Master. Jûn jimme! Mei ik jimme wol watte nijs ferhelje?
Beik. As 't wat goeds is, ja, graach dan, master.
Master. Dan moat ik jimme ferhelje, dat wy trije foarname útfanhûzers hjir yn Fryslân krije; hja sizze, dat ús keuning hjir komt en de keuninginne mei har dochter, en licht ek in soan jitte, mar dat wite se net klear.
Douwe. Sjoch, sjoch, master! Jo ferbruie hjir de hele boel; ik woe myn wiif ris narje en te fiter hawwe.
Beik. Dêr soeste my wer ris moai betrekke; mar, jawol, master bringt it út. Binne dat no dy trije foarname útfanhûzers? Dat giet ús ommers net oan? Douwe seit, dat se by ús útfanhûs komme sille; dat is ommers net wier, wol master?
Master. Jawol, wy binne ommers Friezen! Welno, sy komme by jo, by my en by alle Friezen útfanhûs, en wy moatte mar it bêste en skjinste plakje fan ús hert foar har rom hâlde. Mar jins hûs mei dêrom ek wol skjin en klear bliuwe: want jimme wenje oan de wei, en as de keuning hjir ris troch kaam te riden, en de man dy krige ris toarst, en frege jo ris om in swolch kâld wetter of swiete sûpe, en hy kaam ris by jo yn hûs en fûn hjir de boel ris heibeiïch hinne lizzen, dan wiene jo ommers skjin ferlegen, Beik! Dêrom, pas op en hâld de boel klear.
Beik. Jawol, sa'n grut foarnaam hear soe fan ús sûpe of wetter drinke! Dat soe him sa nij bekomme as fleanen.
Master. Wêrom net? Doe de keuning jitte feint wie, doe het er wakker yn dat hjitte Spanje omramaaid tsjin de Frânsken: doe het er wis wolris in heale rider foar in frisse dronk kâld wetter jaan wold, as se dêr tusken dy hege bergen sieten; ek wol by Waterloo en noch lêst by Leuven, dêr se 't krap hiene. En mien jo, dat in âld soldaat 'erom jout wa him te drinken jout, in gnappe Fryske boerinne of in prinsesse?
Beik. Fij, master! In âld soldaat, sis je? Jo bylde dy goede man al nuver ôf.
Master. In goed man, jawol; mar ik wol leaver tsjin him ite as tsjin him fjuchte. Doe 'r by Waterloo de kûgel troch it skouder krige, doe soe er him de fingerseinen wol ôfbiten hawwe, sa heislike lilk wie de man, dat er de oare deis net wer mei syn folk 'erop los koe.
Douwe. En ik soe bliid west hawwe, as ik 'er mei in feardige skamper ôfkaam.
Beik. Ja, do biste altyd in hurd man west tsjin in weak tsjiis. Mar, master, is de keuning oars in goed man?
Master. Krekt lykas alle helden (krekt as ús grutte De Ruyter ek wie). Dy binne, salang as hja mei har fijannen wedde binne, sa troch alles hinne fûleindich, dat 'êr hâlden noch kearen oan is, en neierhân binne hja sa goed as se heech binne. En dat de man goed is, sjocht men oan syn wurk; hy wol it goede, en is it 'er jit net, hy siket 'erom, en dat is te priizgjen yn de man, en dêrom sil er ek in plomke fan my hawwe.
Douwe. Sil de keuning in plomke fan jo hawwe! Wel man, wêr sil dat yn bestean?
Master. Wel, ik sil him in rymke foarlêze.
Douwe. No, dat is jins minste wurk net; mar pas op, master, en stek de man net al tefolle yn de hichte; want flaaid wurde dy ljuwe genôch, en trochstring tefolle.
Master. Dat docht in goe' Fries net; dêr sil ik op passe; want it komt út it hert fuort, en ik dwaan it net om watte te freegjen. Hear mar ris!