Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende It ingelgereaunt op Schiermontseich De Noardsee dynde en gromde jit, Mar 't needwaar wie bedarre. De wrakken driuwkelen no oan 't strân, Mar 't folk koe docks wer farre. Hoemannich fisker kaam net wer! Yn 't djip wie hy ferdronken, En mannich widdo mei har bern Siet no yn rou fersonken. Ek Seakele, och! foer yn dat waar; Wêr stau er earm-man hinne? Dêr hie men taal of teken fan; God wist it mar allinne. Syn Tetke siet mei har twa bern De nachts nei 't waar te hearren, En wachte yn noed de tynge ôf Fan libben of fan stjerren. Har boai dy wie syn sânde al út, Mar 't golle mût'le famke Hie twaris earst de meiblom sjoen, En slepte, 't swiete lamke. Mei de eagen lei de poppe ticht En sobbe mei har lipkes, Krekt as se op memmeskurte lei En lurke oan 't folle titke. ‘Och!’ sei doe Tetk, ‘dyn heit, myn okk'! Wa sil dyn brea no winne? Wêr is dyn heit? Myn man, myn heul? O God! Wêr is hy hinne?’ Mei-ien begûn it froede bern Yn 't sliepke blier te glimkjen, En dobke op dobke loek yn 't wang Fan 't inichst sielfermeitsjen. ‘Us Sjurtke glimket!’ sei broer Sierk, ‘Sjoch, mem, hoe laket Sjurte! Hja laket mei de eagen ticht: Mem, wat soe dat betsjutte?’ ‘Wel, leave boai!’ sei Tetke doe, ‘In ingel is 'r om 't lamke. Dy reauntet Sjurte wat yn 't ear En boartet mei ús famke.’ ‘As berntsjes stjerre nimt ús Hear Har yn syn ljochte himel; Dêr wjukkelje se omheech en del Yn sillich boartgewimel.’ ‘En soms dan saai' se op ierde del, Fier út dy hege stjerren, En flústerje har pop yn 't ear It wurd fan God de Heare.’ Mei-ien waard rinkele oan 'e doar, En Tetk de klink flink iepen! En Seakle, sjoch, dy stiet 'erfoar Yn stoarm en weach behâlden. Tetk joech in gjalp, en doe deastil Kniep hja him yn 'e hannen. De leafde is stom; hja het nin wurd By 't wersjen fan de mannen. Doe Seakle oan 't tellen fan syn need, Fan blaksemfjoer en waaien; Hoe 'n trijemêster nêst har sonk, En by de wyn hja leien. [pagina 413] [p. 413] ‘En do, myn boaike!’ sei er, ‘Sierk. Hesto foar heit wol bidden?’ ‘Ja, 't Onse Vader trij'ris, heit! En dat het God ferbûke.’ ‘In ingel het er oan ús stjoerd; Dy reaunte Sjurtke yn de earen, Dat heit behâlden wie yn 't waar. No tankje ik God de Heare.’ As wy âld it onrjucht dwaan, De earmen grutsk minachtsje, Woll' de hillige ing'len Gods Net by ús oernachtsje. Mar de onskuld'ge sûgeling Siikje se yn alle herntsjes; Wat foar ús geheimnis bliuwt, Telle se oan de berntsjes. Schiermontseich, augustusmoanne 1823 j.h.h. Vorige Volgende