Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermdDe ljuwe fan de pomp
| |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 335]
| |||||||||||||||||||||||||||||
Dragonder. Hoe binn' je no sa onnoazel, wachtmaster? De hearen ha my set op in romerfol, en dat ha ik oannomd. Foar ien romerfol deis en nin drip mear, dêr klaai ik my foar. Mar de presidint het nammers net sein, hoe grut de romer wêze moat. Dêr is net fan kikt. As ik my hâld oan ien, dan ha ik oan ús kontrakt foldien, en ik kin nammers in romer nimme, dêr ik mei twa eagen allyk yn sjen kin, ja, ien romer sa grut as in skilderhûs. Wachtmaster. Dat skilderhûs kin dyn deakiste wolris wurde, feint! Tink om Bouwe, dy juster yn de jenever smoard is. Dragonder. Ferdomd, ja! dêr bin 'k by west. Hy kaam juster út de Trije ferrotte Skylfisken nêst de kazerne, en hy wist fan Tewis of Mewis. Fuort dêrop krige er in bloedspijing. Wy brochten him op in ljerde yn 't hospitaal, en om seis oere wie 't in dea lyk. Doe 'k him it lêste leppelfol fan syn drank ynjûn hie, frege ik him as er de pastoar ek hawwe woe. ‘Nee, kammeraat,’ sei er, ‘mei in oere sprek ik de baas sels; ik ha mei syn feint net te parten.’ It muoit my eigendivelsk. It wie in oprjuchte keardel, en hy hie in siel sa blank as in skylde klaai-ierappel. Mar it is better in koart en in goed libben, as ivich om te heukerjen. Sille wy ut kyn nòch ris un bekje geve, wachtmaster? Wachtmaster. Om de bliksem net, feint. Wy hawwe no rju fan Jan Doedel; of wolste yn 'e kast? Of de bek fol modder lykas Bouwe? (Jalke in âlde hôfsboade, Ynse kaptein op Eastynjen, Geale-boer en Jappe tromslagger komme yn, wylst de dragonder dit seit.) Jalke. Dêr habbe wy no al de earste bekearling fan it genootschap. Mar hjir te lâne kin dat net oars. De b'rakken fan ús kriichsfolk binne meast tsjust're stjonkhokken, âlde b'rakken, dêr se aleartiden justysje yn dienen, of in kleaster holden, of spinhûsboeven opsleaten, ensafuorthinne. Dêr is it sa griemich en near, dat de soldaat sit 'er nin minút langer as hy moat. Ynse. En wêr giet er dan hinne? Jappe. Dat sil 'k dy sizze, kaptein. Ik bin ek onder de soldaterije west. Al dy b'rakken steane meast yn efterommen en binne bedobbe yn lytse sûphûskes en grûzige gribussen, dêr foar in duitmannich bline nearring yn dreaun wurdt. Dat tydferdriuw hienen wy nêst de doar. De overheid hie 'er neat tsjin, en wy sieten meast onder in healfearntsje of by Jank-en-harre, en ek wol, as it gaazjemintsdei wie, by beiden allyk! Nee, dat wie oars yn Frankryk. Dêr bin 'k ek west. Mar dêr hienen wy b'rakken as paleizen. Efter de b'rak in fjild, dêr wy koarddûnsen, sprongen, yn mêsten of touwen kladderen. Yn de b'rak in seal om te skermjen en te dûnsjen. Dan noch in kantine, witste? Sa'n kofjekeamer, yn in moaie seal, dêr bêst iten en drinken, entabak ta de minste prizen ferkoft waard. It kaam nimmen fan ús yn de kop, om út ús kantine nei in lyts smoarch sûpkrûpyn te gean. Jalke. Sa soargje de Frânsken foar de gevens en de krêft fan har leger. Dy godleaze Frânsken! En wat dogge wy fromme, dimmene, godstsjinstige en seedlike Nederlanners? Wy bringe har iend'ris yn 'e wike nei tsjerke, en dan moat de dominy 'er al de fûlens yn ien healoere ôfskrobje, dy se de hiele wike lâns yn de sûp- en spylhûskes opdien habbe. Hessel. No, ik moat ta eare fan de Ingelsken sizze, dat hja de Frânsken nei op de hakken binne. Dêr bin 'k wol faak yn de b'rakken west, ek wol yn Ierlân; mar by eltse b'rak is ek in grut plein, dêr de soldaten fan alles dwane, wat men hjir te lâne yn spullen sjocht. Dêr leare se springen, mids yn de sprong oer de kop tommeljen, mei gewichten fan hondert pûn as klinkertstiennen omkeile, oan de teannen hingje mei in bosk fan oare keardels yn de earmen, ensafuorthinne. Dy hânswoarsten yn de hynstespullen (clowns), dy sokke nuvere sprongen en gridzen meitsje, binne meast efter de b'rakken en fabriken útbret. Want de Ingelske fabriken hawwe dy pleinen ek efter har om it arbeidersfolk yn 'e skoften út de sûphûskes te hâlden. Jalke. No, in smoarge b'rak om in sûper te wurden, of in moaie b'rak om in linich en sterk keardel te wurden, dêr lis ik nochal in botsen tuske. O! Dat Nederland is zulk een zoetendal! Mar ik leau dat hja op ús wachtsje. | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 336]
| |||||||||||||||||||||||||||||
(Hja geane yn; Jappe tromslagger en Geale-boer binne efkes foar har.) Presidint. Dêr hawwe wy de tromslagger ommers ek. Men soene sizze, wat dochsto hjir? Fan dyn jeneverjen ha 'k kikken of mikken heard. Jappe. Dan habbe jo net alles heard, presidint. No bin 'k net oan 'e drank, mar 'er yn myn jonkheid om-ende-by oan west. Ik hearde yn 1794 onder de patriotten, en doe sieten wy alle dagen yn sosiëteiten en fraterniteiten te pimpeljen, om de aristokraten de skop te jaan, en de Bafiaanske, ik woe sizze, de Bataafske Republyk op 'e proppen te helpjen. De Frânsken soenen ús ferlossers wêze, en hja habbe ús ek ferlost fan hondertmiljoen gûne, mar foar dy profytlike ferlossinge wie it soms wikkerdewik wa it winne soe, de Frânsken of de prins en syn alliearden. Ik wenne doe te Boalsert, en it hûget my as de dei fan hjoed, hoe wy alle dagen in bryk gat nei Goaitsje yn 'e Doele rûnen; moarnsier en jûns let, kin 'k dy sizze. As wy by eltsoar kamen, lieten we faak de koppen hingje, omdat 'er kwea tynge komd wie. Mar as it earste romerfol 'eryn wie, dan glierren de steatkundige kimen al watte op; by it twade hienen de Frânsken de alliearden slein; by it tredde, as 'er immen de treppen opkaam, mienden we, dat it de miebringer wie, dat de Frânsken mei geforceerde marches rjucht op Hollân yn oantocht wiene, en by it fjirde romerfol wiene wy poergleon en seagen de Frânsken mei wollene tekkens oer de bleate bealch lâns de Dylakker marsjearjen; wy spjelden de nasjonale kokarde op it festje; wy dûnsen en wy songen dat it davere: Dansons la carmignole!
Vive le son! vive le son!
Vive le son du canon!
Geale. Ja, Jappe-heite, dy pest ha ik ek hân, mar no 'k 'erfan genêzen bin, bin ik better as in oar, dy him net hân het. Ik tink sa mar, it giet de minsken as de kij yn de feepest. Tûzenen stoaren, mar dy 'er trochkamen hienen de pong om 'e hals. Hja waarden tsienris sa djoer betelle as ien dy de pest net hân hie. Mar wat woeste no dêrmei sizze? Jappe. Wat ik de presidint sizze woe, dat is, dat ik yn dy rûzemoezige dagen de kop sa fol hie fan de Frânsken en de polityk fan de Steat, dat ik de steat fan mysels fergeat. Wy disputearren dat we skombekken; wy smookten ús swart, en wy pimpelden de hiele dei yn de fraterniteit foar 't behâld fan 't vaderland, sonder te bemerken, dat wy swietsjeswei jeneverhâlden waarden en ús bedriuw fergeaten. Ik wie gau safier hinne, dat my middeis en jûns de wjirmen pleagen, as 'k net onder in slok siet. Op in sneontejûn (it sil my nea ferjitte) kaam ik om âlve oere fan de Doele ôf mei in goed stik lead op 'e holle. Ik rûn de Dylakker lâns en ik wie omtrint yn hûs, doe it krekt wie as de fuotten my ynienen onder it gat weislein waarden. Ik trûzele yn in dobbe mei wetter, dat my it himd tsjin it gat plakte. Dêr siet omkoal yn 't tsjuster, wiet en ongedien. Ik wraamde en skrabe al yn dy dobbe om, mar al soe it boarste, ik koe net oereinkomme. De holle wie my wol tûzen pûn swier. Sa as ik dêr siet frege ik mysels: ‘Wa sil no baas wêze, Jappe tromslagger, of de jenever? Ik sis fan Jappe tromslagger.’ Mei-ien kaam de rattelwacht, dy my opholp en nei bêd loadste. Ik hie gau it fel oer de eagen, mar dat wie 't lêste sûske dat ik útslept ha. Ik makke mysels stêdskyn en stelde my op rantsoen. Alle dagen in romerfol, en sont dy dei ha 'k ek nea in drip mear hân. Presidint. Is dat wier? Geale. Dat is de suvere wierheid, presidint. In tromslagger het 'er oars wol okkaazje ta, want hy is meast by de strjitte; hy moat alle kroegen foarby; mar je ken 't him tapije sa't je wolle, hy giet net oer syn rantsoentsje. Presidint. No, dan heste 't fier brocht, Jappe. Do heste macht oer dy selme, en do hoefste net yn ús Genootschap. Jappe. It is my better ôfgien as myn kammeraten, dat allegearre seupelers wurden binne. Sont it patriottisme het it dageliks sosiëteit- en herberchrinnen, en dêrmei it sûpen | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 337]
| |||||||||||||||||||||||||||||
earst krêftdedich oanfang nomd. Us omke neamde sosiëteiten dêrom sûpersteiten. Tefoaren kamen se net yn herbergen as op ferkeapingen, of om keamer te hâlden as 't merke wie. Dêrom soene men doe ek rju sjen, dat de oranjeklanten, dy yn de fraterniteiten net kamen, lang stadiger en dimmener ljuwe bleaun binne as de patriotten. Jalke. Ha jimme hast dien? Jimme sille salang patriotsje en oranje, dat jimme de kop wer oranje wurdt. Ik bin 'er sa sêd fan as spein spek. Presidint. Wat hiene jo te sizzen, boade? Jo habbe de reade roede lang drein, en ik haw noait net heard, dat jo onbekwaam wiene. Jalke. Ik kom ek net foar mysels, mar foar myn skearbaas. Dat is in âld sondaar, dêr net folle salve oan te striken is. Mar om't it sa'n skrandere en dea-earlike keardel is, wol ik him dochs net yn dy stjonkene jenever fersmoarje line. Mar foardat ik him hjir mei syn freonen foar de rie bring, woe ik earst wolris wite, hoe wy ús prikken yn 't wurk stelle sille. Hy is net foar ien gat te fangen. Presidint. Dêr is mar ien wisse smeet op: ôfskaffing fan alle sterke drank; nin drip mear nimme. En kinne hja dat ynienen net, dan alle dagen in drip minder. As je hjoed in eart yn de romer dwane, moarn twa, oarremoarn trije, ensafuort, dan krij je de romer njonkelytsen fol earte; en dêr bliuwt in bytsje romte foar de drank. As de lytse bern swietkeswei fan de tate wenne; mar ynienen stean litte, dat is de baas, boade! Oars bliuwt it mar kliemen. Jalke. No ja. Mar kinnen is ek wat. En dy it kin, is noch net siker fan syn stik. Presidint. Ja, wol siker. Dy't him wyt te ferbrekken, dat er yn in healjier nin drip krijt, sil noait 'n drip wer nimme. It is in wenst. Jalke. Dat kin ik amper leauwe, presidint. De monnik Mathew het honderttûzenen fan Ieren onder de eed nomd, dat hja nin whisky wer drinke soenen, en no habbe se allegearre de eed fergetten. Hja habbe him it orkelpân (the pledge of de penning) werombrocht en sûpe as keallen, krekt as tefoaren. En 't koe ek nea oars; want hy joech neat foar de whisky yn it plak. Allinne dy healwei wiene en in goed sin hienen, binne by har wurd bleaun. Mar dêr komt Joute-baas mei Ynse-en-harre oan.
Presidint. Dei jimme allegearre, freonen! Gean sitten, en stek ris oan. Ik sil jimme aanstons in kopke tee skinke. It sinnicht my altiten wakker, dat sokke gnappe ljuwe as jimme yn 't Matigheidsgenootschap geane. Ynse. Dat noch net, presidint, mar wy wolle 'er mei jo wolris oer prate. As jo ús oertûge kinne, dat it nuttich is foar ússels en 't algemien, dan sille wy aanstons ús hân sette. Ik stek mei nin kaptein yn see foardat ik wyt, dat hy in goed kompas het, en dat hy kompabel is om my yn de haven te stjoeren, dêr ik hinne moat. Presidint. No dan, sa freegje ik, wurdt de man troch de drank nin bist? Bestiet 't geheim om siel en lichem sûn te hâlden dêr net yn, dat men mjitte yn iten en drinken wit te raamjen? Ynse. Tajûn. Mar doch 'er dan, as 't je b'leaft, mjitte yn 't jildwinnen by; want dat fermoardet krekt safolle sielen en lichems as de drank. Wêrom dan net krekt sa goed in Matigheidsgenootschap tsjin it jildskraabjen as it sûpen? Presidint. De jilddivel is in ongenêslike epidemy oer ús hiele ryk, dy sa âld is as de namme fan Hollân. Aste 't lân dêrfan genêze woeste, moatste de ynwenners as de Kanaäniten útroeie, of allegearre nei Nij-Hollân stjoere om goud te dollen, en plantsje in oar naasje op dit plak. Wy wolle no nin âlde kanker útsnije. Wy hâlde ús mar by de drank, omdat dy sjuchtme pas in 60 of 70 jier âld is. Dêr is noch kerearjen oan. Ynse. No, dan nochris, tajûn. Presidint. En dêr komt dan noch by, dat it Matigheidsgenootschap in echt Nederlânsk genootschap is, dêr ús lân as syn útfynsel grutsk op wêze kin, en dat wy as Nederlanners, | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 338]
| |||||||||||||||||||||||||||||
salang as de eare fan 't lân ús ter herte giet, mei alle mannemacht fuortsterkje moatte. Ynse. Dat leau ik skraach, presidint. Ik ha no in Ingelsman as passazjier fan Java yn de kajút hân, dy in pear jier te Canton yn Sina west hie, om de mandaryns ris te kloarkjen, wat hja wol fan de religy en de God fan de kristenen tochten. ‘Wel,’ seinen de mandaryns, ‘jimme God dat is in jeneverfet, dy jimme tsjinje mei sûpjen, en bealgjen, en huorkjen, en wa dan yn syn dronkenskip it dierberst flokt, it moarddédichst fjocht en alles stikken slacht, dat is de fynste kristen, dy it bêste plak yn jimme himel kriget.’ ‘Mar wêr fyn je wat yn ús evangely, dat nei sa'n god en godstsjinst swimet?’ frege de man. ‘Wat jimme leare of sizze, dat rekket ús net,’ seinen de mandaryns; ‘wy weage jimme, net nei jimme wurden, mar nei jimme dwaan, en dan sjenne wy, dat al 't folk, dat sneins fan jimme skippen hjir te Canton oan wâl komt, neat oars docht as sûpen en huorkjen, en alles hjir yn grús en eleminten bruie soe, as de polysje har net bûn en as wylde bisten wer yn har hokken op de skippen efter it slot smiet. En de snein is ommers de dei fan jimme God. Jimme neame it alteas ‘de dei des Hearen.’ Presidint. Wat wolle jo dêrmei sizze, kaptein? Jo siikje it fier, as je fan Sina op ús Genootschap delkomme sille. Ynse. It bôget wat om; mar dat binne de Eastynjefarjers sawat wend mei de passaatwinen. Dan lavearje wy ek, en meitsje wolris oersneden fan dagen en wiken lang. No, om koart te gean, 'er binne doe in pear sindelingen fan de Ingelsken yn Sina optein, en dy hawwe twa Sinezen bekeard en doopt en dy hawwe se doe in sulveren doopbekken jûn; want dy soene dan wer op har bar fan har lânslju bekeare en dope, omdat it foar Europeanen sa'n slim ding is om fluch mei it Sineesk om te gean; alteas om dêryn sa mûlryp te wurden, dat men de Sinezen oerhelje kinne om de âlde godstsjinst fan 't lân ôf te swarren en it kristendom oan te nimmen. No, ja, dizze twa splinternije Sineeske kristenen soene dan yn har eigen moerstaal it evangely oan har lânslju preekje, en dat soe gean as in liere. It like, miljoenen Sinezen soene gau har Boeddha de skop jaan en kristen wurde. Mar de Sinezen hienen nin smucht op in jenevergod of de jenevertsjinst, seinen se. Hja fûnen Boeddha en de opium better. Dy twa sindelingen ferkoften as goede Sinezen it sulveren doopbekken foar âld sulver; it jild stieken se yn in lytse smouzenegoasje, dy se yn 'n marse lâns de hûzen tôgeneGa naar voetnoot1, en dêr hawwe jimme no it ein fan it kristendom yn Sina. Dat wie no bûtelânsk, lit Hessel jo ris fertelle hoe it binnenlânsk is. Hy komt 'er om de fjouwer wike. Dan leit er mei de aak te Londen. Hessel. Ja, dat sûpen dêr moatte men sjen om it te leauwen, presidint. As it arbeidersfolk sneontejûns it wykjild bart, dan keapje se earst iten foar de folgjende wike, en wat 'er dan oerbliuwt dat fersûpe se mei wiif en bern, en dat libben duorret faak fan sneontejûne oan moandeitemoarne ta. Presidint. De froulju ek? Hessel. De froulju, presidint? It jild rint by de froulju as wetter troch de ielbonne. Aste in frommes dêr in trijegûne jouste, dat is krekt safolle aste in deade smous yn 'e hel skopste. Want de froulju fan it ambachtsfolk nimme har drippen krekt sa goed as it manfolk, en dy sneontejûne ris yn in jeneverpaleis giet (want kroegen lykje dêr wol betsjoende paleizen)... Jappe. In jeneverpaleis; is 'er dan in kening yn? | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 339]
| |||||||||||||||||||||||||||||
Hessel. Nee, mar sa moai binne dy hûzen. It liket wol, dat de satan se mei goud en ljocht oppronke het, om de earme sielen noch better te ferlieden. Ja, by het syn eigen dochters, de moaiste jonge froulju fan Londen, yn peaskepronk 'er efter de toanbank by set, dy taapje. En fregeste: is 'er yn sa'n paleis in kening? dan sis ik: nee; mar wol keninginnen, en dat binne dy fammen. - No sis ik, aste sneontejûns ris yn sa'n jeneverpaleis gieste, dan kinste ris sjen, hoe dy Ingelske arbeidersfroulju it raande fjoer samar yn de termen jitte. Dat is neat om dêr yn ien kertier in tweintich fan dy ljitskes te sjen, dy de iene foar, de oare nei, troch eltsoar in romerfol of trije samar foar de toanbank wei 'eryn wippe. Want de Ingelsken priuwkje 'er net oer lykas wy. Hja slane har brandy en whisky troch krekt as in swolch reinwetter, sonder in each te ferlûken. Jappe. Dan sil 'er sneontejûns ek wol skeef folk lâns strjitte swiere. Hessel. Nei tsienen, leau ik, net ien, dy suver nofteren is. Us Abe wie okkerdeis te Glasgow, doe 'er krekt in publikaasje oanplakt stie om de boargers oan te moanjen ta matigheid, en dêr sei de boargemaster yn, dat 'er sneontejûns nei tsienen tsientûzen Glasgowers, sa froulju as manlju, stomdronken leinen, dy moandeis noch net goe' wer by har wee wiene. Jalke. No, ha je de getugen heard, presidint. Sûpe as kreupels; nin noed fan it jild stean, en dan fan in arbeidersdeihier bestean. Wêr moast dat oars belânje as by de earmesteat? Mar dy earmesteat sei gau: ‘Mannen, jimme frette my op; ik ha net mear.’ Dêrom leinen se in earmetaks op alle hûzen en lannerijen. Doe wie 'er bod, dat begryp je, presidint. De earmen fregen net mear, mar hja easken onderhâld. ‘De wet kent it ús ta,’ seinen hja. ‘En salang as 'er noch in pûnmjitte lân ferboud wurdt, en 'er fan in hûs noch twa stiennen op eltsoar steane, wolle wy uzes 'erfan ha. En as jimme it net jane, freonen, dan sille we jimme it blanke mês ris sjen litte, en ich of rich mei jimme boartsje; en dan sil rich brea en ich bloed wêze.’ Jo kinne je begripe, presidint, hoe dat de besitters smakke. Bloedich foar de earmen opbringe, en fan deselde lju, dy har opfrieten, noch in wize bek ta. Dêr moast remeedzje foar wêze, it gong sa 't gong, en doe begriepen se gau, dat se de kwaal yn de wurtel oantaaste moasten. Mei it onderhâld fan de earmetaks hienen se tûzenen ferlaat om har by de earmesteat oan te jaan, dy 'er tefoaren net om tocht hienen; hja hienen de earmen en de earmoede tûzenris grutter makke. Dêrom seinen se: ‘As wy de earmen net leare, om it sûpen te litten en sunich te wêzen, dan komme wy yn der ivichheid net út de luzen, en hja sille ús op it lêst mei hûd en hier opfrette.’ En dêrtsjin fûnen de Ingelsken doe út het Matigheidsgenootschap en de Spaarbank, twa echte Ingelske ynstellingen. It iene wol sizze: ‘Lit de drank stean!’ en it oare: ‘Pas op de heale sinten, de ryksdaalders sille wol op harsels pasje.’ No, omdat de Ingelsken it hienen, moasten wy it ek ha, dat spriek as in boek; want as wy net foar aap spylje, wat sille wy dan dwaan? In Nederlânske útfininge is it net, presidint, en as it in Nederlânske útfininge wie, soenen de Nederlanners it ek net iender's habbe wolle. Mar as wy dan dochs nei-aapje moatte, dan koene wy al net better útsiikje, as om de minsken nofteren en sunich te meitsjen. Geale. Dat is wier. Mar wy binne nin goede apen. Wy sette it ding op 'e kop. De Ingelsken hienen earst de earmetaks, en doe de Spaarbank en het Matigheidsgenootschap. Mar wy earst de Spaarbank en het Matigheidsgenootschap, neierhân de earmetaks. Yn 'e Dongeradielen dêr ferlustigje de ljuwe har al yn dizze seine. Dêr binne al boeren dy fjouwer-, fiif-, ja, ta achthondert gûne ta jiers oan earmejild betelje. Helje oan mar! Hoe mear hja betelje, hoe mear earmen hja krije! Joukebier is swiet bier. Dêr binne rju, dy de seine te grut wurdt; hja ferkroadzje nei oare gritenijen, en ek wol nei Amearika. De ljuwe gean leaver de wrâld út as har libbend opfrette te litten. Presidint. It liket wol, boade, dat jo yn dy dingen omstudearre habbe. Jalke. Studearre of net, mar as ik wat hear, dan merk ik op, en dan gean 'k as de hearen fan 't Fryske Hof te rie mei it sûne boereferstân, sonder te harkjen nei it gekraai fan de dominys en de filantropen, dy noch meitsje sille, dat de earmen ús tsjinstjonke fan loaiens, en ús mei ham en gram opplúzje. | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 340]
| |||||||||||||||||||||||||||||
Presidint. No, lit it in apespul of eigen baksel wêze, as it genootschap fan sûpers mar nofteren minsken makket, dan moatte jo en elts syn bêst dwaan om it op 'e proppen te helpjen. Ynse. Dêr het de presidint gelyk oan. Hajonides (mjirkes dominy, lid fan de rie). Mar foardat wy fierder geane, freonen, woe 'k wolris wite, of ús foarâlders ek ús Genootschap net nedich hienen? Gongen dy har ek net te bûten? As ik de registers fan de sensuer yn ús âld tsjerkeboek neisjen, dan komme dêr eltse kear rju dronkene lidmaten foar de knobus, dy fan 't avondmaal set wurde. Presidint. En wat in drinkark het me' noch net fan har oer, dy no noch yn de kasten fan de âldheidkenners pronkje! Wy hawwe ien romer, en dêr hâldt it mei op. Hja hienen wol tweintich, elts fan in oar makkelei, en elts foar in bysonder oansit. Sint-Geertruden-minne, Hansje-yn-de-kelder, Duc-d'Alfs, romers mei bellen, en wa wyt al net mear. Dan noch dy nifeldinkjes om eltsoar de wyn ta te pijen, sa as sulveren bekerkes mei mooltsjes, of in drink- en klinkglês mei in foet as in moarmert, dy net stean koe, en ynienen op moast. Dan noch dy grutte bekers fan sulver; dy oeribele bokalen fan grien glês mei grouwe warten 'erop; dy flechten fan lange bôgige oksehoarnen mei sulver beslein, dy allegearre earder útfûn lykje te wêzen om bisten te boarnen as minsken te laavjen. Tamke. Dat liket al nuver; mar de âlden hienen fan dy dagen en riten, dat hja it 'erta setten. Dan gongen se 'er oan 'e hoasbannen mei sûpen troch, en dan krigen hja faak wer yn in healjier neat mear as in gleske hûsbier, dat hja op it fet hiene. Dat wie safolle as ús kofje en tee. Grypsma (abbekaat, lid fan de rie). Dêr seiste wat, skroarke, dat is wier. Wy hawwe noch fan har oerhâlden de merken; dan dogge w' ús ek te goed. Mar hoefolle feesten hienen hja boppedat? Dan hienen se kopermoandei; dan in gildemieltiid; dan de buorrerekkening; dan prinsejierdei; dan in brulloft; om it fearns- of healjier wie 'er altiten watte te rêden. En omdat hja it oars net krigen, sûpten hja dan, dat hja pûleagen. Yn de mindere klasjes rûn dat dan jamk safier, dat hja as earme helden yn eltsoar omsloegen, ek wol de rún fan stâl hellen, en eltsoar sneinen, dat de termen op 'e skuon hingen. Hja seinen: ’Dat feest is 'erfoar; de tiid seit sa,’ en nimmen betocht har dêr tenei om. Hja slepten de rûs út, en de hûd hie jamk in healjier fakânsje. Sa koenen hja dy bealchpartijen útstean, en it bleauwen 'er geve keardels mei rêgen onder, dat sis ik jimme. Wy sûpe op in stuit net it tredde part, wat ús foarâlders dienen; wy hawwe 'er ek safolle gefjucht en geskras net by as hja, omdat 'er safolle pit net yn ús sit; en dêrom ropt it sa lûd net. Mar wy nimme de drippen alle dagen, op eltse oere fan de dei yn; moarns, middeis en jûns; wy nimme se altyd, en hoewol by lytser dosis, sa giet it ús dochs as de stedlju sizze: Al wearan, al wearan,
Maakt mennech oud peard lam.
Wopke (in âld rintenier, lid fan de rie). Do heste it goed yn de gatten, Grypsma. De âlden koenen it fiterje; it wiene ljuwe mei ynhâlden. No soenen se mei de helt stomdronken wêze, dêr se doe mar in sneedsje fan yn 'e noas hienen. Om de streek fan santsjinhondertfyftich begûnen de rike lju it hjir wakker yn it Frânsk djoerhollich swiet te lizzen, lykas ús Gysbert-omme seit; dat is, yn de reade baai. Mar doe siet 'er noch safolle fan it âlde pit yn de minsken, dat hja 'er in ammerfol fan bergje koenen. In âlde nift fan de Grêftswâl, juffrou Wopkens, ferhelle my wolris, dat 'er, doe hja in jongfaam wie, fjouwer hearen fan de kunde fan har heit wiene, dy jûns by 't kaartspyljen elts in kwartsje wyn efter har stean hienen, en as hja opstienen hie elts syn âlve flessen himmele. Dêr kuieren dy hearen hiel dimmen mei nei hûs, krekt as hja in kopke tee brûkt hienen. Presidint. Sokke talinten hawwe wy, Godtank, net mear, en wy hawwe dêr net foar te kedizen. Wy moatte mar meitsje, dat ús jeneversûpers nofteren en bekwaam wurde, en as ús Genootschap safolle mânsk is, leau ik dat eltse gnappe keardel it op proppen helpje moat. | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 341]
| |||||||||||||||||||||||||||||
Ynse. Dêr het de presidint gelyk oan, mar mei dominys en rike lju, dy ite en drinke wat se lêste, sil it net lokke; dêr moatte oare prikken yn 't wurk steld wurde. Yn Noard-Amearika wurdt ek grousum sûpt, mar dêr hawwe se remeedzjes, dêr ik hjir net fan hear. Sa is 't wier, dat de skippen, dêr it measte sûpt wurdt, ek it measte fergean. De kapteins, dy bang binne, sûpe allegearre om koeraazje te krijen as de need oan 'e man komt, en dan is boai baas. Kliuwt de need op it heechst, Jan-maat slacht de fetten mei rum iepen, en sûpt safolle as hy lade kin; dan giet er stil sitten en lit Gods wetter oer Gods akker rinne, yn pleats fan syn man te roer te stean, en sa hinke hja stomdronken yn de ivichheid op. De assurânsje-maatskippijen nimme dêrom de skippen, dêr matroazen fan de Matigheid binne, foar folle lytser preemje oan as de oare. De reders op har bar jouwe folle grutter moanjilden oan dit folk, en sa wurde tûzenen, dy oars drankswiet wiene, troch it heger lean belêzen om yn de Matigheid te gean. Hessel. Ja, mar no wyt ik jit watte, dat fûlder lûkt as alle assuradeurs, reders, preemjes, moanjilden, dominys en pastoars mei-eltsoar, en dat binne de jonge froulju. Geale. Dat seisto goed, Hessel. Us dogge, lykasto witste, is oars sa hiemfêst as in muorre, en juster wie er dochs op 'e dril. Bijke fan 't Heechhiem hie him meitokke, en dêr ha 'k him hjoed mei kneppel en keatting wer weihelle. Hessel. Do heste it goed yn 'e gatten, Geale. Sa tinke en dogge krekt de Matichheidslju yn Amearika mei har Amerikanen. Hja strike en flaaie alle moaie jonge ladies sa fyntsjes, dat hja lid fan 't Genoatskip wurde. As no in hear oansiik by har docht en hy is nin lid, dan sjenne se him mei de skeane nekken oan. Dy de tsjeppe jonge froulju knipt het de manlju op de keap ta. Wolsto wol leauwe, dat dat ystreminten binne, dy noch better lûke as de beffen fan de dominys en de prûken fan kategisearmasters? Presidint. Dat is net mis, dêr sil 'k oer neitinke. Yankee-en-harre binne betûfte feinten. Jild en moaie jonge froulju regearje de wrâld. En as wy de froulju oan 't snoer habbe, binne wy in stik om de hoek. Hja rûke goed, en de man, dy har in fûgel jaan wol, moat wol suver oan de heak wêze. Jappe. Behalven de âlde wyfkes, want dy spije sels net yn in lewaske. Grypsma. Dêrom sizze wy ek fan jonge froulju, Jappe. No, in skerp tasicht is 'er wol nedich. Want in oprjucht leafhabber fan Jan Doedel is de divel te slim ôf om efter it guod te kommen. Dêr ha 'k in set fan sjoen, doe 'k studint yn de rjuchten wie, dy my net licht ferjitte sil. Anno 1834 seach ik yn it militêre tichthús jamk in nuvere feint, dy syn kammeraten de lange winterjûnen koarte mei teltsjes, dêr er ytlike dozinen fan yn 'e marse hie. As 't net aardigernôch wie, dan liigde hy 'erby dat er swart waard; en hy koe in ding sa moai opsmukke, dat hy egenlik foar dominy yn 'e widze lein wie, om nei de moade fan ús tiid it Evangely yn syn preekjen ta in roman te meitsjen. Mar by abús kaam er yn it tichthús telâne, en dêr, yn pleats fan komeedzjekristenen yn 'e tsjerke watte wys te meitsjen, fermakke er de tichtelingen mei syn teltsjes. Hja hienen sa'n nocht oan syn teltsjes, dat se him elk in dripke fan har rantsoen jenever joegen, om him noch wolsprekkender te meitsjen. Mar safolle spraakwetter kaam wolris te hurd oan, en de sipier fûn de redenaar, as syn preek út wie, faak yn in sûske. De direkteur, dy nin gekheid onder syn kostgongers dulde, liet elk syn rantsoentsje, wylst de bottelier it seach, opdrinke; as 't 'er ynlapt wie, koenen se 't eltsoar net werjaan; dat wie klear. En lykwol it wie wol mis; de redenaar waard oerskis skeef, skeef as in ûl', kin 'k jimme sizze, krekt as tefoaren. Hoe kaam er oan dy jenever? dat wie 't riedsel. De direkteur hâlde in each yn 't seil as de tichtelingen de slok ophiene; dan kamen se yn de polysjeseal, dêr in pypgatsje yn ien fan de muorren wie, en dêr loerde er troch. En wat seach hy dêr, mienste wol? De tichtelingen hienen in lyts hapke fan har rantsoen efter de kiezzen bewarre, dat se de redenaar de ien efter de oare yn de mûle opsnjitten, en dat skau mynhear dan troch as in fertoarste hûn in swolch wetter. Mei-ien stau de direkteur de doar yn, en kaam it tropke oer 't mad. Hja foelen dadelik troch 'e koer: sont de redenaar syn Jan-Doedel-kollekte net mear barde, seinen se, wie 't krekt as him geast en tonge beide bûn waarden, en hja ferfeelden har yn | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 342]
| |||||||||||||||||||||||||||||
de lange winterjûnen sa grouwelik, dat se 'er dy snjitsjes op útprakkesearre hienen, om him wer op de hichte te bringen. De onbarmhertige direkteur hie nin earbied foar in jenever-sjeny; en as de tichtelingen har slok krigen moast elts, as hy 't binnen hie, sizze: ‘Wel mag 't u bekomen!’ Dy praat, kin nin fochte efter de kiezzen hâlde, en sa, by gebrek fan oalje yn de lampe, waard it ljocht fan dat hearlike sjeny útdompt. Dêrom is 't, pas op! As de seupelers it habbe wolle wite se it wol yn te slûkjen, al wiene 'er ek tûzen eagen wachtsjende. De divel binne se te slim ôf, en as dy har yn it Matigheidsgenootschap hie, soenen se 't noch troch de helsdoarren ynslûkje. Dy in grien faam har feint en de seupelaar syn slok ontkeare wol, moat ier opstean. Hja moatte it sels wolle, en dan is alles klear; dêr het it genoatskip gelyk oan. Presidint. Wat seisto dêrfan, Ynse? Wurdt it nin tiid, dat wy sa'n divel de tosken út de bek brekke? En biste net foar ús Genootschap? Ynse. Jawol, mei liif en siele. Mar jimme hawwe wyn en stream tsjin, en it wurdt ek net goed oanlein. Nin doarp- of stêdsbestjoer, en folle minder noch de lânsregearring, kinne jimme mei goede eagen oansjen. Presidint. Dochs in bulte, dy op it kessen sitte, habbe tekene, en soene dy 'ertsjin wêze? Ynse. Wiereftich binne dy 'ertsjin. Geale. Ja, presidint, hja binne 'ertsjin; mar hja kinne soms nin kop by har freonen hiel hâlde, as se har hân net by jo sette. Hja binne as myn kij; as dy troch in droege sleat rinne, dan frette se fan beide wâlskanten. Mar meitsje do dyn eigen plak mar skjin, Ynse! Ynse. Kom, Grypsma; do biste sels lid fan de rie. Do silste net tsjin it Genootschap liigje. Do heste de lyst fan de opbringsten fan de ymposten. Lês op, en doch 'er nin hier by of ôf. Grypsma. It lân mei jierliks fan ympost op de sterke dranken tuske de twa- en trijemiljoen barre, en it sit oan kop en earen ta yn de skuld. Ynse. Maat, helje dy no ris foar de eagen ús minister fan finânsjes, goeman, dy de holle kardet, hoe er 35 miljoen rinten jierliks by eltsoar skraabje sil. Tinksto, dat hy of ien fan syn kollega's, of ien fan dy tûzen-en-ien amteners onder him, dy út it grutte rib fuorre wurde, it Matigheidsgenootschap fuortsterkje sille? Dat kinste sa begripe! As dat genootschap ta syn eachmerk kaam en 'er nin drank mear brûkt waard, dan ferlearen se twa- of trijemiljoen ynkommen, en mei-ien de macht fan dat leger fan kommizen, dy út dy belesting onderhâlden wurde, en as soldaten fan har winken fleane. Dan soenen se ommers steapelgek wêze; hja soenen harsels de noas ôfsnije mei har eigen kniif. It lân soe op de râne fan 't bankerot komme, en hjasels, tink ik, soene gau hjeljûn krije. Sille sokke potentaten jo helpje, presidint? Iebele. En stêds- en doarpsbestjoeren noch folle minder. Earst skuort it ryk sines fan de jeneverljuwe, en dan begjinne stêden en doarpen nei te swyljen. Dy lizze 'er opsinten op. Jappe. No, wat wie dat, heite? It wie al wakker wat! It is nin belesting; it binne ommers mar opsinten. Geale. Rin do nei de divel! De ontfangers lúzje myn pong moai; en of hja my opsintsje of belêstje, dat kin my neat skele; ik reitsje myn jild kwyt onder beide nammen. Ik hâld om de donder net fan dy farisiuske belestingen. Sis mar ynienen, hoefolle jimme habbe wolle, en ik sil betelje. Iebele. No, no, sa hurd net, Geale! Do witste ommers wol, hjir te lâne moatte men altyd oankomme as fine lju en storein, om efter it jild fan de minsken te kommen. Ik wyt likegoed asto, dy opsinten knipe ta, mar hja laapje de kassen fan doarp en stêd de broek. Yn Ljouwert stiet om it tredde hûs, sizze se, sawat in sûphúske, en hja barre sa wat in 60 of 70 tûzen gûne jiers oan opsinten op de sterke dranken. En hjir op 't plattelân is 't ommers fan 'tselde lekken in pakje. De opsinten op de jenever is ommers ien fan de bêste ynkomsten, dêr wy ús net bûten rêde kinne. As it Matigheidsgenootschap syn sin krige, dan soenen alle sûphúskes as timpels fan de satan ôfbrutsen of ferbarnd wurde, en it jild, dat no oan drank útjûn wurdt, dêr soene se dan spek en brea en wol foar keapje. Wolle | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 343]
| |||||||||||||||||||||||||||||
je wol leauwe, presidint, as dat gebarde, dat it ryk mei alle stêden en doarpen in biddach útskriuwe soene ta ôfwarring fan dizze nasjonale ramp; dat wol sizze, ta útroeiïnge fan alle Matigheidsgenootschappen, en ta herstelling fan alle barnderijen, taperijen, kroegen en sûphúskes? Hesse. It giet it lân as ús, Iebele. As wy oan 'e earen ta yn de luzen sitte moat 'er hoffene wurde, as hja frette jin gatten yn de hûd. En as wy yn de skulden sitte, dan moatte wy rinten betelje, al soenen ús wiif en dochters ek foar hoer spylje. Want oars sette se ús de boelguodstafel foar de doar, en ússels efter de traaljes. Presidint. Dat is hurd sein. Mar it moat bûgje of boarste, dat is wier. It jild moat 'er wêze, of hja spylje allegearre bankerot. En it is dy God yn den hegen himel klage, dat it mei ús lân safier komd is, dat de ynwenners har earm en ondogensk sûpe moatte om it op proppen te hâlden. Mar te grutter eare foar ús, as wy ús lân njonkelytsen út sa'n falske, sa'n skandlike wolfeart, ik soe hast sizze, út sa'n sedeleaze stjonksleat, weihelpje. Want as it ús lokt om de jenever fan kant te helpjen, dan sil 'er in langsume mindering yn de aksijnzen komme, mar eltse gûne, dy it lân dêryn ferliest, sil opwoegen wurde troch tsien oare gûne, dy de krêft, en de moed, it geduld en de skranderheid fan in nofteren en bekwaam geslacht yn al har bedriuw en ondernimmingen mear opbringe sil. Fan jeneverlju kin de steat op den doer krekt sa min as in hûsgesin bestean en bloeie. Hja kinne yn de oarloch net fjuchte, en yn de frede net opbringe. Geale. Dêr ha jo gelyk oan, presidint. In tjirmer fan in ko, en dy noch op in keallegerske, dêr kin de bûter net fan komme. Jappe. Mar is dat sûpen dan sa onbidich, as 'erfan geid wurdt? Dêr sille, tinkt my, noch wol plakken oerbliuwe, dêr sa dageliks nin brûk fan drank makke wurdt. Iebele. Dêr hinget de kaart fan it Rijk der Nederlanden, en aste 'er ien stêd, ien flek, ien doarp, ja, ien buorren witste oan te wizen, dêr nin jenever tape wurdt by boarnammerfollen, dan sil ik in jier foar de earmen by siktaris skriuwe. En dat kinste ek wol begripe, Jappe, aste dizze rekkening ris oandachtich neigean wolste. Litte wy mar ris begjinne mei de soldaten; ljuwe, dy altiten sa drôvich oan in droege lever sukkelje. Yn 1833 (jou my 't kryt ris!) het ús leger te fjilde, dat doe oan de grinzen fan Brabân stoe, it hiele jier lâns brûkt 42.666 Nederlânske fetten jenever, en dêrfoar oan it lân in belesting betelle fan 512.000 gûne. Ynse. No, dat benijt my net. It leger sûpte út klinkkleare ferfelinge. Jonge, asto dêr njoggen jier út dyn ambacht moatste, en steane dêr al dy tiid foar spek mei it snaphaan op skouder, sonder in kûgel op de fijân sjitte te meien, dan soeste ommers grien wurde; do soeste ommers dysels fergrieme. Is 't wonder, dat de minsken foar it geduld drippen ynnamen? Iebele. Ja mar, dat is it net. De ljuwe sûpe hjir altyd, wat hja dogge, wêr't hja binne, of wêr't se hinne geane. Ride se yn 'e moarntiid op in wein, dêr moat by it earste hillige hûske in romerfol wêze, om de dauwe fan de mage te striken. Foarmiddeis nimme se in wjirmferskrikker. Nei teedrinken nimme se in ôfsetterke. Om acht oere sitte se nei 't swiere bodzjen fan de dei onder in slok te smoken en te petearjen. En jûns nei it iten, it sprekt fan selme, sette se in sliepmûtse op; want wat kristenminske soe sonder dat middel it fel oer de eagen krije kinne? En fan sokke loflike oanwensten komt de folgjende rekkening oer it hiele lân. It kryt, Jappe! De aksijns op it distillearre het yn 1835 oer it hiele ryk opbrocht 2.911.947 gûne. De aksijns op it Nederlânske fet wie 12 gûne, en dat omslein oer it hiele kaptaal jout 24.266.225 kannen jenever, dy de Nederlanners yn dat jier oppreaun habbe. Dat kin nochal foar sa'n gnappe, seedlike en godstsjinstige naasje as de Nederlanners, nei it sizzen fan harsels, binne. Hesse. Fjouwerentweintich miljoen kannen jenever! Dat is sânentweintich miljoenen flessen jenever! Men soene sizze, dat se 'er de strjitten mei skrobje. | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 344]
| |||||||||||||||||||||||||||||
Jappe. No, it is ryklik genôch. Mar it is ek net foar de gânzen broud. Ljuwe, dy't barre mei, komt sa'n ferkwikkinge ta. Iebele. Ljuwe, dy't barre mei? Dêr sil 'k dy op tsjinje. Yn de hongerjierren fan 1847 en 1848 hienen de measte drankferkeapers 't foaral net minder as oare jierren; in bulte slieten wol de helte mear jenever. En dat komt dêrfandinne, dat hoe earmer de minsken wurde, hoe mear as hja sûpe. Yn dy slimme jierren, by foarbyld, wiene te Swol allinne 162 patinten fan weardshûzen, tapers, kroechhâlders en sliters; dat is: ien patint op de hondert sielen. Ljuwe, dy 't dwaan kinne, drinke hjir te lâne yn 'e stêden no folle wyn, en de measte part jenever wurdt troch de gemiene man brûkt. Stel mar, dat se beide in gelyk poarsje krije; en dan sil ik noch iend'ris mei jimme rekkenje, en dêrmei ôfdien. Jou my't kryt ris, Jappe!
Sadat de bedielden yn ien jier fertard habbe oan jenever ryklik oardel miljoen gûnen. Geale. Ik tankje dy foar de onderrjuchtinge, Iebele. Ik wyt no wêr in poarsje fan it earmejild belânet, dêr se my jiers op sette.
En sa bleau 'er dan fan ryklik trijemiljoen gûnen oan de earmen, sawat de helte foar har egentlike needdrift oer. It oare hiene se op yntres fan ellinde en dea yn de jenever set. Jalke. En hoefolle fan de gaven fan de goede minsken soenen se wol ferpreaun habbe?
Dêrfan binne twatredden sawat oan jenever gien. Geale. Wat donder! dat binne sifers. Dy kinne se samar net weibabbelje. Dy ljuwe, dy wy nei Den Haach ta stjoere om it wurd foar ús te dwaan, wite dy dat net? Iebele. Krekt sa goed en better as wy. Geale. Wêrom feroarje se dat dan net? Ik kin 't har ommers mei boerekryt op de tafel útrekkenje, dat de earmen de grutste helft fan ús giften en gaven fersûpe. Iebele. Makliker sein as dien, Geale. It is in âlde kanker, dy 'er útsnein wurde moat. En | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 345]
| |||||||||||||||||||||||||||||
al wie it maklik, dan leau ik noch amper, dat hja it gau feroare krigen. En dêr sil 'k dy reden fan sizze. De grutte Dupin het bewiisd, en hy het it wer bewiisd mei sifers, dêr nimmen ta dizze dei tsjin kikke doar, dat in lân, dat in Staatsloterij útskriuwt, in seedlike hel onder syn folk bout; hy het bewiisd, dat as 'er nei rato fan de rykdom trijeris safolle lotte wurdt yn dizze provinsje as yn in oare, dat 'er yn dizze provinsje dan ek trijeris safolle foar de galge opgroeie. Dupin het bewiisd, dat yn dizze provinsje trijeris safolle boaden har breahearen bestielen; trijeris safolle manlju wiif en bern ferlieten, of onminsklik tantearren; trijeris safolle ondogensk jild slein of goed jild besnoeid waard; trijeris safolle ynbraak en moard dien waard; ja, ek trijeris safolle troch it lotsjen ontaarde bern har heit en mem moarddédich skopten en sloegen, of by de hierren lâns de grûn slypten. Al de direkteuren fan de loterij hienen har de kiel heas gûld tsjin Dupin; sa hienen hja 't grau op him. Hajonides. Allewer it âlde ding! Leve de Diana van Ephese! Iebele. Alle de debutanten en splissers fan de loterij hiene him útmakke foar in gaudief en lânferrieder; en alle de tolf stammen Israels en de tûzenen onbesneine Joaden, dy allegearre frieten fan lotterijbriefkes en beskiten, dy piuwden Dupin nei; hja smieten him mei fûlens. Mar doe er mei dizze rekkening yn it Frânske parlemint opkaam, wiene se sa stil as piseamelers, en yn itselde eagenblik hawwe de Frânske represintanten de loterij foar ivich út Frankryk band. Dat wite se yn Den Haach, tinkt my, krekt-en-allike goed as ik it wyt, mar hja litte dochs ús Staatsloterij yn wêzen om iennige tûzenen, dy it opsmyt. En sa soarget de regearring yn Frankryk, dêr wy yn ús geastlike grutskens sa leech as ongodstsjinstich, sedeleas en lichtsinnich op delsjenne, wylst wy ússels ferhefje as de godstsjinstichste en earlikste naasje fan de wrâld; sa soarget de regearring fan Frankryk, sis ik, foar de onskuld en de wolfeart fan 't folk, wylst hjir te lâne de ynwenners yn de Staatsloterij de poarte nei de hel iepene wurdt. Dêr kinne se no, as se mar wolle, harsels mei wiif en bern nei siel en lichem yn tiid en ivichheid fermoardzje. Jappe. Do gieste 'er divelsk út, Iebele. Dat roait ich of kant. Hja koene dy dyn ontslach wolris thús stjoere, en aste noch lûder geiste, ek wolris foar in pear jier fêst wurk jaan. Mar wat wolste dêr no mei sizze? Iebele. Dêr wol 'k dit mei sizze, dat as se de lotterij net weidwane om 'er in stuorke út te heljen, dat se dan ek nin finger útstekke sille tsjin it jeneversûpen; want dat bringt har noch folle mear op. Dêr komt by, dat hja om de loterij ôf te skafjen har allinne mar net hoeve út te skriuwen, en dan is it lotsjen dien, wylst it in tûzen fuotten yn 'e ierde habbe soe om it sûpen te stuitsjen. Tamke (in skroar mei in kop sa fyn as in nudle). Soe dêr dan w'rachtich nin middel op wêze? Hajonides. Hielendal leau ik it net; want it soe in oarloch wêze tsjin de minsklike natuer, en dy lit him mei nin foarken útdriuwe, as hja komt altiten werom. Geale. Sûpen en bealgjen ús natuer? Ik miende, dat wy minsken en nin bargen wiene, dominy. Wat seisto dêrfan, skroar? Tamke. Ja, wy binne minsken, mar just dêrom sûpe wy, en 't djier net. Wy binne minsken troch ús ferstân, en mei dat ferstân is de minske just ferlegen. Dominy Hajonides het my dat lêsten ris útlein, doe 'k him 'n japon meat. Kom, dominy, jo binne better fan de tongriem snein as ik. Lis jo de ljuwe dat ris út. Hajonides. Ja, de minske wol syn eigen ik, wol syn lot en de wrâld net sjen lykas se binne; hy wol 'er net oer tinke lykas hja binne; want dan steane se him net oan. Soms ferfele hja him; soms het hy 'er in wearze yn, en noait is hy 'erfan foldien. Hy miende, dat it 'n klompke goud wie, en no't er 't goed besjocht is 't mar in stien. Dêrom, wêrste de minske op it ierdryk fynste, oeral siket er 't ferstân te belommerjen mei in tinne blinkjende wolken, dêr er alles folle moaier troch skimerjen sjocht, as it yn wierheid bestiet. As er yn dy wolke sitte mei, dan het er foar himsels wysheid, krêft en eare; de wrâld wurdt him in paradys, alle minsken syn freonen of syn oanbidders, en de takomst is mei goud ynlein | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 346]
| |||||||||||||||||||||||||||||
en mei roazen besiedde. Om syn ferstân no yn sa'n glânsrike ferbjusteringe te bringen brûkt er de wyn dêr de wyn groeit, en dêr er net groeit tôget er de wyn by skipsladingen oan út fiere waarme lânen oer see, as hy it mar betelje kin. Het er dêr te min jild ta, hy brout bier út koarn en weet, en sûpt him in sûs oan it bierke lykas de oare oan de wyn. Doe it bier net hurdernôch tatroefe, begûn de satan út rogge en weet jenever, út rezinen en ierdappels barndewyn te stoken, en sa geat er it fjoer fan syn gleone hel krekt as wetter yn 't yngewant fan de earme minsken. Mohamed begriep dy keunsten fan de divel, en sei: ‘Dêr sille wy 'n buordsje foar skowe.’ Hy ferbea yn syn koran bier, wyn, jenever en barndewyn, mei ien wurd, it drinken fan alle keunstfochten, dy de hearlikste gave fan God oan de minske, it ferstân, fertsjusteren. No, dat binne syn folgers trou neikomd; de twahondert miljoen minsken fan de Islam drinke net, mar hja smoke de opium, dêr in swolch trije, fjouwer fan it ferstân mear bedwelmje as alle sterke dranken mei-eltsoar. Sa binne de Turken de koran, dy hja oanbidde, ontkomd. Is 't dan net wier wat Tamke seit, dat de minske mei syn ferstân ferlegen, skjin ferlegen is? En as hy it dan perfoars bedwelmje wol, dan woe 'k wolris sjen, hoesto har dat allehiel belette silste. Ontnimste har de wyn, hja nimme it bier; ontnimste har it bier, hja nimme de barndewyn; ontnimste har de barndewyn, hja nimme de jenever. Ontnimste har dan wyn, bier, barndewyn en jenever; en seiste, lykas Mohamed: ‘Fan dat alles silsto net drinke, asto gieste kûgelsfeart nei de hel,’ dan roke hja de opium. Presidint. No, as hja dan wat ha moatte, dat it ferstân ferbjustert, litte wy har dat dan jaan, wat it minste bedwelmet en it measte op brea liket, ik mien: it bier. Jalke. Dêr komme jo op de rjuchte wei, presidint. Dêr moat altyd in ramplesant komme foar de jenever, en better as bier is 'er net te betinken. Mar dan nin soer bier, dêr de minsken skeve bekken fan lûke, en snijingen fan yn de termen krije, lykas de kastleins no ferkeapje, om de ljuwe oan de jenever te hâlden. Nee, krêftich bier, dêr men waarm en sterk op wurdt, dêr men in goed sin fan kriget; mei ien wurd, bier lykas ús foarâlders dronken, en dêr se sokke krêftige koppen fan út de kragen opstieken, dat ús jeneverljuwe 'er mar spjuchten en geasten by lykje; bier, dat hja dronken foardat hja it Romeinske leger by Baduhenna fergriemden, en letter de biezzem yn 'e hân namen, om de oseanen fan Spaanske of Ingelske en Frânske floaten skjin te feien. Presidint. Wy komme al yn ien skipke telâne; it komt 'er mar op oan om te meitsjen, dat de ramplesant goedkard wurdt. Mar dêr sil in slimme wize op gean. Doe Tamke en ik as jonges boarten, wiene de ljuwe noch wakkere dipper en sunich, en 'er yn alles op út om de spullen by eltsoar te hâlden. Hja dronken doe sterk bier, ek rju tsjok en swiet bier, net allinne omdat se 't jern mochten en 'er in noflik sin fan krigen, mar mei-ien om wat iten út te winnen; want hja seinen: ‘Dêr de brouwer sit kin de bakker net sitte.’ No keare se it blêdsje om, en sizze: ‘Wy drinke nin bier foar iten, omdat it ús de mieltiid bedjert.’ Hja wolle in bulte ite, ja, frette. Wat it kostet kin har minder skele; en dêrom drinke se bittere jenever; dat skerpet de mage op, krekt as de swipe in âlde knol, en dan kinne se frette as wolven. Dat jout in dûbelde wille; earst de jenevernektar mei in piip hearebaai, en dan it liif op 'e leest. Hoe silste sa'n geslacht bierdrinken leare? Jalke. Staf oer nacht giet dat net; mar as goede lju de hannen yn eltsoar slane en 'er geduld en tiid ta dwane, dan wite men noch net, hoefier hja it bringe kinne. Mar dan moat 'er earst in soarte fan in mirakel gebarre; de lânsregearringe moat meidwaan. Hja moat alle belesting fan it bier ôfnimme, en op de sterke dranken omsmite. En as dat dien wie, dan moast it Genootschap oeral bier- en kofjehûzen foar it algemien stichtsje, dêr boeren en boargers, foaral op merkedagen, bêst bier, brea en bôle mei bûter en tsjiis, en in pantsje kofje keapje koene. En de seal, dêr dat ferkoft waard, moast sa rom, geryflik en gnap wêze, de betsjinning sa fluch en freonlik, en de priis sa binlik, dat se op nin fuotten of fiemen nei yn in jeneverkroech sa goed terjuchte koene as yn de bier- en kofjetimpels fan 't Matigheidsgenootschap. Iebele. Fan de rie fan de stêd hoefste dy timpels net te ferwachtsjen. Want dy soenen | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 347]
| |||||||||||||||||||||||||||||
miene, dat se harsels de glêzen útsmieten, as se it gebrûk fan sterke dranken tsjingongen. Jalke. No dêrom hoopje ik, dat alle ljuwe mei rêgen yn 't Genootschap gean sille en safolle by eltsoar tôgje, dat se dy kofje- en bierhûzen iepenje kinne, en litte it de rie fan de stêd oansjen. Ik hâld it dêrfoar, dat as men safolle naam, dat men 'er efkes mei útkoe, en 'er neat oan wûn, dat sokke huzen op it ein noch klandyzje krije soenen. Jappe. Jimme hawwe noch wat fergetten; dat binne de ambachtslju, dy moarns foar 't wurk, jûns nei it wurk, en deis tuske de skoften yn 'e kroech om in romerfol wippe. Dat dogge ek barbiers, deabidders, omroppers, mostertlju, brief- en krantebestellers, en al dat rypske en rapske, dat om har bedriuw by de strjitte wêze moat. As jimme al dy okshoofden fan Skiedam ris by eltsoar seagen, dy dat soadsje allinne jierliks opslabbet, dan soene jimme sizze, dat de fammen 'er de strjitten fan Ljouwert wol mei skrobje koenen. Jalke. Dy klanten haw ik wol tige yn it eachmerk hân. Dy moatte op elke oere fan de dei, moarnsier en jûns let, yn de winter in waarme seal fine, en altiten goe'keape kofje, stikken iten, goed bier mei pipen entabak, en alle kranten fan de foarige wike, dy men mar by eltsoar swylje koene. Oflêsde lytse boekjes oer útfiningen en ambachten; blêdsjes mei printsjes, lietsjes en koartswilige setten, moatte oer de tafels siedde wêze; de muorren behinge mei lysten, kaarten en karikatuerprinten. Dominysspullen, dambuorden, heaken ringspullen, moatte by der hân wêze. Want dy mei de divel skipe is moat him oanslach jaan. In bulte sûpe yn ús lân út dommens en ferfelinge; hja wite har mei neat oars as mei de romer onliddich te hâlden. Hienen se nocht oan lêzen en ondersiikjen, dan soenen se safolle net sûpe. Gelokkich as grutte en lytse bern wat te boartsjen en te giisgobjen hawwe; want dan dogge se nin kwea. Oebele (studint). Mei ik ek in duit yn 't ponkje dwaan, presidint? Presidint. Wêrom net, Oebele? Wy wolle fan in bern leare, en soene wy dan net nei in studint harkje wolle? Lês op, man! Oebele. Dêr wurdt nea mear sûpt, dan as it folk foar de fioele is. En dûnsje wolle se op merken. Keamer-op, en net dûnsje, dat giet net. Mar stomnochteren dûnset nin Fries. Dêr moat al wat foer yn sitte foardat hy de skonken troch eltsoar smyt. In Frânsman dûnset op in gleske wetter mei sûker, dat it lillet; mar dat kinne wy net, en ik rekkenje sa, dat in stomnofteren Frânsman, en in Fries, dy in flesse wyn efter de knopen het, sawat op deselde hichte binne. Nemo saltat sobrius. Jappe. Nin smouzepraat! Mar alwer prebearje. Helte better dûnsseal, helte lûder ljocht, helte mear muzyk as op de herbergen, en dêr sterk bier by, dat koe nochal ris mannich ta in trantke ferliede. En as 'er ien skiep oer de daam springt, springe se 'er jamk allegearre oer. Presidint. Wy hawwe de striid tsjin in taaie divel, dy no omtrint tachtich jier syn helske skepter oer Nederlân swaait, en it sil wat ynhâlde om him fan syn troan te wrikjen, en de tosken út de bek te brekken. 'Er komt nin jenever yn ús kofjehûzen, en no moatte se oan de oare kant safolle better en moaier wêze, dat se dêrom de jeneverkroegen foarbygeane en ús kofjehûzen opsiikje. De ramplesant moat sa goed wol wêze as de conscrit, en dat sil 'erom spanne, frees' ik. Want yn de jenever sit inerlike nocht, ynbylding, goud, krêft en hearlikheid; dêr het de satan in drip út syn helske distillearslange ynmingd, dy ús arbeidersfolk yn ien romerfol jenever mear goud en heil foargûchelt, as yn alle skatten fan ierde en himel beide mei-eltsoar besletten binne. Geale. Jimme binne allegearre ko-dom. It alderfoarnaamste fergetten! As jimme dûnsers hawwe wolle, jaan dan de muzyk mar fergees, en jimme krije mear foar de fioele as jimme bergje kinne; want dat is 't iennichste, dat de ljuwe hjir tsjin it dûnsjen hawwe: ‘in bulte wurk, en jild tajaan.’ Dêrom dûnsje de boerefeinten de iene deis op 'e keamer, en steane de oare deis yn 'e sleat te hekkeljen en te skriemen. Ynse. Dêr hear ik dy, sei dôve Japik, en 'er rûn in lûs oer 'e souder. De muzyk moat as yn Frankryk fergees wêze. Dat docht foar in Nederlanner de doar ticht! Fjouwer deuntsjes | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 348]
| |||||||||||||||||||||||||||||
in dûbeltsje, dat slingert oan, hear! Dat fret jild as it de hiele nacht trochsjout; en as hja mar weiskotse koene, jonge, dan soeste 'er noch kluften fan sjen. Jappe. Dat is wier; mar dûnsjen sonder jenever of barndewyn, dat liket my raar ta. It is krekt sa goed as hurddraven mei soare tsjillen; dêr moat earst smard wurde. Presidint. Sa tinksto, Jappe, en tûzenen mei dy; mar probearjen, lykas Jalke it foarhet, is 't neiste rjucht. En ik leau, dat it dûnsjen noch watte mear is as in útspanninge. Hoe nuttich is sa'n beweginge foar it jongfolk! Hja krije 'er in moaie flinke hâlding troch; it hâldt har linich en fluch, en hja bliuwe 'er sûn by. Wy ferstjonke no yn de hurdsherne mei de noas yn't fjoer, en de romer en de piip yn 'e hân. De Frânsken dûnsje folle, mar hja sûpe net. Us folk dûnset allinne op merken, en it soe sonde en skande wêze, dat wy dy tûzenen fan fammen, feinten, ja, troude lju, dy op de merken dûnsje, en dêronder sa moarddédich jenever en barndewyn sûpe, net yn ús timpels krigene. Kom oan, as ús oeroarreheit-en-harre út it bierke songen, wêrom moatte wy dan drank hawwe? Wat wy lietsjes hjitte, neamden hja bierpsalmen. En as hja dûnsen, dat it klapte, op bier, wêrom soene wy dan by in kanne bêst bier ús as in lûs op de tafel deaknippe litte moatte? Wat seisto, dokter? Wy eamelje al, en do dochste 'er it swijen ta. Lizze ek ris in duit yn de fioele. Dokter. Jimme kinne 't wurk wol ôf, mar as ik it sizze mei, dan hawwe jimme de slimste partij fan 't Matigheidsgenootschap noch fergetten. Jalke. Wa is dat, dokter? Dokter. De ierdappel. Presidint. De ierdappel? De hearlike ierdappel, dy Europa sa faak foar hongersneed bewarre het? Mar, dokter! Iebele. De ierdappel? It foer foar earmen en riken! As ik middeis nin ierdappels krij, dan ha ik net iten. Jappe. Dokter, dokter! Hoe doar je it sizze? Wy wiene skjin ferlegen as 'er nin ierdappels wiene; wat soene wy gemiene ljuwe dan ite? Dokter. Wat ha dyn foarâlders iten? Earte, beane, groat, stro, rogge, weet; en is dat ferdylge? Of is it nin minske-iten, tinkt dy? Geale. Ja, mar ierdappels is de baas. Elts mei se allike graach, en dy te lyts binne foar de minsken, binne goed foar har kammeraten de bargen; dy snasje 'er ek al yn om as banket. Dokter. En lykwol hâld ik fol tsjin jimme allegearre, dat as de gemiene man de ierdappel net ontnomd wurdt, dat jimme him yn der ivichheid net fan de drank krije. Ik ha neat tsjin de ierdappel as 'er goed spek en flêsk bylâns is; men kinne in hotte sa wol koaitsje, dat er goed smakket; mar allinne, lykas de gemiene man him meast brûke moat, is 't in ondogens iten. Iebele. Hoe begrypste dat, dokter? Dat is wat nijs. Dêr ha 'k noch noait fan heard, as Bilderdijk, dy prate ek sa. Bisto in Bilderdijkiaan? Dokter. Ik ha in bulte mei Bilderdijk omgien, mar dêrom bin ik noch nin Bilderdijkiaan yn de ierdappel. Hy hie fan dy begripen en oankomsten; it wie bêst om dy har feart te litten; want 'er wie dochs nin fersetten oan. Hy het my ris sein (en doe seach er earst mei syn skerpe swarte eagen om ús hinne, krekt as er my in moard ferhelje soe), hy het my ris tareaunte: ‘Sont Hollân him mei dat onkrûd spizicht, wurdt men yn Amsterdam fan famkes fan tolf en trettsjin jier oanroppen.’ Hy miende nammentlik, dat de ierdappel de minsken foar de tiid ryp makket. Men moatte dat mei in dichter fan dy hege fljocht as hy sa nau net nimme. Hy koe him oer de ierdappel sa lilts prate, krekt as 't in godferflokte plant, in oardiel oer Europa wie; mar doe 'k ienris te Haarlim by him wie te iten, wiene 'er net allinne bêste dúnierdappels op tafel, mar hy pluze 'er krekt sa goe' fan as wy. Lykwol dat docht no allegearre neat ta ús. Ik bin tsjin de ierdappel op hiel oare grûnen as Bilderdijk. Iebele. En wat binne dy grûnen dan, dokter? | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 349]
| |||||||||||||||||||||||||||||
Jalke. Ja, dy moatste ús sizze. Dokter. Ik kin dy 't hast net betsjutte, omdatsto nin dokter biste, mar ik sil myn bêst dwaan. De ierdappel is in frjemdling; mar dêrom wite wy dochs wol, dat er út Amearika is; myn master, prefester Van Geuns, hjitte him dêrom de Amerikaanse knobbelwortel. Ek wite wy, dat hy fan in rudige famylje is, dy de namme het fan Solana. Detabak en de belladonna binne syn beide folle niften. Aste detabak earst prûmkeste of smookste, wurdste mislik, en ytste de belladonna, lykas de boereberntsjes wolris by fersinninge dwaan, dan stjerre se; want it is in feninich fergif. As de ierdappel noch net ryp is, dan is hy glei en kliemsk, en in pest foar de yngewanden, en drinkste in ôflûksel fan de griene siedapeltsjes, dy oan it ierdappellof hingje, dan wurdste blyn. Dan earste, as de ierdappel folslein ryp is, en syn moal set het, het er syn fergiftige natoer ôflein en is in onskeadlik iten. Geale. Hoe, deale, kin de ierdappel onder de fergiften thúshearre? Dat giet boppe myn ferstân. Dokter. No, it is sa. It is krekt sa klear as dat wite klaver en bargeklaver beide klaver is, en flotgers en bêst finnegers beide gers is. Lang is de ierdappel krekt as de dahlia, dat ek al in miich fan him is, en dêr se de wurtels krekt as ierdappels wolris fan yn it sop siede; lang, sis ik, is de ierdappel yn de hôven fan de grutte hearen as in tulp of bolblom kweekt wurden, en de earste kear, dat ik wyt, dat er hjir yn Fryslân op in tafel komd is, dat wie yn 1734 op it Prinsenhôf te Ljouwert, doe prins Willem de IVde mei syn jongwiif prinses Anna fan Ingelân thúskaam en in grutte gastmieltiid joech. Jimme begripe, dat wie in nij snufke, en oan de tafel fan prinsen en grutte hânzen smakket dat iten bêst, dat fier út de tiid is, of dat nin divel of minske ken. Geale. Dat is dan krekt oars as mei in boer; want dy fret net wat hy net ken. Mar no fierder, dokter. Wat woenen jy sizze? Dokter. Fan de tafel fan de prins kroadde de ierdappel njonkelytsen nei de tafel fan rikelju, mar slûksturtsjende; want hy wie in lyts bytsje yn oansjen, en better, tochten de lju, foar 't Jan Rap as foar gnappe lju, dy earte en beanne betelje koene. Om 1750 en 1760 hinne waard 'er wolris in ierdappel by de skylfisk pikt, mar altyd min-of-mear temûk, en sels de dominys te platten lâne, dy God no al tankje dat se in droege ierdappel hawwe, woenen 't hast net foar de boaden wite, dat se in ierdappel by de snoek of bears ieten. Ierdappel, dy namme wie sels te moai foar him; hja neamden him by de skeldnamme fan konsjinsjestopper, omdat de moalige ierdappel, as er wat gulzich troch de hals skauwen wurdt, wolris kropje wol. Noch ferachtliker neamden se him lawabbel, omdat er net by de man stie lykas de spekstro, of de earte en beanne. Moaie bern ha moaie nammen. Geale. Dat is wier. Nin keardel kin op ierdappels haaie, meane of yn 't fean baggerje. Dokter. En ek al de âlde minsken fan 1740, '50 en '60, dy ik noch kend ha, woenen fan nin ierdappels wite. Sokke hege lju as de Humalda's en de Van Harens leinen yn de mage altyd in fondemint fan bêste grau'-earte en bret koflêsk, en lieten 't folk nei lust en wolbehagen yn de lawabbels omsnasse, dat har de strôte knapte. Iebele. En no is 't de ôfgod fan Europa. Dokter. In drekgod wolste sizze, Iebele, dy syn oanbidders mei stront en stank leanje sil. Mar dat is no dêroanta. Dit lid fan de famylje Solana het it lykas in bulte alferwoasters fier yn de wrâld brocht, en hy sil it noch fierder bringe, as er tiid fan libben het. It is de aard fan alle fergiften, dat, is men dêr iender's oan wend, men 'er net bûten kin. Men is 'er poer op ferslingere, ja, oan ferslave. Yn 't earst heste, by foarbyld, nochal wurk om detabak te felen. Men flibet, wurdt mislik en deableek by't smoken fan de earste pipen. Om dat tsjin te gean moat 'er in soere apel bylâns; de apel yn 'e lofter- en de piip yn de rjuchterhân, en om barren docht de learling in hap út de apel en in mannich sûgen út de piip. Mar heste de natoer iender's oan dat fergift wend, en krigeste smeits yn in pypfol, dan kinste 'er net bûten. De piip is moarns it earste en jûns it lêste. De piip is al yn de brân foardat de man de hoazzen oan het, en as er him ontklaaid het en mei de iene foet | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 350]
| |||||||||||||||||||||||||||||
al yn 't bêd stiet, smacht er noch gau de lêste sûgen, en krekt as in sibbe frijster, dy er noait genôch tútsje kin, leit er har skodholjende op 'e bêdsplanke del. En asto dy man de oare moarns fregeste, wat er leafst misse wol, de piip of it omstik brea by de tee, dan seit er: it omstik iten. No, dat ferliedlik famyljegebrek het neef ierdappel ek oererfd. As hâldt men noch safolle fan koal, wurtels, rapen, beannen, groat; it kin net skele wat it is, as it mar gesûne kost is, dêr rekket men noait sa op ferslingere, dat men 'er net bûten kin. Salang as 'er nin ierdappels wiene, wikselen dêrom de lju dageliks mei it iten; mar doe se op de smeits fan de lawabbel kamen, mienden hja, dat har de hûd sear die, as sy him teminsten net iend'ris deis krigen. As se nin ierdappels krije, habbe se net iten. Jappe. En de gemiene lju trijeris deis; moarns oan daalders yn pleats fan tsjiis op in omstik brea, middeis sean, en jûns opwaarme. Dokter. No kinne jimme begripe, wat in feart dy ierdappel naam, doe nin honderten of tûzenen, mar miljoenen en miljoenen minsken yn dy plant har iennichste iten seagen. Dêr kaam by, dat 'er nin iten wie, dat de lju sa goe'keap krije koene. De earmste wie 'er gek op, en it wie faak it iennichste iten, dat er betelje koe. Dy in bulte folk yn de kost hie, tanke God, dat Hy har mei deselde kost as syn bargen fuorje koe. Hy hie mei nin earte of beanne, mei nin koal of rapen mear te meitsjen; hy sloech mar in fjirtich, fyftich fjirders ierdappels op, en dêr liet er it folk yn om frette, dat hja blau waarden. It koste him de helte minder; hy hie 'er net heal safolle omslach mei, en it folk wie folle better tefreden. Tamke. En dêrom, om de omslach woene de froulju 'er ek graach oan. Want as se griene of grauwe earte, koal en rapen, groat en soks te fjoer hiene, dêr moasten se de hiele moarn op pasje, of it barnde oan. Mar doe de lawabbels kamen, wiene se dêrôf. In healoere foar it middeisskoft, as de man fan 't wurk thúskaam te iten, dan skepte syn ljitske in amerfol wetter; dêr rammele hja in soad ierdappels yn; dan rof! rof! rof! gau mei de luiwagen 'eryn omstompje, om de klaai 'erôf te skrobjen; dan yn 't goatling, dat al oer it fjoer stie te sieden, en as de man ynkaam wiene de ierdappels nôch en de mieltiid klear. Tefoaren moasten hja by de poat bliuwe, en no koe tuttemuoie de hiele moarn mei de buorwiven de earmen oer eltsoar op strjitte stean te rabjen, of ek wol, as 't watte rommer omkaam, mei-eltsoar kofjeslabje en in lewaske pimpelje. De froulju wiene fjoer en flam foar de ierdappels, en dat binne machtige bûngenoaten, sizze ik jimme. Jappe. Ja, dat wyt ik noch wol fan ús beppe. Dat kreaze wyfke mocht nin ierdappel rûke of sjen. ‘Sont dat túch yn de wrâld komd is,’ sei it sloof altiten, ‘binne ús froulju wol helte sloffer, loaier en rabbiger wurden, en 't koaitsjen habbe se glêd ferleard.’ En as hja dan ferhelle, dat de ierdappel yn har bernejierren, noch minder as talhout, net yn tel wie, sei se 'er noch de rymslach by: Als niet komt tot iet,
Is 't allemans verdriet.
Tamke. No, hja klitse al nuver iten by eltsoar, as 'er wat oars as ierdappels wêze moat. Fierder as prom-en-bôle giet har keunst net. Dokter. Meitsje no jimme rekkening, freonen! Goe'keap iten, sloardich meie, en yn in amerij klear! Wêr dat hinne moast, is licht te tinken. 'Er koe noait genôch fan boud wurde. Alle jierren waarden 'er tûzenen fan pûnsmjitten boulân mear yn Europa mei beslein. Dat gong lykwol yn de earste 40 jier sa hurd net; want de ierdappel begûn earste om 1780 hinne de fuotten sawatte onder 't liif te krijen. Yn dat jier waarden de ierdappels yn de grientekelders te Amsterdam noch lykas rapen ferkoft, en kamen allinne by lytse panfollen as in ekstraatsje op tafel. Folle letter kaam de earste ierdappelkelder onder in wynhûs yn de Fizelstrjitte, op de hoek fan de Reguliersdwersstrjitte, dêr de Amsterdammers doe nochal nuver by opseagen. Sa let binne de ierdappels hjir ynfierd, en nou byldzje de ljuwe har wol yn, dat er hjir ivich west is. Mar sont dy tiid binne de lawabbels 'er frjemd útnaaid. Eltse jier besloegen se mear plak, en dêr kamen oarden yn Europa, dêr de fjilden, safier men eagje koe, ien ierdappel al ierdappel wiene. De ierdap- | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 351]
| |||||||||||||||||||||||||||||
pel hie dêr alle granen hast weikrongen, en op oare oarden hie er safolle lân ynnomd as al syn kammeraten mei-eltsoar. Presidint. Ta in grutte seine fan de earme minsken, dokter, dy no it liif foar in stoermannich de hiele wike lâns fol krije koenen. Dokter. Sizze dat net te lûd, presidint. Ik ha noch net dien. It soe, it koe alteas sa'n seine wurde as it libben en de gesondheid fan de ierdappel ferassurearre wie; mar hy is krekt as de minsken oan sjuchtme, pest en golera onderhevich, en it minskdom, dat op him tynget, is wol in ongelokkich, mar ek in gek minskdom, dat net better wurdich is as swart te hongerjen. God almachtich het by de skepping fan dizze ierde sommige wetten ynsteld, dy wy minsken, wolle wy libje en sûn bliuwe, wol yn acht nimme meie, as de iene tiid of oare tiid sil it ús min ôfgean. By ien fan dy wetten het Er yn syn ivige wysheid en goedheid besteld, dat it onderhâld fan ús minsken net fan ien of twa, mar fan in bulte ferskillige granen en fruchten ôfhingje soe. Mei ien of twa doarste Er 't as in soarchfâldich heit net weagje; dat wie Him te noedlik; want as dy twa mislearren (en hoe licht koe dat ris barre!) dan soene syn bern nin brea ha, en miljoenen soenen de hongerdea stjerre moatte. Dêrom het God makke earte, beanne fan allerlei soarte; Hy het makke rogge, weet, boekweet, koarn, spelt, hjouwer, gierst, Turkske weet. En dat het de Skepper dêrom dien, dat as 'er ien of twa fan dy granen troch misgewas mistribelje, de oare dat gat wer oanfolle kinne. Want noait beswike hja allegearre allyk, en sa kin dan de iene altyd foar de oare yn de bresse springe. Mar no ha de domme minsken dat oars begrepen; hja sizze: ‘Nee, baas! Wy betankje dy foar al dyn granen! De ierdappel lêst ús better, en dy is ek goe'keaper. Hy heart hjir wol net thús; mar dat rekket ús net; wy sille him de eare jaan dy him takomt. Wy sille ris seis-achtsten fan it plak, dêr dyn granen oars op stienen, mei ierdappels beslaan, en litte dy twa-achtsten dan oan dyn oare granen oer. Dat is ús folle foardieliger, en hy smakket ús ek wol helte better.’ En dat gong ek goed salang as de ierdappel goed wie. Mar dêr kaam it sike-ierdappeljier! Doe wie it ach en wee oer hiel Europa! Swart wurde fan honger! Ja, by tûzenen fan honger stjerre! God, dy se yn syn wetten fertrape hienen, oanskrieme om brea! Foar de riken stean mei it blanke mês, en it as kannibalen útmoartsje: ‘Bloed of brea, ierkloarkers!’ Oproer, moard en deaslach oan alle kanten! It ding wie sa klear as de sinne, freonen! De granen wiene sa min net útfallen, mar 'er wie sa'n bytsje fan útsiedde, dat se 't onmjitlike fjild fan dy ferrotte ierdappels, dêr se tefoaren elts har plak op hienen, net wer oanfolle koenen. Geale. Mar wa koe no ek tocht hawwe, dat de ierdappels de pestilinsje krije soene? Dêr hie men noait tefoaren fan heard. Dokter. En lykwol ha jimme dy plant sa tantearre, dat er altiten siik wurde moast. As de âlders de bern alle dagen mar fan 't bêste frette en sûpe litte, safolle as de bealch mar fiterje kin, dan sil it 'er dy bern nei gean, en sa is 't de ierdappel ek fergongen. Geale. Wel, dat woe 'k dan, goddoarje, wolris bewiizge hawwe. Do rachste de bouboeren út, dokter, as se nin turf heech binne. Dokter. De ierdappel hawwe se helle út de fruchtb're, mar woaste grûnen fan Amearika. Yn Chili, Peru en Mexico waachst er yn 't wyld lykas hjir de barnnettels, de toarnbeien of de duorren en siggen, en hy soe altyd goed yn steat bleaun hawwe, as men him mar sawatte behandele hie as er dat yn syn geboartelân wend wie. De boekweet hawwe de krúsfarjers Ao 1200 út de barnende sânstreken fan Arabië helle, en dêrom groeit er hjir te lâne ek nearne better en gesûner as yn de gleone jiske fan de ferbarnde koarste fan langeturffeanen, dêr men de finger pas yn daaie kin. Dat is syn klimaat. Iebele. O! dêr wy yn de foarsimmer dy neare hearige loften fan krije, dy ús hiele ryk yn in kalkoven feroarje. Dokter. Deselde. Let no wol op, dat se yn hiel Europa de ierdappel pript en mei allerlei keunsten en dongen oanfitere hawwe om mear op te bringen as er koe, en dat het him de deastek dien. Ik sil mar ris in eksimpel oan Fryslân nimme; want dat begripe jimme bêst. Yn Fryslân hawwe se de ierdappel ek lang nei syn âlde aard behannele, en salang | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 352]
| |||||||||||||||||||||||||||||
as se dat diene hiene we hjir, doar ik sizze, de bêste ierdappels fan de wrâld. It duorre net lang as de frjemdlingen kamen ek yn de smeits; de skippers krigen 'er de flucht op, en sa gau as ús ierdappels yn de verzending kamen, feroare alles mei in blits. De keaplju, dy se by skipsladingen-fol weifierden, sochten allinne mar Fryske ierdappels; nei de deugd waard net folle frege, de namme wie foldwaande; en doe kaam it 'er mar op oan, net wat soarte de bêste, mar de measte ierdappels opsmiet. Dat waard probearre; alle jierren kamen 'er nije soarten by; op it lêst hienen se yn Fryslân by de santich soarten, en dêr karden se dy út, dy út in pûnsmiet de measte kuorfollen útmeat. Sa is de grutte ierdappelsteapel yn Fryslân en oeral benei ferdoarn, en yn steed fan bêste kriget men no yn Fryslân meastal, as men se sels net besteld het, minne ierdappels foar de noas. Geale. Mar no begryp ik noch net, hoe wy de ierdappel de pestilinsje yn de hûd inte hawwe. Dokter. In bytsje geduld, Geale, en do silste it hearre. Do witste, de ierdappel het dit fan syn woaste geboartegrûn oerhâlden, dat hy net mei it gers yn lege mieden omslymje wol; ek wol er nin weake dong op de kop habbe; want dan makkeste it lof wrak en geil, en de bollen stekkerich, glei en kliemsk. It is in wylde Yndiaan fan Amearika, dy sa'n weelde net drage kin. Hy wol in grûn habbe, dy heech en troch syn eigen natoer krêftich is, lykas yn Amearika, en dêrom kinste him noait net better traktearje as op bêste terpen en dunen, dêr pit, mar nin ferske dong yn sit; de dong moat 'eryn fergien wêze. Sokke terp- en dúnierdappels binne de bêste. Mar lykas ik sei, dat joech net genôch; it lân, dat 50 kuorfollen joech, moast 60, 70, 80 en mear jaan, safolle as it mar fiterje koe. En dêrta sochten se net allinne de fruchtberste soarten út, mar hja pripten it lân mei alderlei keunstmiddels oeral sa dierber, dat er op it lêst de kop sakje liet. Hja seinen: ‘Fyftich fjirders heste jûn, mar hondert moatste jaan. En ofste lypste of pypste, do silste. Moatten is ek wat, en loaiens is nin lammens. Wy sille it dy wol leare, baas!’ Sa habbe se de ierdappel yn de steat fan in ferweend bern brocht, dat tweintich jier oanien troch wyntsje en Tryntsje, troch gast'rearjen en swieren, syn sintugen sa oerprikkele het, dat 't op syn tritichste útlibbe en in stokâld man wurden is. Troch al dat kiteljen en prikkeljen waard alles mei in rep ontwikkele, waard alles earder ryp. It bern waard op syn tredde jier al jonge; op syn tolfde al feint; op syn sechstjinde al in man mei bern; en op syn tritichste stokâld. De ierdappel, salang as him tiid en romte ta groeien jûn waard, brocht syn groei nei de rigele yn 'e grûn te'n ein, duorre de hiele winter troch, en begûn yn 't foarjier earste wer te kymjen, as er de einpeal fan syn gewoane libbensdoer neiby wie. Mar fyftich jier oeral troch allerleie keunsten pript en oanfitere om al mear en mear bern fuort te tyljen, is er eindelik yn syn tyldelen sa oerspand en ferswakke, dat hy, om sa te sprekken, syn sied rinne lit; want syn egenlike kwaal is in gammele oandrift om foar de tiid, sels yn it midden fan syn groei noch, onder de grûn te kymjen, en as er dat folbrocht het, kin er nin moal mear sette; hy bliuwt glei en kliemsk, of set him ta rotsjen. Geale. As dat sa is, sjucht it 'er net bêst út. Want dan sit dy kwaal de ierdappel yn march en gebiente. Dokter. Sa wolle se wolris sizze, Geale. It sit him 'jip yn de hûd, yn al syn fezels en ierkes, en it giet 'er net licht wer út, sizze hja, krekt sa min as in slymtarring út 'n minske. Sa faak as 't 'er mar op wierret, miene se, sil de kwaal wer foar 'e tried komme. As it waar myld is, de wyn soel, en losse lije reintsjes geduerich út de lakwaarme loft flappe, dan habbe alle planten tier; hja brûze út de grûn, en men kin 't gers hast groeien hearre; mar dat narjen fan de sike tyldrift kin de ierdappel net mear fele. Hy begjint dan aanstons te kymjen en te rotsjen; syn lof wurdt swart; syn grutte bern, ek al oerstjoer yn 'e tyldrift, sjitte troch yn de grûn; syn lytse stjerre, en in libben fan njoggen moanne het er no yn ien wike ôflein. Sa sizze de gelearden. No, dat se mei soele fruchtb're reinen en lij waar oan 't rotsjen slane, dat wite jimme allegearre. En lykas it bêd, dêr in minske oan de tarring of de tyfus yn stoarn is, sa is ek it lân besmetlik, dêr de sike ierdappels yn ferrotte binne. Al nimste it sied fan de wylde ierdappels fan Peru of Mexico, en do sieddeste it yn dy | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 353]
| |||||||||||||||||||||||||||||
grûnen, hja sille de sjuchtme onder de lea krije, en dy feilich wêze wol, moat se tylje op in plak, dêr noait in ierdappel op stien het. Jalke. Dat sjucht 'er net al te goed út. As 't no ris op 't slimst besloech en de ierdappel bejoech him ynienen ris hielendal oer hiel Europa, wêr moast it dan hinne, dokter? As de helt fan it iten, dat foar twahondert miljoen minsken berekkene wie, yn de ferrotte ierdappel weisonk! Sa'n spektakel fan honger en ellinde soe 'er noch yn de skiednis net west habbe. In algemiene oarloch fan de earmen tsjin de riken soe hiel Europa mei bloed en moard folle, en 'er soe neat oars op sitte as dat elts it stik brea, dat er oerhie, mei it blanke mês yn de fûst tsjin syn evenminsken, as safolle hongerige, ferskuorrende wolven, ferdedige. Presidint. As de keningen no in grutte deugd oan har naasjes dwaan woenen, moasten se in kongres oanlizze en mei-eltsoar bepale, hoefolle grûn elts mei ierdappels bebouwe mocht, en krimpe dan dat plak safier yn, dat, al ferrotten al dy ierdappels, de oare granen it dochs noch hysje koenen om in stik brea oan Europa te jaan. Dokter. Dat wurdt heech tiid. Want wy hawwe no sjoen, hoe dôfhûdich de boeren binne. Hja habbe leksum op leksum hân, mar hja bouwe 'er dêrom mar altyd ierdappels wer op ta. Hja moatte noch oars pit hawwe; hja moatte yn 't neaken himd by har lêste ferrotte ierdappel stean te skriemen, foardat se it poatsjen stean litte. Presidint. Ja, dat moasten de diplomaten mar ris op 't tou sette. Jalke. Diplomaten! Ei, ju! Binne 'er noch diplomaten? Dat wist ik net. Ik wyt wol, dat se 'er west binne, mar dat se 'er noch binne is mear as ik wyt. Mar wat dogge dy dan? Tamke. Witste dat net? By de dei libje, Gods wetter oer Gods akker rinne litte, en in gleske pûns drinke. Hja wite oars wol, dat 'er nin moarddédiger oproer is as fan de mage. Want de earme minsken fjuchtsje har leaver dea, as dat hja har deahongerje litte. De diplomaten hawwe oars ek al in leksum hân. Want doe 't earste sike-ierdappeljier kaam, wiene hja danich yn 't gat bebiten; miljoenen fleagen har oan om brea, en hja koene 't onder de stiennen dochs net weiskuorre. Wellington, dy doe earste minister fan Ingelân wie, rekke 'er sa skjin mei oanhelle, dat hy, dy Napoleon by Waterloo ferslein hie, no op syn bar it fjild romme moast foar in ferrotte stjonkende ierdappel, en syn portefeuille dellei. Mar dêr is nimmen in drip wizer troch wurden. Dat libbet en regearret 'er mar op ta, of 'er neat te dwaan is, en wol de ierdappel nochris rotsje, wel no, dy dan libbet, dy dan soarget. Iebele. Mûlk hie 't in seine foar de wrâld west, dat de ierdappel yn dy earste sjuchtme mar de bonken útstutsen hie. Dan hiene wy 'erôf west; elts hie witen, wêr't er oan ta wie, en wis spul spile. Mar salang 'er noch in ierdappel oerbliuwt sille se him poatsje, as 'er noch goed skaai fan komme woe, en sa, hoewol God allinne de takomst wyt, stiet 't earme minskdom oan algemiene hongersneed en ferdylging bleat. Jalke. Ik mei graach in giele, moalige ierdappel; mar dêr is ien ding yn him, dêr ik him net om luchtsje mei. It is in ferrieder. Geale. Ik miende, dat wy de ierdappel ferret hiene, en do seiste dat hy ús ferret het. Jalke. Doe de ljuwe fan earte, beanne, weet en rogge bestienen, betocht elk him nochris, foardat er in wiif naam; want sok iten koste altyd nochal wat; it is alteas nea net sa rom, dat se 'er eltsoar koarts mei om de earen smite. En dy dan in trop bern krige, hie rju te skraabjen, om se de mûle iepen te hâlden, en in wintertarring oer te hâlden. Mei de ierdappel is dat oars. Yn tamelike jierren het elts dêrfan foar lyts jild de kost, en in arbeider wûn genôch mei syn deihier om syn wiif en bern de termen te foljen. Sont binne de earmen oan 't hylkjen gien, krekt as 't in jildwinninge wie, en yn alle delen fan Europa tylden se fuort as k'ninen. Dat is jierren en jierren goed gien ta it siik-ierdappeljier ta; doe seach de hiele wrâld, dat hy in ferrieder wie. Neidat hy miljoenen en miljoenen minsken yn it libben roppen hie, dy 'er bûten him noait komd hiene, knypte hy 'er op it lêst út, en liet se yn honger en ellinde sitte. Presidint. Dêr kin ik dy in ding fan sizze, dat ik yn de Betuwe sels sjoen ha. Dêr | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 354]
| |||||||||||||||||||||||||||||
hierden de gemiene lju in kampke lân, dêr se ierdappels op ferbouden; de man iet 'er earst út mei syn hûsgesin, en 't oare ferkoft er by de ôfslach, krekt as de skylfisk by ús op de fiskmerke. De measte part koften de skippers, dy se oan oare oarden wer útsutelen. Men koene rekkenje, dat in gemien minske mei in wiif en seis bern dêr it rauwe foer hie foar 14 of 15 stoer yn de wike, sa goe'keap wiene de ierdappels. En dy ieten se trijeris deis; moarns, middeis en jûns, dat is te sizzen, altyd. Dat gong kaptaal, útmuntend, noait sa sjoen, en lykas de Egyptenaren yn de ko in sinnebyld fan de godheid, dy elts skepsel klaait en iten jout, oanbeanen, sa dienen it de earme Betuwers yn de ierdappel. Nimmen hie 'er erch yn, dat onder't lôf fan dy plant in slange krôle en sifele, dy as er foar den dach sprong har allegearre de strôte tichtwrongelje soe. Elts seach dêr op it plattelân wol nin rykdom, mar dochs rju folle romte en tefredenheid. En dêr kaam it sike jier! Yn in eagenblik waard it klaad, dat dizze oarden dutsen hie, 'er ôfskuord, en no kaam 'er neat as neakene en bleate earmoede oan 't ljocht. 'Er wie neat! Nin klean, nin iten, nin stoer jild, en hiele doarpen moasten fan de earste ta de lêste man mei biddelgaven de mûle iepenhâlden wurde. Dat hie mei de folle bou fan rogge, weet, koarn en al dy oare granen tagelyk, sa as fan âlds, onmûlk west. Hessel. En just op dy tiid wie ik yn Ierlân. Dêr hieste itselde ferried fan de ierdappel. Ik moat jimme sizze, dat is net allinne it moaiste, mar ek it fruchtberste eilân, dat minskeeagen sjen kinne. 'Er libje no sawat sân of acht miljoen minsken, mar as it fan Friezen beboud waard koenen 'er op syn minst tweintich miljoenen bestean, en dan soenen se noch safolle bûter wol nei Londen stjoere, dat wy 'er nin boadskip mear hienen. De Ieren wiene altyd slof en sonder omtinken; mar de ierdappel het har smoarch en loai makke. De Ier wie neat mear brek as turf en ierdappels. De turf stiek er yn 't fean, meast nêst syn doar; want it is krekt as it fean yn Ierlân reind het, op de hege bergen ta; en de grûn smiet safolle ierdappels op, dat de Ier fan it iene part mei wiif en bern libbe, en't oare part yn 'e bargen opfuorre, dêr er de lânhearre de hier fan betelle. Om dy ierdappels te ferboujen, hie er in moanne nedich om se te poatsjen, en nochris twa moanne om se te roaien en de grûn wer om te dollen; dat wie yn alles trije: de oare njoggen moanne seach er yn 't waar, smookte syn pypke onder in gleske whisky, of rinkelroaide er op de merken om. Mei ien wurd, de Ier libbe as de goaden yn Frankryk. Mar dêr sloech de ierdappel oan 't rotsjen, en út wie de wille. De Ier seach no, mar te let, dat hy om tolf moanne yn in jier te libjen ek tsien moanne arbeidzje moast. 'Er wie neat te bêste. Nin iten; nin sparstuorke efter it linnen om iten te keapjen. It wie: bek ta, pong iepen, en aste in net oer it hiele eilân spand hieste, wie it egenlik mar ien earmehûs west, dêr de iene noch lûder as de oare moarte om brea. Hier dêr waard net oan tocht. De onbarmhertige lânhearren brieken de koaterkes de huzen boppe de kop ôf, dêr de muorren noch by tûzenen fan oer it hiele lân spraat steane, en dy ierkloarkers dreauwen de earmljus kijkes nei har eigene grutte greidpleatsen. Ik lei doe te Cork mei in brik, en net fier dêrfandinne stoarnen yn ien provinsje fjouwer-en-fyftich-tûzen minsken oan honger, of oan de gefolgen fan it gebrek; en de folgjende ellinde het twa miljoen Ieren út har lân dreaun, dy no yn Amearika of Nij-Hollân sitte te buorkjen. Dat is de seine fan de ierdappel! Hienen se by de weet en de hjouwer, de earte en de beanne, as har oarreheit- en-harre bleaun, dan hie sa'n grouwel fan jammer en dea net mooglik west. Mar it is al in nuver beskik! Amearika het Ierlân yn 1750 de ierdappels taskikt, om troch dyselde ierdappels, doe hja oan 't rotsjen sloegen, hondert jier letter 'er de Ieren sels foar yn pleats te krijen. Presidint. Mar, mannen, wy dwale fier ôf. Wy moatte fan dokter wite wêrom wy de minsken net fan de drank krije kinne, salang de ierdappel benei it iennichste iten fan de arbeidersljuwe is. Beloften meitsje skuld, dokter! Dokter. Ja, ik moat wer sizze, presidint, it sil spanne om jimme dat te betsjutten, omdat it nieuwe verbeterde onderwijs jimme sawat ko-dom lit yn alles, wat jimme it neiste oangiet, en dêr jimme it measte belang by hawwe; ik mien, de hûshâlding fan it minsklik lichem. | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 355]
| |||||||||||||||||||||||||||||
Geale. Wel, it leart ús bern net iender's blaugers fan goed finnegers te skieden; hoe soe it ús dan leare, hoe wy ús eigen tabernakel oerein hâlde moatte? Dokter. No, dat is dêroanta; mar ik sil 'er in smeet mei de mûtse nei dwaan; ik moat safolle pispraatsjes by de smoarge tongen en polsen fan mefrou-en-harre de hals brekke, dat it komt op in ferlern praatsje allehiel net oan. Jimme wite, dat de dieren harsels troch it makkelei fan har lichem skiede yn flêsk- en griente-itende dieren; de minske en de baarch allinne, omdat hja de hiele ierdkleat bewenje moatte, binne alfraats. Flêsk en griente yt de minske allyk, mar de tosken en it termkanaal, en de speesje fan iten, dat er nedich het om syn lichem goed yn oarder te hâlden, wize sinneklear út, dat hy mear oan de kant fan de flêskfretters as de griente-iters linet. Dat is wer in wet, in ivige wet fan de Skepper, dy syn grûn het yn 't ferskillich makkelei, yn de ynrjuchting en needdrift fan 't lichem fan de dieren, en dy wet moat nimmen wer oertrêde, of hy sil 'er wreed foar kastijd wurde. In tiger, in kat, in liuw binne flêskfrettende dieren; hja libje fan 't jeien op oare dieren, dy se ferskuorre, en mei it flêsk en bloed oarberje. Wat soene jimme sizze fan de man, dy de tiger, de kat en de liuw as fetweiders yn de finne jeie woe om gers te iten? Ommers dat er te Snits yn nûmer âlve moast. En moasten jimme itselde net tinke fan in boer, dy syn kij en skiep mei spek en flêsk yn pleats fan gers of hea fuorje woe? De minske is in alfraat; hy is makke om fan dierlik en planteftich iten beide te bestean; mar benammen dierlik. Jaan him no allinne dierlik iten, of allinne planteftich iten, en yn beide gefallen krinkste syn natoer, mar meast noch aste him mei planteftich iten, lykas ierdappels, allinne ôfsâltste. Jou him neat oars as flêsk, en hy soe wurde bloedryk, galeftich, opljeppend en wreed; mar jou him allinne ierdappels, en do krinkste syn natoer noch tsienris mear. Yn pleats fan bloed kriget er in soarte fan waai; de organen, it ark dêr de hûshâlding fan it lichem mei op proppen hâlden wurdt, slane oan it kwinen, en wat hja útrjuchtsje giet kliemerich, slypjende en slieperich yn syn wurk. Langsum giet alles oan 't sinkjen (atonie); nin kreazens (energie), fuortfarren of krêft mear, sa min yn 't sin fan de minske as yn syn lichem, en dêr de ierdappeliter noch komme moat, dêr is de flêskiter al twaris west. Hessel. Soe dat dan de reden net wêze, dokter, dat de Ingelsken safolle mear mânsk binne as oare naasjes? De minste arbeider yn Ingelân soe miene, dat er dea moast, as er middeis net in flink knoarre flêsk yn de fûst hie. Dokter. Wol siker is dat ien fan de redenen mei. En do witste ek, Hessel, dat hja it flêsk net oan flarden siede of briede lykas hjir, en 'er de krêft útpiterje, mar dat hja it heal nôch en dus mei al syn soppen en krêft ynslane. De minister fan finânsjes yn Frankryk jout jierliks it tal pûnen flêsk en spek op, dy't 'er yn it jier oer it hiele lân iten wurde, en as dat minder is as yn 't foarige jier, dan sjocht er dêr spook yn; want, seit er, nei't de Frânsken minder flêsk ite, dêrnei sil 'er ek minder keunst, iver, dapperheid, mei ien wurd, minder krêft en hearlikheid yn har wêze. En de man het gelyk, as er net by de dei libbet. Want de ierdappeliter wurdt nei in pear geslachten kliereftich, wettersucfitich en flanterich, en hy bringt pizelige tsjirmers fan bern fuort. Dan earste jouste oan de minske minsklik iten, aste him by syn panne mei ierdappels in komke fol riezel, en in healpûn flêsk of spek jouste. No hawwe de potentaten yn Europa mei al har bloedich plokhearjen safolle miljarden skulden makke, en om de rinte fan dy skulden moatte de earme minsken safolle fan har deihierke opbringe, dat har nin spek of flêsk mear barre mei. Miljoenen en miljoenen krije by har ierdappels neat oars as in lawaaisaus, by ús bekend onder de namme fan mosterstip. Dat koe no noch sawat oangean as se yn pleats fan ierdappels namen earte, beanne, groat of moal lykas yn oarreheite tiden; want dat planteftich iten is sa dreech, dat it yn fieding tsjin flêsk en spek opweacht, hoewol it 'er de oare heechnedige fetfochten net fan het. Mar ierdappels! Ierdappels allinne! Tink ris oan! Yn 18 pûn earte of beanne sit krekt safolle pit as yn 100 pûn ierdappels, en om safolle fiedsel te hawwen as 'er yn in pûn earte sit, moatte men sechsteheal pûn ierdappels troch de hals skowe. Dêr komt dan ek dat moarddédich fretten by de ierdappelpanne fandinne; want om har | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 356]
| |||||||||||||||||||||||||||||
poarsje fiedsel te krijen, moatte se de pânse sa op de leest sette, dat se hast boarste, en har nei de mieltiid net bûge of riere kinne. De ferskrokke bern frette har ta skande; hja sette it liif út as in tromme; men kinne 'er wol in lûs op dea knippe, en dat alle dagen al wer oan, ta it liif te lêste sa spand stean bliuwt. Dêrfandinne dan ek dy tsjokke ierdappelliven, dy onder dy sloven fan earmljus berntsjes sa hûsriem binne. Mar litte se mar skrokke en frette fan dy konsjinsjestoppers, dat se pûste en blieze, de stok des broods sit 'er dochs net yn. Aste in arbeidersman in oere nei it iten oan dyn gerjuchten setste (ik ha 't wol faak probearre), dan fret er yn dyn flêsk en spek om, krekt as 'er nin krûm hân het. Spek, flêsk, riezel, smoar, bûter, moat de minske, moat de alfraat by syn griente yn de ribben ha! Dêr longert syn natoer nei lykas de bij nei de hunich yn de blommen, en as him dy dierlike prikkel net barre mei, dan nimt er de ramplesant fan de prikkel, ik mien de jenever. Allegearre. De jenever? De jenever? Hoe komme je dêrby, dokter? Dokter. Ja, mannen, de jenever! De ferkrachte natoer ropt ivich om wraak, en hja nimt wraak op de iene wei of de oare. De ierdappeliter fielt in leechte, in idel, in flaute yn syn yngewanden, en as er noch in botsen oerhet sil by 'er in drip floeiber fjoer foar keapje om syn sloppe, kâlde mage wat te kiteljen, en syn flabberich gestel in stipe te jaan. It is in falsk fjoer, it is in falske kiteling, it is in falske stipe, dy nin doer het, en om in amerij fernijd wurde moat; dat wite wy allegearre wol. Mar dat kin de earme ierdappeliter net skele, as it him mar in lyts eagenblik út de flauwe lardige lichte tilt, dêr syn ôfgod him yn delsinke liet. Presidint. Fan sokke dingen ha ik nea in drip heard; mar it lit him oars wol hearre. Iebele. Ja, dokter, it wol my ek wol oan. Ik sil je de proeve op de som sizze. Ik mei ek wol in slok, mar altiten foar iten; nei iten sil 'k 'er nea nei tale, en ik leau nimmen net, as er net pardoes onder de sûpers of suvere ierdappeliters heart; want dy meie it beide altiten. Dokter. Krekt, dat is de proeve op de som. Aste neat yn 'e mage heste, en do fielste dy flau en lardich, dan lûkt de natoer nei in opwekkinge, en dy fynste yn 'e jenever. Mar is de mage goed pript mei spek of flêsk en griente, dan het er al in prikkel dy natoerlik is, en de oare fan de jenever, dy onnatoerlik is, wearzet him. It omstik hoeft net twaris smard. Jappe. Mei de ierdappelljuwe giet it al sa. Hja meie it guod altyd, en as se in duit yn 'e marse habbe, geane se sa fan tafel nei de kroech, en sette 'er in romerfol boppe-op. Dokter. Aste my seiste, hoefolle kuorfollen ierdappels tûzen minsken yn in jier opite, wol 'k dy om-ende-by sizze, hoefolle okshoofden jenever hja yn in jier ynnomd habbe. Hoe mear ierdappels, hoe mear sterke drank; dat giet grif troch. Dêr heste Ierlân, dêr de koaterboerkes en it gemiene folk neat oars barre mei as ierdappels mei watte piper en wetter, dat is ek it lân dêr it meast yn hiel Europa sûpt wurdt. Dit is ek de iennichste reden, dat de drankswietens, dy alear allyk oer alle standen ferdield wie, no meast de sonde fan de earmen is. De riken krije al better en better iten, en sa is de sterke drank by har ôfnomd, wylst it by de earmen yn deselde mjitte tanomd is, omdat dy al minder en minder mei har iten wurden binne, en, no alles omkomd is, neat oerhâlde as de ierdappel. Geale. En it is krekt as dat slimmer wurden is, sont se de ierdappels begjinne te skilen. Doe'k in jonge wie waarden se sean mei de skânsloper oan; wy skylden se as se op tafel kamen, en wiene it wite mei fine skyltsjes, dan ieten wy se mei hûd en hier op. Dokter. Dat leauste wol. De ierdappel is net folle; mar aste him útklaaiste is er noch minder; aste him neaken siedste, en it komt watte hurd oan, dan lobbeste him. De krêft sit yn it setmoal, dêr it ierdappelmoal fan makke wurdt, en dêr siede se in poarsje fan út as de skyl it net tsjinhâldt. As se ôfdroege wurde fynste it setmoal faak op de boaiem, benammen as se wat stikken sean binne, en dy it ierdappelmoal barre mocht, dat de earme lju op dizze wize jiers yn 'e goate jitte, hie safolle ynkommen wol as de kening. | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 357]
| |||||||||||||||||||||||||||||
Ynse. Yn Ierlân komme se noch mei de skyl op alle tafels, riken sawol as earmen, en wol twaris; iender's sean, en nochris bret. Bret binne se noch fiedsumer, krekt as de kastanjes en it brette flêsk. Want it brieden skroeit de hûd dadelik ticht en hâldt 'er alle krêft en sop yn; it sieden iepent de hûd, en nimt 'er altiten min-of-mear fan de krêft út. Dokter. No ja, de earme lju moatte de lawabbel noch ek útpiterje! Dan wurde se noch slopper yn de termen, en dêrom ek noch slijer nei Jan-Doedel; want dêr sit de kerl yn. Hansma (presidint fan it Nut, komt yn). Binne jimme nochal oan 't eameljen oer de ierdappels? Foar in healoere wiene jimme dêr ek al mei dwaande. Sil dat de hiele nacht duorje? It wie better, dat jimme mei ús de seedlike ferljochtinge fan it gemien fuortsterkene; dan soe it de jenever wol stean litte. Dokter. As it gemien nin goed foer kriget, dan komt fan jimme seedlike ferljochtinge nin byt, Hansma! Alles giet by de minske fan de mage út. Lit ús arbeidersfolk mar spek en flêsk ite, en it sil mei goede skoallen wol better wurde. Oebele. Sa tochten de Romeinen 'er ek oer. Dy ferneamde helden, dy djippe steatsmannen, dy snoade wysgearen, dy har wjergade net op de wrâld habbe, wiene altyd beuzich mei dong en ploech, mei greide en boulân; hja sprieken en skreauwen oer it buorkjen, omdat hja mei har kleare koppen seagen, dat men in folk goed fuorje moat om 'er grutte dingen mei út te fieren. Dokter. Sa tink ik 'er ek oer, en ha ik foar jimme te lang op de ierdappels omeamele, ik bin bliid, dat ik fierste koart fan stoffe foar trochloftige Romeinen as Scipio en Cato west habbe soe. Mar dêr komt Joutebaas oan. Presidint, set je no skrep. No sil de bûter jilde. Joute-baas. Moarn, hear presidint! Presidint. Goemoarne, Joute! Dokter seit my, dat je net ongenegen wiene om de drank stean te litten. Is dat wier? Joute. By God is alles mûlk. Mar hoe sil in lupaart syn plakken en de Moar syn hûd feroarje? Sa seit de profeet, en sa sis ik ek. Presidint. Nin jenever mear, man! It is de pest foar siel en lichem. Joute. Ei! Mynhear. En dan de wyn, dy jo brûke? It eksimpel fan sokke ljuwe as jimme docht mear ôf as al de traktaatsjes fan 't Matigheidsgenootschap. Wy boargerminsken hinkje de grutten ommers yn 't ein altyd nei. Lit de wyn stean, meitsje jimme bûken slanker, en wy sille de jenever stean litte, en ús noazen fan pûkels en snijwurk reinigje. It eksimpel, it eksimpel, mynhear! dat docht de doar ta. Presidint. Ik drink wyn, mar bin 'er net oan ferslave; ek bin ik 'er by myn witen noch noait onbekwaam fan west as by 't Nut te Amsterdam. Joute. En wolle je ús dan neat tahawwe? Presidint. Drink in kopke tee; of meie jo dat net, Joute? Joute. Jawol, mynhear. Ik bin in kategismusbern; ik leau oan de erfsonde. Us heit mocht wol in slok, ús mem dronk jern in kopke tee, en ik, de soan, mei graach fan beiden. Presidint. Mar wat gelove habbe jo dan, Joute? Ik miende dat jo luthersk wiene. Joute. Ik ha in hûnegeloof; ik hâld mear fan it flêsk as de bonken. Mar it flêsk mei my net barre, en de bonken wolle myn tosken net. Presidint. Ik mei ek jern flêsk. Mar ik woe wol, Joute, dat je allinne nei jins mem útskaaid wiene. Wat smeits ha je doch, yn godsnamme, yn dy jenever, dy in minske ta alle hoeken en hernen fan syn hûd útstjonkt? Joute. De godgânske dei bodzje om in stik brea; in liiffol ierdappels mei mostertstip en in lafenis fan sûkereiwetter. Jonge, mynhear, as je ris fielden hoe lardich in minske dêrop wurdt, dan soenen jins termen ek wolris grine om in drip; want dêr sit noch kerl en stôk yn. Presidint. In drip kin nin kwea; mar de earste drip hellet de tûzenste oan. Joute, Joute! It misbrûk ... Joute. Het de grouwelikste gefolgen foar my, en myn wiif en bern. | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 358]
| |||||||||||||||||||||||||||||
By Ageboer
| |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 359]
| |||||||||||||||||||||||||||||
Presidint. Wêrom litte je it dan net stean? Joute. Och, mynhear! Jo witte net wat it is earm te wêzen. De skeamele wenje dêr wy yn omkruse; de foddige plunjes dêr wy ús yn klaaie; de honger en kjeld yn de winter; de minachting dêr de riken mei oer it skouder op ús skôgje; o, dat is sa ontmoedigjend! Dat ferslacht ús sa djip! En dan siikje wy in blyk fan moed en treast yn de jenever. Wy wurde net earm omdat wy sûpe; want dat wiene wy al; mar wy sûpe, omdat wy earm wurde of binne. Presidint. Ja, jimme sûpe, dienen jimme it noch hân foar de fûst; mar jimme dûke wei yn smoarge krotten en stjonkhoalen, en dêr sûpe jimme as mûzen. Nin minske heart, nin minske sjocht jimme, tadat 'er fjouwer binne, dy it lyk op in ljerde nei hûs sjouwe. Joute. Dat het de polysje ús leard. Eltse hillige syn ljocht. Eare dy eare takomt! Presidint. Sprekke je kwea fan de polysje? Joute. Ja, de polysje, en nimmen oars. Salang as wy op strjitte swiere, joele en sjonge mochten, wiene 'er in bytsje kroegen. Wy gûlden en kraaiden it út fan wille, en wy diene nin kwea of ontucht. Want dat docht men yn donkere slûphoalen, net foar alle minsken op strjitte. Mar Napoleon wie in tiran, en omdat hy yn eltse trop minsken, dy watte woelich op strjitte wiene, in komplot seach om him de nekke te brekken, liet er syn polysje de strjitten fan alle gedjoei en gegûl skjinfeie. Wiene 'er mear as njoggentsjin by eltsoar, ynienen mar, wei mei de boel! Mei de bajonetten dreau hy se út eltsoar. Yn dat bêd is ús polysje lizzen gien. As wy jûntiids joelden en gûlden lâns de strjitte; as de bern mei Sint-Mertenstokjes rûnen; as se in govert yn in foarname strjitte dûnsen; aanstons de polysje mei de tsjinners, en mars wie de boel! En wat bleau ús doe oer, as wy ús fermeitsje woene, as yn in kroech sitten te gean, en ús yn alle stilte stomdronken te sûpen? Tamke. Sa gong it hjir te lâne alear to op de dank-, vast- en bededagen ; dan wiene alle herbergen sletten. Elts moast mei tichte doar en finsters thúsbliuwe, en op sa'n vastendag waarden 'er binnenhûs mear rûzen sûpt as oars yn seis wike op alle herbergen yn 't iepenbier. Hessel. Yn Skotlân wurdt ek grousum sûpt, dêr binne de Ingelsken mar bern by. Mar dêr binne de Skotske dominys de skuld fan; want dy wolle habbe, dat de lju op snein neat oars dwaan sille as bidde en yn 'e bibel lêze. Laitsjen en gibeljen is sabbat-skennis. Nin rydtûch meie hja oanspanne; nin kuierke snein-te-eftermiddeis dwaan. Me' sjocht nin minske op 'e wei of strjitte as dy nei tsjerke giet of 'er útkomt. En omdat de goede kristenen bûtenhûs net kuierje of dûnsje meie, sûpe hja binnenhûs in rûs, en de dominys hawwe lâns dizze wei, dy hja foar de wei nei de himel hâlde, honderttûzenen oan de whisky brocht en nei de hel stjoerd. Joute. Dat is de bêste útlizzinge op myn tekst. De polysje het ús op deselde wize fan de strjitte dreaun en tûzenen yn namme fan de orde oan de drank, de biddelsek en giselpeal brocht. Arkema (lânsontfanger en lid fan de rie fan it Mjittichheidsgenoatskip). Dat is gien taal, dy wij hier fan un skearbaas, ik laat staan, fan 'n súper, hoare wille. Wil jou wel love, Joute, dat ik dat woard fan jouwes bij de kommessaris fan plysje angeve sal? En wil je ok wel love, dat je foar 'n maand na ut hús fan Jan Nekje gane? Joute. Men het it mei de luzen slimmer as de niten. De feinten fiere no in steil wurd tsjin de hearen, dy har leanje. Arkema. Wat wústou daarmet segge, brútale keardel? Weestou wel datste spreekste teugen 'n amtenaar fan de Earste Klasjes? Joute. Mynhear, de ontfanger! As jo in slot op de mûle hiene sa grut as 'er leit op jins swiere izeren kiste, dêr ús aap yn sit, dan soene je in gnap keardel wêze. Ik winskje jimme allegearre de segen en gesondheid. Presidint. Hâld je stil, ontfanger. Jo hawwe in kwea pleit tsjin in partij, dy neat te ferliezen het. Dy docht en seit wat er wol, en dy tinkt mar: hja kinne in lûs net mear nimme as it libben. | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 360]
| |||||||||||||||||||||||||||||
Dokter (yn it útgean). Is dêr no net oan te dwaan, Joute? Joute. Jo miene it goed, dokter. Mar ik bin in ferlern man. Sate Westerein j.h.h. |
|