Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 425] [p. 425] Grouster rattelwachts nijjierswinsk foar 1842 De Grouster rattelwacht Hoe fljocht de tiid dochs fuort! Sa blaast de stoarm de weagen Yn skom en buorlen wei. - In skynsel foar ús eagen! Dêr 's wer in jier te'n ein; Hoe fol fan soarch en lêsten! En mennich goede freon Kaam yn it grêf te rêsten. Wy libje jit, Godtank! Kin men 't wol libjen neame? Want mennich fljocht 'ertroch As 't foaltsje sonder teame. En mennich droomt ek mar; Hy wyt net dat er libbet. In oar is 't libben sêd, Dy klaget of dy kibbet. Is dat de tankberheid Foar 't goede dat wy krije? ‘Foar 't kwea,’ ropt mennich licht; O, lit ús dêrfan swije! Wat de iene ôfnomd wurdt, Het de oare wer oerfloedich: De rykdom bringt syn soarch; Dy soarch het, wurdt swiermoedich. En de earme het mar soarch Foar klean en foar wat iten, Dat faak fan rike lju Oerdédich wurdt fersmiten. Syn grutste fijân is De bitt're kjeld en honger, In hûsfol earme bern, En 't jamm're brea-gelonger. Sa het elts hûs syn krús, Syn swierichheid en lêsten. Is 't op in sekfol goud Wol altyd swiet te rêsten? De nijjiersdei is dêr! In dei fan lanterluien. De winsken heart m' oeral Sekfollen foar ús struien. De ljuwe fan de stôk En fan de âlde rattel, Dy komme 'er ek wer oan Mei har nijjiersgekwattel. Elts rymt sa goed er kin; Wy rime neat as winsken Foar boer en edelman, Foar goede en kweade minsken. Us jonge grytman earst Wurdt winske heil en segen, Gesondheid en gelok, En elts him tagenegen. De ljuwe fan 't bestjoer, De tsjinners fan de leare, De keapman en de boer En dy de bern maneare; Mar de earme minsken ek, Dy sa nei wurk ferlange, Befelle wy elts oan, As kjeld en earmoed strange. [pagina 426] [p. 426] Dy winsk' we in tankber hert Foar alle goede dingen, Dy ús de Himel jout Yn tûzen segeningen. Us Grouster fankes leaf, Dy sa nei frijers wachtsje! De hoop dy libbet jit: Wol dêr foaral op achtsje. No binne ús winsken út, Wês no dan ek tefreden. Wês bliid op dizze dei, Mar mei ferstân en reden. e.h. Vorige Volgende