Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 419] [p. 419] De iere maaimoarne en de minske Dêr ha we it leave foarjier wer Mei al syn noflikheid! Elts fûgeltsje is wer yn de wear En sjongt, en gûlt, en geit. De leave flinter komt 'erút En dwarr'lt de fjilden om, En siket mei syn fine snút, It swiet út krûd en blom. Hark dêr dat sêfte siichje ris Troch blêd en twiichjes gean. Snuve op! wat is de moarnloft fris Hjir yn dy boekenlean'. Hark dêr dy leave nachtegeal! Soe dy har leedsang jaan? Hoe kweeljend, earnstich klinkt dy taal Sa dompich út dy loan'! ‘Wy binne allegearre blij,’ Dat roppe se ús no ta; Ja, stomme blomkes sizze my: ‘Dan biste it ek wis; ja?’ En biste it net, och, minskebern! Wat dochste yn 't leave fjild? Krûp yn dyn hûs by de hurdshern' En sucht, of tel dyn jild. De grutte master fan natoer Fermeidet hjoed syn bern; Hy spriedet 't fjild mei blomkes oer En lit syn goedheid sjen. It gers komt út de grûn as brûs, De beam syn knopkes set. Fjild op! ferlit it neare hûs, Dy 't hert fol soargen het. Fjild op, mei lichte trêd en swier! Wês blij mei krûd en dier. Sjen op! 't ropt alles heech en fier: ‘Us God is grut en goed;’ ‘Is grut en machtich, ivich goed Foar al syn kreatoer: Do, minske, biste sof en tsjoed; Och! jaan dyn soargen oer.’ Dat sizze blom en fûgels my As tsjûgen fan Gods macht; Mar wêrom sjonge en pronkje sy Net yn de tsjust're nacht? Har sang, har swiete melodij Komt mei de dage oan: Ut leafde en pearsjocht sjonge sy Wer om Gods leave moarn. Mar 't is oan dy allinne jûn Gods grutheid oan te sjen, En dan, fan ierde en flêsk ontbûn, Nei Him ta op te tsjen. Mei krêft'ge wjukken rjocht, myn siel, Dy tsjin Gods himel oan! Oanbid mei de earste sinnestriel De Skepper fan sa 'n moarn! 1833 e.h. Vorige Volgende