ierappels yn de kelder. In lege pong is dochs in heislik ding, al sit 'er ek noch sa'n moaie oranjestrik oan; 't is dêrby in twangneil, dy keuningen ta smouzen en de smouzen ta keuningen makket.
Wie it dat jimme ferstân of jimme jild hjir op de skealjen lein waard, dan soe mennichien al foar de skealjen opstûkje, dat koe dochs bjuster ôffalle: want mennichien het yn de eagen fan himsels en yn it each fan oare lju in grut ferstân, en as dat op 'e skealjen kaam, koe it ôffalle. Sa soe it ek wol mei it jild gean, en dy lju, dy har jild achterbak hâlde, om net te heech yn de doarpsomslach te kommen, wiene 'er it minste oan. Mar wy weage mar flêsk en bloed, en dy himsels te licht acht, dy kin safolle lead yn 'e bûsen stekke, as himsels goedtinkt, om mei fatsoen op 'e skealjen te kommen; wy sille it 'er net úthelje, mar wy moatte dochs ien ding sizze, wy sille alleman op 'e skealjen litte; wy hawwe leaver jonge fammen op 'e skealjen, dy oan de lichte kant binne, as âlde wiven, dy wat licht binne; want jonge froulju binne trochstrings de plezierichste merkegasten, en as âlde froulju yn 't gewicht ôffoelen, dan koene lichtgelovige ljuwe har foar tsjoensters oansjen, en dan hiene wy de flok op 'e hals. Jongelju! betrouwe jimme ús net, en wolle jimme elkoar ris neihifkje, taast elkoarren dêr oan, dêr it jimme minst sear docht; wy kinne it net helpe as 'er yn sa'n drokte mistaasten dien wurde. Jimme sjonge allegearre: ‘Hoog om hoog, de keel is droog.’ Binne jimme dan smids wurden? Dy hawwe allegearre in fonk yn de kiel, dy moatte se eaze of ferbarne; bakkersfeinten, dy foar de ûn ferdroegje, dy moatte har wolris útweakje. ‘Hoog om hoog!’ toe mar, de foet fan de romer mar nei de wolken ta; de kastlein moat ek libje; tink mar net dat it sûpe is; haw hjoed wille safolle as jimme opkinne, mar lis it sa oan, dat jimme moarn gjin berou hawwe.
Plezierige merke, freonen! En wachtsje jimme foar de knyflokiters.
Grouster Merk, 1843
e.h.
It gewicht fan ...
is ... Ned. pûnen,
is ... Ned. ûnzen.
h. epema, weachmaster
s. de vries, scriba.