De blide berntsjes
Ploaits de blommen, dy dêr bloeie;
Berntsjes! ploaits de blomkes jit.
Sa! no laitsje, en sjonge en djoeie,
Ear't de gouden tiid fergiet.
Hark it sûzen troch 'e stânen
Oer de griene Fryske lânen:
Snúf har friske loften yn.
Hark it leave ljurkje sjongen;
Hark! dy sjongt wer ta Gods ear.
Mear as tûzen falske tongen
Klinkt dy lof foar de Opperhear.
Sjen it blinkjen fan it marke;
Sjoch! de weachjes dûnsje wei.
Sjoch de swan, hoe dat er farket;
't Bolle wyntsje nimt him mei.
Dy sa frisk te bloeien stiet,
Sjongt wer yn de iere moarne
't Flugge finkje in aardich liet.
Hark ris, hoe de ekster skattert
't Eintsje yn it wetter plattert
Sjen de hege wolken driuwen
Sjen de sinne hearlik kliuwen,
Grutte boade fan Gods macht.
Hark it beuzich bijke brommen,
Flinters dûnsje yn pronkgewaad
Oer de millioenen blommen,
Dy Gods hân oer 't ierdryk spraat.
Fiskjes binne no oan 't djoeien
Sjoch de hege loft trochploeien
De âlde steatlike earrebarr'.
Sels de mieren yn 'e grûn;
Mar syn geast omheech te fieren,
Is mar oan de minsken jûn.
Al dy leafde, al dy wille,
Al dy goedheid is foar ús.
't Moat ús 't hert nei boppen tille
Moat ús hert fan drôheid brekke,
Rint ús 't each fan triennen oer,
Kin de ierde ús leed net tekke,
Dan sprekt ta ús Gods natoer:
Sprekt ús ta mei tûzend stimmen,
Sjoch! de krûdsjes op 'e grûn;
Sjoch! de sinne oan 'e kjimmen,
Nige har holle nei de grûn.
Is de dage wer oan 't kommen,
De ierde is in hôf fol blommen;
't Is Gods libb'ne skilderij.
Blydskip folt wer alle wrâlden;
't Rint fan wille, wille oer.
Sjonge as berntsjes fan natoer.
Sa moat ek ús hert optille,
As Gods freonehân ús slacht.
Folgje triennen op 'e wille,
Tink, de dei brekt troch 'e nacht.
Berntsjes, as 'er blomkes bloeie,
Ljurken sjonge yn 'e loft,
Wol dan op de blomkes lykje,
Haw dan as dy fûgels nocht.
Ploaits de blomkes dy dêr bloeie;
Berntsjes, ploaits de blomkes jit,
Ear't de tsjerkhôsblommen groeie,
En dy gouden tiid fergiet.
Grou, juny 1854
e.h.
|
|