Gabe Skroar en de studint
Gabe krige ris in studint by him te praten, ien dêr er as jonge wol mei op 'e terp boarte hie, en dy er ek dalik wer koe, hoewol er al watte nuver optakele wie, lykas kostúm is by dy maats. Dat wie sels ek al in briken hear! It wie in omkesizzer fan dominy, en dy begûn dalik heech Hollânsk mei him te praten. En dêr foel Gabe dalik oerhinne, en dy sei: ‘Asto sa koart fan gehûgen biste, dat dy taal, dyste foar fiif jier krekt sa goed koeste as ik, omdatste him fan dyn eigen mem fan de widze ôf leard heste; asto sa koart fan gehûgen biste, datste dy no al fergetten heste, bliuw dan fan de stúdzje ôf en lear in hantwurk, of wurd boer. Want hoe silste dan in preek fan bûten leare, Kei?’ ‘Kei,’ sei Gabe, ‘hy waard oars Gerardus neamd.’ ‘O ja!’ sei de studint, ‘nim it net kwalik; ik kom just út de pastorij, en no wie my it Hollânsk sa hiem, dat ik it yn de gedachten ek al tsjin dy spriek. Mar hoe soe ik ús âlde Fryske taal ferjitte? Ik kin folle fan dy op, Gabe; mar dat moatste my net ferwite. Dat soe my sear dwaan. Want dan soeste my foar in grutsken ferwaanden studint útmeitsje, en dat kwea ken ik by de namme mar. De grutskens mien ik, Gabe.’ - ‘De boeren neame it oars mar in lompe taal,’ sei Gabe, ‘en dêrom begjinne hja ek te jykjen, sadat de âlders net mear fan do oan de berntsjes sizze doare. Is 't net bryk?’ ‘Net te dookjen?’ sei de studint. ‘Binne se gek? Alle folken, dy de taal fan ien stamme mei ús habbe, sizze fan do. As men gemiensum mei immen sprekke wol, of de achting en earbied útdrukke wol, dan is 't do by de Ingelsken, by de Sweden en Denen, en ek by de Dútsers. De âlders sizze it tsjin de bern en de bern
tsjin de âlders. Yn it gebed sels sprekke hja sa tsjin God. De Hollanders hawwe de Frânsken neibaud mei har gij of jij, krekt as hja tsjin ien allinne sprekkende dochs mear foarhabbe as ien persoan. En dy jitte sleauwer binne dy sizze UwE. Asto, Gabe, dyn widzesang sjongste:
Do, do biste myn Anke!
dat is folle ynliker; dat triuwt it wurd mear op it hert as datste seiste:
Gij, gij zijt er mijn Antje.
“Dus, Gabe, praat op mar, en gjin kwea fan de Fryske taal mear, hear!” Dat stoe de skroar skoan oan, en hy sei: “No sjen ik wol, dat de Hollanders 'erby federn habbe; want no is de taal te deftich wurden. Mar dêr mar net mear oer prate. Leaver oer de froulju. Dat is sawat studintepraat; net wier?” “Wol ja,” sei de studint, “dêr stiet de Bibel ommers ek fol fan. Dat is goed, Gabe.” It tafal woe, dat it de sneins op 'e neidei wie, en dat de fammen út de tsjerke it finster fan Gabe foarby rûnen, en dan krige elts syn beskieden deel. “Dat is ien dy is sa fyn as spinreach, mar dy is watte rabbich fan skik; 't sil licht net better wurde mei de jierren. Dit is ien mei skouders en boarsten, ien op it ierappellân. Dy is onsjoch fan troanje, mar leaf ta de teannen út, troch en wer troch, dat sis ik dy, Kei. En dêr giet ien hinne, gnappernôch, mar wat te bleek.” “Ja,” sei de studint, “wat skilt dêroan?” “Dat wyt ik net te klear; mar ien fan trijen wis: hja het de koarts hân, hja sit te stiif ynreaun, of hja yt tefolle swiet guod en kofjetsjok, of hja is mansiik.” “En dêr,” sei de studint dêrop, “en dêr giet de gnapste hinne.” “Ja mar, man,” sei de skroar, “dat is in bedraachster. Dy het my trije blauwe skinen yn ien winter jûn.” “En dan wiesto in gek, datst 'er wer hinne rûnste,” sei de studint. “Wierheid is 't,” sei Gabe, “mar kin in moai frommeske in jong keardel soms de holle net sa dwers op it liif sette, dat er syn ferstân ferliest?” “Mar hoe is 't, Gabe?” sei de studint, “do heste op al dy froulju wat te sizzen. Soe 'er ek wat oan dy skele, datste âldfeint bliuwste en net trouste?” “Ja, ik bin
kreupel,” andere Gabe dêrop, “mar dat hindert net. Gjin manminske of faam is sa skeef of bryk, of dy trouwe hjir op dit doarp. Hja miene allegearre, dat hja yn it fagefjoer sitte, salang as hja net troud binne, en dan miene hja yn de himel te kommen; mar yn it hûs dêrnêst is ek folk. Dêr sille ek wol guod belânje. Sa tink ik.” “Jonge, Gabe,” sei de studint doe, “ik ha juster jitte om dy tocht. Doe lêsde ik oer de âlde Spartanen. Heste dêr ek wold'ris oer