bûket, en dy in goed bout skiepflêsk mei in kynsen ierappels mei glâns yn trije miel opfret, dy sjocht 'erút as in ferlijd hjerstkeal: der sit nin groede yn.
It komt 'er ek net folle op oan hoe swier in minskelichem weacht, as er mar net tefolle smoar het, neidat er in beest is. Men sjocht minsken mei in slach yn de rêch, mei lekkense rokken en glêde learzen, dy hawwe mear smoar as har takomt, en dat hearde eigenlik yn de ierappels, dy se ite. Al te swier is ek mar ongemaklik, mar al te licht makket de minsken al te fluch, benammen de froulju: dy wurde dan koart fan hakken. Swier en swier is twa; in swiere pampus sit net altyd oan in gewichtich persoan: want in gewichtich persoan moat eigenlik in man wêze, dy in grut ferstân het en dy it goed brûkt.
As 'er twa ljuwe om ien ding fersiikje, in lichten en in swier man, en as se beide op 'e skealjen komme, en de lichte man het hondert goudstikken yn de bûsen, dan wint er it; dat is: omdat it goud swierder is as minskeflêsk en minskeferstân.
Oerwicht is ek net goed by de minske; mennich minske wurdt oerwichtich as er by in folle flesse sit of in moai jongfaam, en dan ferliest er it wiere gewicht. Oerwicht fan flêsk makket loai, mar oerwicht fan ferstân makket gek; oerwicht fan wille makket droefheid; oerwicht fan fertrouwen makket skelmen; oerwicht fan jild makket gjirrich of geweldich. Koartom, de middelwei is hjir ek al wer it bêste, en wy weage jimme flêsk en bloed mar; hoe swier jimme oars weage, dat moatte jimme sels wite. Wy sizze it jimme: skat jimme net al te swier boppe in oar; it komt ornaris oars út. W'rachtich, de onderfining leart it: as immen al tefolle sin oan himsels kriget, dan het gjin minske op it lêst sin mear oan him, en dy in oar op 'e kop sitte wol, dy rekket sels onder de fuotten, lykas ... mar wy sille mar swije.
Tawicht hoeve wy net te jaan; dêrom, as lytse baas op 'e skealjen komt, dan sil er de bom ôfsette: hy hoeft him syn lichtens net te skamjen; hy is krûdigernôch foar syn gewicht.
No jit in wurdsje oan de merkegasten. Troude manlju! bliuw mar net by de rollebol stean te spyljen; dat kinne jimme froulju wol ôf, nei't 'er ferhelle wurdt: dy sette jimme jild al yn 't aventoer; fan de lotterijbriefkes wol te ferstean, as jimme net thús binne, en sa kinne jimme, sliependewei, bûten jimme witen om, ryk wurde of dea-earm, sa 't mar útkomt.
Dêrom, merkje leaver in bytsje mei fatsoen; dan kinne jimme ris laaitsje foar jimme jild yn pleats fan skrieme.
Gean de jûns mei in dikkop Hubert en Wopke onder tekken, dan sliepe jimme as roazen, en nim de moarns twa romerfollen Bearenburch om 't ferstân op te skerpjen; mar pas op, dat it stiel 'er net ôfgiet: jimme smid kin 't 'er net wer oplizze, lykas op de tsjoksels.
h. epema, weachmaster
s. de vries, scriba
Grouster merk, 1842
e.h.