Nijjierswinsk foar 1841
Tolf slacht de klok yn de âlde toer,
It winterwaar is kâld en soer.
Ik wol mar út it wachthûs gean;
Mar sjen 'k dêrjinsen immen stean?
Der komt in skynsel op my ta;
Wat wol dy faam mei blommen ha?
De klean dy binne wyt en rea,
Dy flodderje har om de lea.
Ei, leafke! sis, hoe lakest sa?
En rikst my moaie blomkes ta?
Dat is sa nuver hjir op strjitte,
Dat mei wol tsjoenderije hjitte.
Ik bin 't Nijjier, sa is myn namme;
Ik bin jit fan in âlde stamme:
Myn mem wie Hertha, de goadinne,
| |
Fan alle minsken mem en minne;
Dy al wat libben het op ierde
De segen en 't gelok tafierde.
Kom, wachtman, lit my hjir wat bliuwe;
It lykje hjir wol tsjeppe ljuwe,
En lit my einling hinnerinne,
Dêr al myn susters gongen binne.
Men acht hjir sokke fammen net,
Dy nachts op strjitte omrinne as slet.
Ik kom fan God hjir yn it lân,
Om goed te dwaan mei 'n mylde hân;
Dêrom lit my mar feilich binnen,
Om 't goede dalik te begjinnen.
Wel, bisto sa'n foarnamen frou?
Kom, wolkom dan yn 't âlde Grou;
En strui dan út, nei east en west,
Watsto fan God ontfinzen hest.
Jou sinneskyn genôch en rein
Foar 't sie, dat yn de grûn wurdt lein;
Jou de earme ljuwe wurk en brea
En berntsjes mei gesûne lea.
Jou rike ljuwe in edel hert
Ta heeljen earme ljuwe smert;
Beskerm de keuning en syn hûs,
Jou frede yn paleis en klûs.
Stjoer ús in nije grytman oer,
Dy de âlde liket yn 't bestjoer;
En meitsj' ek de âlde, as gûverneur,
Der Friezen eare en freugde en fleur.
Skink ek de boarger goed gewin
De keapman, skipper en de boer
Lit dy it goed gean op den doer;
En lju, dy tsjiere om in strie,
Besêftsje dy mei goede rie.
Dy noait genôch ha, skink dy neat,
Dy binne dochs oan de earmesteat,
Mar bring ferleeg'ne ljuwe treast
En de earme siken aldermeast.
En mennich faam, dy kreunt en stint,
Of 't wetter oer de wangen rint,
Jaan dy yn 't ein har hertewinsk,
Jaan dy in keardel as in stins.
Dat alles kin ik jimme bringe,
Mar ien ding wurdt 'erby betinge:
Pas jimme op! De Grouster ljuwe
Moatte altyd âlde Friezen bliuwe.
En as hja 't jier ferkeard begjinne,
Dan koe it jit wol earsling rinne:
Wês wurksum, kloek, mar ek plezierich,
Dan bliuwt 't âld Grouwergea woltierich;
Foar loaiens bring ik mei in roede,
Dêrom wês elk mar op syn hoede.
e.h.
|
|