raar op jins wiif út, en dan kwea te wurden om in bekjefol mostert. Myn leave man, as myn wiif it mâl fel oan het, poeha en gjin ein! dan is 't of de kweade yn de noadstâl stiet om syn hynstepoat beslaan te litten. Hja hellet de heuvel ta de skoarstien út, en dy dan net fan ruten spilet, dy soe se de hûd sa murf takje as in hjersttsjiis. Poeha en gjin ein! Myn leave freon! klei mar net. Wat sizze jo, Tjitte?’ ‘Ja, no,’ sei Tjitte, ‘no, ja, dêr binne kweade froulju, mar ek onbetinklik leave hertsjes. Mar hja binne as it waar yn de aprilsmoanne, onbetinklik hinne en wer. Mar, nee, no, as mines wat onder de mûtse het, dan het se in kop as in toer. No, ja, in stikelbaarch lit him better hantsje as in kwea wiif; mar as 't goed is mei har, nee, no, dan wyt ik gjin aardiger guod as in treddekeals ko en in jong frommeske. Onbetinklik moai, sis ik jimme.’ ‘Poeha en gjin ein!’ sei Age, ‘myn leave freon, in treddekeals ko het de pong om de hals, sa as men seit. En dy hawwe de froulju ek, myn leave freon, en dêr giet alles yn, wat de manlju fertsjinje. Poeha, en gjin ein! Tôgje oan mar, myn leave man!’ ‘Hm! ik foaronderstel,’ sei Durk, ‘as in man alles yn dy pong smyt, stel ik, wat er nammentlik fertsjinnet, hm! ik foaronderstel, dat er dan net felle wiis is, stel ik; want dan makket er himsels stêdskyn fan it wiif, stel ik nammentlik.’ ‘Wikje segge, sikje segge,’ sei master, ‘dat is 'n kwesty, daar wil ik my niet in geve. Wikje segge, sikje segge, 'n peard en 'n wyf binne honderd datten an. Ut iene dat hewwe se te feul en 't ander te weinig. Mar jou spraken daar fan 'n dardekalfskoe: binne dat de beste, en hoe fergelyk je dy bij 'n wyf? Want as ik 'n ding niet begryp, wikje segge, sikje segge, dan is ut mar lak om 'erover te praten, wikje segge, sikje segge ...’
‘Ja,’ sei Tjitte, ‘ja, no; no, nee; in wiif is gjin ko; nee, no, gjin ko, mar dêr is gjin wiif sa ryk, of hja is in ko gelyk. Hja nimt en jout. En onbetinklik nuttich binne hja beide.’ ‘Poeha en gjin ein! myn leave freon, jo hawwe dêr al in nuvere fergelikinge,’ sei Age. ‘Ja, in wiif is as in brânspuit; dy nimt ek, myn leave freon, en gjin ein. Mar dan moat er net lek wêze as uzes is. Dy bringt it net fierder as in skoaljonge pisset. Is dat in ding? Poeha en gjin ein! Kom do ris yn de stêd, myn freon.’ ‘Hm! ik foaronderstel foar in eagenblik, dêr kom je my op it sear,’ sei Durk; ‘my as brânmaster, stel ik nammentlik. Hm! ik foaronderstel, as ik it nei myn sin hie, dan waard 'er in nij brânspuit makke, stel ik. Hm! ik foaronderstel nammentlik, dat 'er wol jild by de gritenij is, nammentlik stel ik.’ ‘Poeha en gjin ein, myn leave freon! In nije brânspuit! Dan wie it better in twadde 'erby; mar jawol, poeha en gjin ein! It sil dêr net yn stean. Dan wie it mar better in twade 'erby, sis ik, myn freon.’ ‘Wikje segge, sikje segge,’ sei master, ‘so kenne se 'er ok wet 'n twiede skoalmeester bij nimme. Lak, wikje segge, sikje segge, dat gaat niet.’ ‘Nee, no,’ sei Tjitte, ‘no, ja, jo binne 'erop beroppen, master; mar doe ús âld-smid allinne wie, doe moasten wy al frijwat onder him stean. As de feint kaam om in hynzer beslaan te litten, no, en de baas siet onder syn soopke, of it noaske him net; no ja; by die it al, mar nee, no, as de feint wat dreau, dan wie 't: ‘Wachtsje, duvet! Wachtsje wat! Jimme mem het ek al op dy wachte.’ En dan sa onbetinklik flokke of it ambyld boarste. Mar no de baas partij krige het, ja, no, no is er al makker wurden. Ik wol dêrom net sizze dat jo onmak binne, master. Jo binne oars in
onbetinklik bêst man.’
Dêr kaam de masterke yn sân hasten mei mostert. ‘Dêr stiet de mostert, hearen!’ sei se. ‘Wikje segge, sikje segge, jou hewwe jou ferpraten bij de Buren. Wikje segge, sikje segge, ut is mostert na de maattyd. En dat sech ik nòch e's, frouw, hoar! De boël is lak met jou fandaach.’ Doe sette it wiif de hannen yn de siden, en sei: ‘Jimme duvelske manlju, dêr ik sa'n wurd om sis; alle klapsketen en haverklappen moat men nei jimme loai gat rinne. Dat sit mar te smoken, te sûpen, te riddenearjen en te argewearjen, te prûlmkjen en te kwatsen, en wy kinne de smoarge boel wer oprêde.’ ‘Poeha en gjin ein!’ sei Age, ‘myn leave freon, giet de helsdoar iepen? Dat hawwe we hjoed net fertsjinne, wis wol?’ ‘Hâld do de bek mar mei dyn poeha!’ sei masterke, ‘do heste noait nin keardel útmakke, ju! Do heste al twa froulju hân, en dêr is noait skaai fan dy komd.’ ‘Wikje segge, sikje segge,’ sei master, ‘jou beledige de meensken hier, en dat komt niet te pas, frouw.’ ‘Wêrom het er de bek deryn te slaan?’ sei hja. ‘It is jo skuld mei jins geëamel om sa'n bekjefol mostert. Mostert is noait yn myn âldershûs west; en dat wiene dochs gnappe boeren, en jo heit wie