Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Yn Drachten net bekend Yn 't tsjuster rekket men oan 't malen; Dat bart wol eltsenien; Mar yn de moanneskyn te malen, Dat is watte ongemien. Yn Drachten wenne alear baas Minne, In klokkemakkersbaas; De man wie oars fan Grou fandinne, Sa seit it âld relaas. Dêr wie er yn syn feintejierren Mei 'n kweade kop weirûn. Hy sei: ‘Ik reizgje wei om fierren. Bin 'k oan in sodze bûn?’ [pagina 414] [p. 414] Baas Minne by dominy Hy pakt syn ridskip yn 'e kiste, Mar reizge dochs net fier, En hierde, ear't syn folk it wiste, Te Drachten in kertier. Hy joech him wer oan 't âlde fyljen, En waard al skielik baas; Hy pielde net mei sûpen, spyljen, Mei swetsen of geraas. Dat woe hy ekstra-jern ek wite, En wie 'er grutsk op ek. Wat koe 'r it herberchgean útkrite! Want baas siet sneins yn 't hek. En dochs him lêste jern in sûpke; Want yn de ûlefljocht, Dan makke er sims al gau in glûpke By 'n buorman, dy 't ferkoft. 't Wie op in moaie sneontejûne! De moanne skynde klear; Doe sloep er nei syn buorman Poene En pakte er gau in pear. Dat brocht him al wat fan 'e wize, De tonge dûbeld sloech. Syn Foek sei: ‘Fuoi! It moat jin grize. Foi, dy ferflokte kroech!’ ‘Dat moat dêr moarn yn 't hekje sitte En mei it ponkje gean! Och, baas! jo soene dat dochs litte, Jo kinne kwealik stean.’ By dominy de klok opwine, Dat wie doe 't lêste wurk, En 't brocht him al wat yn 'e pine; Mar dy hear wie nin Turk. ‘De wyndrúf groeit net foar de spinnen En 't koarn net foar de gies. De wyn en 't bier ferhûg't de sinnen.’ Wie dominys advys. [pagina 415] [p. 415] Doe dy baas Minnes noas oanskôge En 't stive yn syn draai, Doe rôp er: ‘Wees hier welkom, oude!’ En baas niigde as in raai. ‘Hè! heww' we daar oans frynd, baas Minne? Kom, earst mar na de klok. Myn fyftechst jaar sal just beginne: Ik geef fandaach un slok.’ De barndewyn wie op morellen, En gong dêr feardich rûn. It praten, laitsjen en fertellen, Dat gong de hiele jûn. Mar einling waard it njoggen oere; Doe gong baas Minne fuort. Hy koe 't sa just de doar útstjoere Mar doe wie 't hui en hoart. Hy slingere 'er al nuver hinne, En makke mannich gier. Dan sei 'er ien: ‘De deaker, Minne! Dat pakje falt jo swier.’ In oar dy rôp: ‘Dêr giet er hinne! Hy het de klok opwûn. Wat sil syn âlde Foek opspinne, As hy sa thúskomt jûn.’ In tredde sei: ‘Baas het him rekke. Dat het er net fan spek. Dy kin him âlderwetsk tasprekke. Moarn sit er wer yn 't hek.’ Mar einling set er 't op in gieren; De strjitte waard te smel; En falt mei al dat núv're swieren Plomp yn de Dwersfeart del. En no begûn de baas te roppen; Hy oefe en jamm're sa! Hy stiek de earmen út nei boppen Oan buorman Abe ta. ‘Moat jo hjir yn de Dwersfeart rinne, En 't moantsje skynt sa gleon!’ Sei Abe doe tsjin buorman Minne: ‘Jo haww' tefolle preaun.’ ‘Och!’ sei er, ‘'k bin fan Grou fandinne, Yn Drachten net bekend: Oars soe ik net yn 't wetter rinne. 'k Bin 't paad hjir jit net wend.’ ‘Al fjirtich jier yn Drachten wenne, En net bekend mei 't paad? No sjen ik dat jo flouwe kinne. Kom hjir mar by it haad.’ Hja moasten baas by 't haad oplûke, En bringe him by honk. Dêr moast er oan de lonte rûke, Want âlde Foek joech fonk. ‘Och! kibjen ha ik net fertsjinne. De kweade het my dreaun.’ Mar baas dy waard mar hurd ferskjinne, En doe nei bêd ta treaun. ‘Dy kweade, dy sit yn de flesse,’ Sa spriek doe 't âlde wiif. ‘Dy het dy yn de Dwersfeart presse. Dy jouste siel en liif.’ Seis wiken waard him no it hekje Nei tsjerketucht ferbean. Dy lake 'erom, in oar woe lekje, Lykas dy dingen gean. Sjocht men no immen ris oan 't dwalen, Dy 't hynzer yn in steech opment, Dan seit men: ‘Sjoch dy man ris malen; Dy is yn Drachten net bekend.’ Mar docht 'er no in mispas immen, Is 't mar in skrand're fint, Dy is 't net kwealik mear te nimmen, ‘Dy is yn Drachten wol bekend.’ Grou e.h. Vorige Volgende