Yn 'e smidte
Hoe rekke ús Joldert yn de myt?
Troch tiid- en wurk-ferachtsjen.
Sa rekke er beppe skiven kwyt
Troch sêftens, troch fersachtsjen.
Hy iet en slepte wakkere swiet,
En iet de boel op lyk it giet
Hoe kaam ús Joldert wer terjucht?
De need dy learde bidden.
Hy joech him wierlik net út nocht
Oan 't smeien by de smidden.
Hy smeide rjucht, hy smeide krom,
Hy switte en waard ek minder dom
‘Is it no út?’ sei de smid. ‘Ja,’ sei Gabe. ‘No, dat wurdt ek tiid njonkelytsen,’ sei baas, ‘want as 'er in oar namme foar stoe, dan soe ik njonkelytsen leauwe, dat it op my wie.’ ‘Njonkelytsen! Dêr hawwe wy it al wer trije kear, baas. Jo sizze it foar jo it wite. It wurdt tiid njonkelytsen, dat ik gean,’ sei Gabe. De feinten laken, dat se skodden, en baas wie mar heal yn 't skik; mar hy njonkelytste mar fuort, want it wie him yn de mûle bestoarn.
Grou
e.h.