Want, o, hja is sa leaf en sa sêft as 't moai waar by har is; dan is it in doke; mar as de mûtse ferkeard stiet, hm! ik foaronderstel, dat dan de katte-aard boppedriuwt: dan byt se en klaut se, en hja gûlt it út. Hm! ik foaronderstel oars, dat hja in bêste hûshâldster is, kloek en sindlik is se; want jildtellen en fliejeien is har grutste útspanning, stel ik.’
‘Poeha en gjin ein!’ sei Age, ‘dêr moatte wy ris op drinke. Op 'e fliejacht, mannen. Myn wiif jaget my en de feinten en fammen. Wat is 't treastlik, dat se op 'e kreambesite is! 't Is in divelsk soadsje dy frouljuwe! Men kin 'er net sonder en net by wêze. Poeha! soene it wol minsken wêze? Ik leau, dat it mar minskebehelpen binne.’
‘Ja, nee, no,’ sei Tjitte, ‘in pompstok is ek al in minskebehelp, en al gûlt en kreaket er wat, wy kinne him net misse. Sa giet it ús mei de frouljuwe ek: de iene ropt en raast, de oare jeuzelt, in tredde stunet, in fjirde fysket altyd yn hûs om, en koartom elts het syn lek en brek. No, ja, no kleie wy, mar dat helpt ús neat; want wy binne keppele rammen; wy meie mei de keppelstôk ombingelje sa't wy wolle, hy bliuwt ús oan 'e hals hingjen. En wy hawwe se sels opsocht, en faak mei bidden en smeken, mei suchten en triennen it jawurd krige.’
‘Hm! ik foaronderstel nammentlik,’ sei Durk, ‘dat de froulju sims al safolle frije as de manlju; net mei de mûle, mar mei de eagen, stel ik, en dêr betsjoene se de manlju mei. Men seit wol fan âlde tsjoensters , mar dêr binne folle mear jonge tsjoensters , en dy lûke jin oan, foaronderstel ik nammentlik, dat ik al ris mei hynzer en karre yn de sleat mend bin, sa seach ik nei in jong frommeske, dat yn it lân stie te swyljen mei de bleate earmen. Dy hie my yn de hinnereis freonlik taknikt. Dêr kaam dat fandinne.’
‘Hoar ris, wikje segge, sikje segge, jonge frouwlúden is nòch un aardech goëdsje, mar as se ouder wurde, dan ken de dúvel hòr wel as pròkkereur brúke. Ik hew dar twie bij de skoal woanen, dat binne kwade rakkers. As se kwaad wurde, dan is 't krekt as de see opkomt. Sij kraaie ut út krekt as de oude kipen, dy gien eiers mear legge.’
‘Ja, no; nee, no,’ sei Tjitte; ‘ja, jo neame dêr ek sokke earste bekstikken. Sokke heksemasters binne 't ek allegearre net. Nee, no, wy wolle allegearre graachâld wurde, en dy sloven, dy yn har jonge jierren sa'n ellinden en tramtaasjes mei de bern útstien habbe, oer ien kaam te skearen, omdat 'er ytlike kweade onder binne, nee, no, dat komt net te pas nei myn sin.’
‘Poeha en gjin ein!’ sei Age. ‘Dat je in frouljugek wiene, dat wisten wy allegearre wol, mar âlde froulju binne minder as âld blik. Dêr kin men jitte rinkelbellen fan meitsje oan de bernehoepen, en âld lear kin men de kachel mei oanstoke. Koe men se jitte mar ferroalje oan de poatskippers foar poat- en panguod of nije romers, mar hja binne neat wurdich.’
Doe sprong Age syn wiif ferwoed fan it bêd ôf en sei: ‘No wurdt it my te mâl, skobbejakken dy jimme binne! En do tenminste,’ sei se, en doe treau se Age de fûst onder de noas; mar Age sei gjin poeha, en siet as in ferwezeling. ‘Sitte jimme dêrom hjir te wynbealgjen fan myn jild? Want hy het 'er neat ynbrocht as in pak klean en in brêgemanspak, dat er jitte boarge hie. Sitte jimme dêrom fan myn jild te sûpen, om de froulju alle hoan en smaad oan te dwaan? Jimme soene leaver oer kij en hynzer prate, lykas jimme freeds op 'e Os dwane, salang as jimme op 'e stoel sitte kinne. Dan komme jimme gjin minsken tenei. Mar ik sil net skelde en rache, lykas masterke die, doe jimme dêr te iten wiene. Dy sonde binne jimme my net wurdich; mar ik sil jimme in teltsje fertelle, dêr jimme jimme ris aardich oan spegelje kinne.
Jimme moatte dan wite, dat 'er oan de Tsjûkemar in kroechje stiet, dat neamt men de Brette Hoanne. No, dêr wenne sawat in glêde widdo yn fan sa'n stiif tritich by de fjirtich jier. Dêr lei ek in preamskipper, dy mei syn wiif allinne foer; dat minske wie gânsk in ruk âlder as har man. No hie de man smuchte op dy glêde widdo, en dêr wie er net by wei te slaan. Dat sangere dêr twa, trije dagen by om; in goed slok dêrby drinke. Einlinge waard it seil ophyst, en doe mei in westewyn nei Twa-Hûs ta, oan de oare kant fan de mar. It wiif hie al watte prottele, dat er dêr salang omneuld hie, mar de skipper sei neat,