De jonkerboer
of krysttiid en sint steffen yn ald fryslan
fan dr. Eeltje halbertsmaGa naar voetnoot1
Foarwurd
Ik ha my by it opstâlen fan dit stik altyd sels de plicht oplein om sa te skriuwen, dat men 'er net fan sizze kin, men kin taaste en fiele dat it leugens binne. Jinwur'ch skriuwt men sa net, en men steurt jin net oan onwierskynlikheden, en dat kin ik net lije. ‘Yn de fabel sels moat de wierheid hearskje, seit in Frânsman. De twa ferteltsjes fan master Tsjerk binne by de wierheid troch, mar dat is mar om de bern te fermeitsjen: dy binne fan in âld Dútske beam plôke, dy by de hearen Grimm yn it hôf stiet. Al it oare wurk is út myn eigen holle fuortkomd, en ik beëagje neat mei myn skriuwen, as om myn Fryske lânsljuwe in noflike pear oeren te besoargjen.
Nim it foar leaf: it is fan in griis man, dy de wrâld yn it koart ferlitte moat.
Grou, 28 maaie 1856
e.h.