Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Oan myn stalke Freark Fontein Mei de lapekoer Moatt' wy einlik dan ferdwine? De tiid ús Fryslân ek fersline Mei syn stege hege sin? Moatt' wy Frânsk en Hollânsk tinze, Ja, ús taal, ús siel weiskinze, Om mar mak yn 't jok te gean? Nee, Fonteine! Wa wol bûgje, Stiennen oan de muorre loegje Fan kaapmomme slavernij; Kinne wy de see net damje, 't Alde folk sil we ús net skamje, Dêr ús 't bloed út spruten is. Salang as ús amme siket En dat bloed op harres liket, Stean wy foar har aard en taal, Wylst wy 't laffe griemmank heare, Dat se no ús berntsjes leare, As in heide iken peal. Hast sil dea ús eagen brekke En de nacht fan 't grêf ús tekke, Mingd mei echt en onecht skaai; As jins bern dit leaf dan lêze, O Fonteine, mocht dat wêze Mei in hege Fryske sin! Mocht har boarst dan prûzer tille Fan in eed'le Fryske wille, Dy it slavebret net fielt; Ja, op 't sjen fan beide ús nammen, Dy dêr stean as môg'le stammen, Romje op ús jiske jit: ‘Dizze twa dat wiene freonen! Wat feroare, dizze bleaunen, Wiene Friezen yn har hert!’ Mar salang my 't libben duorret, 't Bloed net yn myn ieren stjurret, Dy, Fontein! ferjit ik net. Salwert, 26 juny 1835 j.h.h. Vorige Volgende