveren horloazje ta in oantinken. En de âld boer, dy't er de earste dei, doe er dêr oan hûs kaam, mei it hûnegat driigde, omdat er út in pantsje iet, dêr prins Willem yn ôfbylde stie, betanke er no mei triennen yn de eagen. Hertlik wie ek it ôfskied fan syn dokteresse Wypk, en de belofte om wer te kommen, waard ek better neikomd as by folle oare soldaten. No joech er him wer ôf nei hûs ta, en doe er onderwei op it Mingeltsje kaam, tichteby Snits, doe liet er dêr gewear en wapens stean, want dat spul wie er al sêd; en hy seach ris even by in neef te Spears oan, en doe er dêr hearde, dat syn folk | |
[pagina 476]
| |
thús him net wakker miste, en dat er licht net heel freonlik onthelle wurde soe, sa tochte him bêst om earst mar ris nei Binnert-om te Drylts te gean. Mar doe hy te Snits by de Easterpoarte kaam, yn de skimerjûn, doe stie dêr in tropke folk, en doe dy syn kokarde seagen, doe seine dy: ‘Wat biste, boer, in prinsman of in patriot?’ ‘In patriot,’ rôp er. ‘Do kees, datste biste,’ seine dy maats doe, hja pakten him beet en sloegen him 'eris helder ôf. Hy ferlear 'er hoed en kokarde by. As in razend minske fleach er doe yn de stêd op en koft in learen klappet, en dêrmei soe Minne de Noarderpoarte út; mar dêr stoe wer in tropke folk te praten, en dy fregen him wer, wat er wie. ‘In prinsman,’ sei de man, mar doe krige hy fan syn eigen folk, de patriotten, jitte helte grutter pak, dek op mar; hja sloegen him bont en blau, en sa rûn er mei in ferwoed gemoed bûtenom, de Himdyk lâns, nei Drylts ta. It wie doe ljochtmoanne wurden, en op 'e brêge te Drylts stie wer in tropke folk fan it gemienste soarte, en doe dy him sa ferheard oankommen seagen, doe seine dy ek al gau: ‘Wat biste, maat, prinsman òf patriot?’ ‘Ik bin duvels,’ sei er, en sette in gesicht as in liuw. Dit holp, en hy kaam 'er onferhindere troch, en kaam efter azem by Binnert-om, sa bliid as in staring, dat hy al dy torminten ontkomd wie. Hy wie no genêzen fan it patriotsjespyljen, en doe er by syn âlders kaam, hie de man weinich heil mear yn hûs; dy ljuwe wiene te steech om sokke dingen gau te ferjitten. Mei ytlike wiken gong er wer nei syn âld kertier yn de Wâlden, en lykas it giet, dat fan trouwen ek wer trouwen komt, sa gong it Minne ek; hy naam Wypkjen ta syn wiif en joech him oan it arbeidzjen. It gong him goed yn de wrâld, hy wie prinsgesind noch patriotsk, behalven as Houck Fûlburd him op 'e wei temjitte kaam, dan waard er wer echt patriotsk yn syn gemoed. Tenei kaam Minne te Dokkum te wenjen, en dêr krige hy jit in lyts amt of betsjinninge fan de stêd, dat er op toffels waarnimme en dêr hy aardich fan libje koe. En doe einlinge de Frânsken fuortgongen en it lân omkearde, doe rûn hy troch de stêd om, mei in Oranjestrik op 'e hoed sa grut as in botsens boltsje. En as de Dokkumers dan ‘Oranje boven’ tsjin him rôpen, dan rôp hy út hals en kiel werom: ‘Oranje boven en de Fransen eronder,
En die anders seit, die slaat de donder.’
Hy wie oars jit al blau fan binnen, mar hy waard no giel fan bûten, om syn betsjinning net te ferliezen. |
|