Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 421]
| |
De foarname utfanhuzers yn FryslanGa naar voetnoot1Lânsljuwe!
De útwrydskheid heart net by ús thús; dêrom krije wy de namme wolris, dat wy lang gjin freonlike minsken binne. It poehei, dat 'er yn ús dagen makke wurdt mei it oankommen fan in keuning of prins, heart ek yn ús dagen thús: by de iene, omdat er in fertoaning meitsje wol dat er folle jild het; by de oare, omdat s' 'ermei ferlegen binne; mar by de measte, omdat s' 'ernei siikje, of teminsten om de geunst. Mar ongelokkich sjocht men ek, dat dy grutte roppers en razers de earste binne, dy in oare flagge waaie litte, as it har keuning tsjinrint. It echte Fryske aard is stadiger; fan dat aard jou ik hjir in priuwke. Lês it; en dêr it 't wurd is fan in liddich hjeldei, sa siikje 'er neat yn as de wille om jimme yn dizze freugdetiid op te fleurjen, en de keuning en syn hûsgesin op myn wize de eare oan te dwaan, dy sokke hege ljuwe takomt.
Grou, july 1841 e.h. |
|