Boer. No fierder. Do kraaiste goed, dat is wier. Do heste in bek as in see; mar as de hannen út de mouwe moatte, en it komt op stik fan saken oan, hoe dan?
Hoanne. Dan bin ik 'er ek, dan bin ik krekt de man. Ik raam, ik byt, ik pjuk en klau, ik stjit yn de hichte op, dat 'er de fearren nei stowe. Ik sis kik noch mik; ik fjucht; ik fjucht as de dapperste held onder jimme tinke doar; ik fjucht salang as 'er in drip bloed yn myn ieren is, en de eagen hingje my al út de kop, foardat ik kamp jou.
Boer. Ja, mar, feintsje, dyn fjuchtsjen het net folle yn de marse. Want dyn hintsjes soene it nin krommel minder by in oare hoanne hawwe as by dy. Do fjuchtste mar út jaloerskens, krekt as ús dronkene boerefeinten, dy eltsoar de bek opsnije om in moai faam.
Hoanne. Ik fjucht út jaloerskens, ja, mar ek út nocht. It is wier, ik moat wolris mei de sturt slypjende op de grûn en in beblette kop om in hinnekommen sjen; mar, jonge, aste ek ris wiste, wat in wille it is, as dyn fy'ne onderleit en teliter slein is, om dan boppe op syn bliedende en hymjende bealch te stean, en fiktoarje oer de hiele buorren út te kraaien; dan soeste de kâns ek al ris weagje.
Boer. Do fjuchtste dan út jaloerskens en earsucht; dus do fjuchtste foar dysels, en do biste ek al nin hier better as de keningen oer de minsken.
Hoanne. No, hûsman, as dat dan sa is, dat ik foar mysels fjucht, ik doch it sels allinne ek ôf. Dêr is nimmen yn myn ryk dy fjucht, as ik allinne. Dêr is ek nimmen dy in heale duit foar de oarloch hoeft op te bringen; want ik betelje de kosten mei myn eigen hûd. Ik rop myn folk net yn 't fjild om myn rûzjes, dy't ik mei oare hoannen ha, út te meitsjen. Do seiste, ik bin nin hier better as de keningen oer de minsken, mar as dy lilts op eltsoar binne, of hja wolle eltsoar in flie ôffange, of hja loere om in hoeke lân fan har buormans hiem ôf te skuorren, dan is 't gerop: Te wapen! Uwe eer; uwe haardsteden en altaren; uwe vrouwen en kinderen; uw goed en bloed zijn in gevaar! Op de roepstem uws konings dan te wapen! En de onderdanen moatte faak fjuchte as earme halzen foar in ding, dat har nin botsen skele kin, wylst de man, dy 't egentlik allinne oangiet, thúsbliuwt en syn gleske pons drinkt.
Boer. No, dêr sil 'k net fan sizze; dêr is al in bytsje fan oan. Mar dat feroaret ek njonkelytsen al. Fan âlds makken de keningen oarloch op har eigen manneboet, mar no wolle de onderdienen it al watte mei wite, omdat it op har hûd en jild oankomt. Mar nee, sa as doe is by ús de wizânsje noch net. Do dochste lykwol ek in bulte foar dysels; do fjuchtste út jaloerskens en earesucht, mar do fjuchtste ek as in hoanne út hoannichheid foar dyn plezierkes, feint!
Hoanne. Ja, plezierkes haw ik, dat is wier; safolle as ik mar út de skinen sette kin; mar dêr bin ik ek tankber foar. Ik doch in bulte goed.
Boer. Sjen my dyn kammeraten onder de bisten ris oan; wat in gelok hesto boppe tûzenen! Is 'er in edeler bist as in hynzer? Sjen my dy leave lytse fôleman, dy dêr mei syn moer oer de sleat rint te boartsjen. Wat in tsjep, fyn besnein, nuver bistke is it! Soe it jin net grize, dat men it ferkeapje moatte? Foardat it earme skepsel it ein fynt, moat it earst noch troch tweintich boalshannen gean. Mei in mannich jierren wurdt it in âld knol, dy mear ferge wurdt wat er jierriger en swakker wurdt. Arbeidzje by it bealchfol; skriel foer, en dat by de tomme heind; yn kjeld en snie faak oerwinterje yn de weide; de boarst, ribben en skoften oan 't blieden lûke, en dan ta in salve bruien op de iepene rauwe bealch ta. As 't alles omkomd is, ta lean foar al syn bodzjen it mês fan de filder troch de strôte en de hûd oer de tromme. En dyn libben, it is ommers inkel wille; it is it libben fan de sultan fan Konstantinopel yn 't midden fan syn harem.
Hoanne. Ik in Turk? Wrimels net, Jelle! Ik bin in goed kristenhoanne, lykasto in goed kristenboer biste. En wat dyn foarâlders, de âlde Friezen oangiet, ik wie al de heechste yn 't kristenryk, doe dat noch wylde heidens wiene; want doe stie ik al boppe op alle tsjerken en tuorren, dêr kristenen wiene.
Boer. In kristenhoanne soeste wêze aste in dominy wieste; want dy kraaie, skraabje en bite ek wakker, as hja it wurd biskop hearre, mar no-ste njoggen froulju allyk troud heste,