| |
| |
| |
Gabe Skroar en bysitter Goarrelt
Yn Gabe-skroars feintejierren wenne 'er in bysitter te Wytmarsum, dy hjitte Goarrelt Abes van Hynxtema, in ryk man, in deftich man; edel as in hoanne op de rûchskerne, mei in grutte earsucht. It wie in âldfeint, dy allinne mei syn suster en de boaden hûshâlde. Dy suster tochte ek net djip, mar dat wie sa'n roffelskûte, dy altyd mei de hiele hûd útfoel, en 'er alles mar útflapte, of it pas joech as net, dat Goarrelt-om wolris yn syn eare gong, en him soms ek wol danich yn de Wei wie. Fan dizze ljuwe hiene Gabe âlders in stik lân yn hier, mar sa 'joer, dat Gabe mar ris hurd begrepen hie om it sa net wer te nimmen, en dêrom hie er foarnimd, om, as bysitter ris by har wer oan hûs kaam, om it lân wer te ferhieren, om dan sels it wurd te dwaan, omdat er wol wiste, dat Pibomme him wolris foarbyprate liet. Dat waard ek sa tuske har beiden ôfpraat. Mar Gabe hie jitte mear yn it sin, want dêr siet jit in âlde oast tuske him en de bysitter. Dy hie namlik in gnap jongfaam oan hûs, dy dêr fan bern ôf wenne hie; dêr hie bysitter ek al lang smuchte op hân, mar hy wie te earsuchtich op syn manear om sa'n earm tsjinstboade ta syn wiif te nimmen. En dochs ienris op in lette jûn kaam de bysitter út in wyngelach, en doe waard de man in man, en hy hie syn deftichheid en syn earsucht fergetten, en dat bytsje froulju-flêsk, dat om syn spjuchtige lea siet, begûn te libjen. De faam docht him de doar op, en hy grypt har by har mûtele earm. Dy waard kel en sei: ‘Wat siikje jo, bysitter?’ ‘Neat, Joukje!’ sei er, en hy hâlde har mar fêst. ‘Ja, jo siikje al it ien of it oare,’ sei de faam, mar hja grypt mei de oare him syn eftersteekje fan de holle, en saait it yn de molkenkeamer, dêr just de doar wiid en waach fan
iepenstie, en sei: ‘Hawar, bysitter! No wyt' jo teminsten, wêr dat jo om siikje kinne.’ Hy stoep yn de molkenkeamer om de hoed te siikjen, en trûzelt, fan de wyn bedwelme, foaroer yn in rige fan folle aden mei molke, dêr de reame al tsjok op stie. Syn nij sarjes rokje seach 'er danich út. Dat wie twa houwen yn bysitter syn earsucht. De bysitter wie razend en woe de faam 'er útjeie, mar de suster kearde it, en sei: ‘Wêrom sûpste safolle fan dat mâl guod? Dêr biste swymhollich fan wurden.’ Mar lykas it mear giet yn de wrâld, dy sels net oan it spek komme kin, gunt in oar faak de swaarden net. Gjin frijer mocht de faam freonlik taknikke, ik lit stean, dat 'er ien by komme mocht, en Gabe, dy 'er faak op loerd hie, wist er it altyd te ontlizzen. No krige Gabe it grau op him, en dy wachte mar op in gelegenheid om bysitter Goarrelt ris terjucht te setten. Dy gelegenheid kaam 'er gau.
Op in jûntiid kaam de bysitter mei syn suster by Pibomme en Saskemuoi ynstappen neidat se earst in boade stjoerd hiene. Hy wie krekt of er sa just út it kammenet stapt wie. Dizze kear hie de man in grutten fine rûne hoed mei útplústere rânen mei in moai gouden gasp 'erfoare op, in lange deftige rôk oan, dêr gjin knûkeltsje of spruzeltsje op te sjen wie, mei in wite bef foar en gouden knopen yn 't himd; in rotting mei in pasteleinen knop, en in lang sulveren keatting 'eroan, droech er yn de hân; in spand lekkensbroekje mei kûtgaspen en sulverskiere hoazzen, en oeribele grutte sulveren gaspen op 'e skuon. Koartom it wie alles sa skjin en eptich as it hearde. In grut gouden haloazjekeatting bongele him op 'e foarbroek om, en doe er yn 'e hoeke sitten gong op in hege glêde pronkstoel, doe helle er mei staasje in grut wyt bûsdoek ta de bûse út en snute him sa deftich oft er by de grypman op it rjuchthûs siet. En hy rookte syn eigentabak kwânskwiis, mar it wie egentlik om syn swiere sulverentabaksdoaze sjen te litten, dêr de hele buorkerij op ôfbylde stie, en as alleman dy dan bewondere hie, dan sei er: ‘Ja, men soe sizze, hoe kinne minskehannen it sa meitsje! Mar it hat my ferskate goudene dukaten koste.’ Gabe siet nêst him op in leech wâldstuoltsje mei in burdbarnerke yn de mûle. ‘Do sitste dêr nederich, Gabe,’ sei bysitter; ‘mar,’ liet er dêrop folgje, ‘die zichzelven vernedert, zal verhoogd worden.’ ‘Dat hoopje ik,’ sei Gabe. It duorre net lang, of it begûn al gau oer de ynhieringe fan it stik lân, en doe fierde Gabe it wurd allinne. Gabe woe in trije gûne fan it pûnsmjitte ôf hawwe, mar bysitter woe neat sakje litte fan de âlde hier. Doe foel syn suster út, en dy sei:
‘Ik soe it mar dwaan, Goarrelt-ju! It binne bêste ljuwe; dy moatte ek
| |
| |
wat oan ús fertsjinje. Do heste ommers jitte wol in boarnamer fol jild lizzen. Wurdste gjirrich? Wo'ste it mei yn de deakiste nimme? Do silste 'er neat sêfter om lizze.’ Sa foel dy út. ‘Nee,’ sei Goarrelt, ‘mar ik bin te earsuchtich om it lân foar minder jild te jaan as't foar fiif jier west is. It is neat minder wurden yn dy tiid.’ ‘Earsuchtich?’ rôp Gabe benijd út; ‘earesucht? Jo hawwe in nuvere earesucht nei myn ynsjoch, bysitter. Binn' jy ek te earesuchtich om wierheid te hearren? Dan sil ik jo in ferklearringe jaan oer de rjuchte earesucht en de ferkearde earesucht. Mar ik moat earst wite, of it ek yn jo eare giet om fan in kreupel skroarke de wierheid te hearren?’ ‘Wel, nee, man; lês op mar,’ sei de bysitter, ‘ik sil 'er it hearren ta dwaan.’
‘No dan, de rjuchte earesucht bestiet dêryn, dat men 'er in eare yn stelt om net te heech fan jinsels te tinken, en net te leech fan in oar; om lyk en rjucht te dwaan; earlik en oprjucht te wêzen; alle minsken it sa goed te gunnen as men it sels het; de kweade fan har ferkearde paden ôf te helpjen en ta betterskip te bringen; de earme minsken mei meilijen te behanneljen; de driftige ta te jaan; onrjucht net mei onrjucht te ferjildzjen; op jinsels te pasjen, mar nin bloedjild te begearjen, en sadwaande de geunst fan God en alle minsken te fertsjinjen. Dêr moatte jo de rjuchte earesucht yn siikje, en ik wol ek net graach sizze, bysitter, dat jy dat net dwane; beliven net! Jo binne sa'n slim man net. Mar jo hawwe punten, dêr jy de earesucht yn siikje, en dêr er net yn sit, en dy wol ik jo oantoane, as it mei jins beleaven wie. Foarearst binne jy earesuchtich op jins namme; jy hjitte Van Hynxtema, en jy fiere ek in wapen. Dat bestiet yn twa hynzers, in terskswingel en in wanne, en omdat 'er in van foar jins namme stiet, no meitsje jy josels wiis, dat jy sawat fan de âlde Fryske adel binne. Mar, myn leave man, as jy ris wistene hoe jins oeroarreheit oan dy namme en oan dat wapen komd wie, jy soenen 'er net grutsk op wêze.’
Bysitter truzelt yn 'e molkenkelder
| |
| |
‘Wel, hoe binne wy dêr dan oankomd?’ frege de bysitter him brimstich. ‘No,’ farde Gabe fuort, ‘... mar jy binne, hoopje ik, net te earesuchtich om de wierheid te hearren?’ ‘Wel, nee, ju! Ik bin nijsgjirrich it te hearren,’ wie it antwurd. ‘No, ús âld smid, dy ferline jier yn syn fiifensantichste jier stoarn is, het my ris ferteld, dat jo oeroarreheit hjir te Wytmarsum hospes wie, en de earste man dy hjir hynsten hâlde. Dêrby hâlde er ek in koalkleed, en mei dy trije dingen gong it him ekstra-goed. Mar lykas jy ek al sa min-of-mear binne, de man wie proastich en boarstich, en wakker op syn eare steld. Hy wie ris te Frjentsjer, sa as er miende yn in selskip dêr nimmen him koe, en dêr joech er him foar in greidboer út, dy twa hynzers ried. Dat leach er ek net; want hy hâlde ek in ko, en meande alle bleken yn Wytmarsum; mar hja neamden him om dy pocherij tenei altyd fan Abe Hynsteboer. En no wenne 'er in gnap faam by him, dy by in grytman Aylwa wenne hie. Dy grytman soe noait syn doar foarbyride, of hy moast in flesse wyn by him drinke, en dy moast de faam him skinke. It wie altyd of 't him better smakke, as dy 'er de azem oer gean liet. Dat wie in frolik man, en dy neamde de hospes altyd Van Hynxtema, en dy makke him wiis, dat er min-of-mear fan de adel wie, en dy liet him ek dat wapen snije, dêr hy syn brieven mei talakte, lykas jy jitte dwaan. Dat hawwe jo dus oan in moai faam te tankjen; want hie dy dêr net wenne, dan hie dy grytman dêr licht noait sa faak net west, alteast net pleistere. En jo hoeve jo it net te skamjen, dat jo oeroarreheit mei hynstehâlden de grûn lein het fan jo kaptaal; mar jo moatte 'er net grutsk op wêze, mar 'er in goed gebrûk fan meitsje.’ ‘Wêrom het dy âld smid my dat noait ferhelle?’ sei
Goarrelt. ‘Wel, omdat er in goed klant oan jo mei jo twa boerepleatsen hie. Hy wiste wol, dat jo earesucht hiene foar jins wapen en jins namme, en dy earesucht woe er jo net benimme, om himsels it brea net út de mûle te stjitten; mar ik ha neat fan jo te freegjen of te freezjen. Dêrom sis ik jo de wierheid, en jy binne net te earesuchtich om har te hearren; wol, bysitter?’ ‘Nee,’ sei Goarrelt-om, mar hy ferbiet him al in bytsje.
‘En dan binne jy ek noch earesuchtich op jins amt as bysitter fan de gritenij. Wês dêr foaral net grutsk op. It is net om jins grut ferstân, dat jo dat wurden binne, mar om jins lânen en grûnen. Dy ljuwe, dy dêr komme, dat moatte ljuwe fan gewicht wêze, fan pûnen, nee, pûnsmjitten. En as jy dan op 'e rjuchtkeamer komme, dan hawwe jo neat te dwaan as it stompe ein fan jins lichem te brûken om 'ermei op in grien kessen te sitten, en mei it spitse ein efkes te knikken of te nigen as it pas jout. De rie is al sletten eardat jy by de treppen opgeane. Sjoch, bysitter, dat is alles, wat 'er fan jo foardere wurdt. Jo koene jitte earesuchtich wêze, dat jy de geheimen fan de rie earder wisten as in oar; mar, och, myn freon; it bier, dat dêr broud wurdt, kriget de boargerman neierhân ek al te priuwen, en hy moat it sûpe of it him smakket of net; en jy ek mei, bysitter. Dat is de wierheid. En jo binne ommers net te earesuchtich om har te hearren.’ ‘Nee, ju! Lês op mar!’ sei de bysitter noartich, en hy krige in kaam fan lilkens.
‘Licht binne jy ek earesuchtich op jins jild, jins lânen en grûnen, dy al foar jo bestimd wiene foardat jo yn de widze leinen, en dêr jy al in gedeelte fan besieten eardat jo doopt wiene. As jy oars neat hân hawwe op 'e ierde, dan sil 'er ek neat foar jo weilein wurde. Deel 'er ek fan mei; as jo dea binne giet elts dochs mei in stik fuort, en dêr bliuwt neat fan jo oer as in grêfstien. It mos groeit op dy stien, de sinne en de rein skulferje dy stien ôf, en jo namme ferdwynt fan de ierde behalven yn de tankb're herten fan bern en bernsbern fan dy ljuwe, dy jo goeddien habbe. Mar dat jo de earesucht siikje yn goud en sulver oan jo te dragen, en sa trinten en deftich yn de klean binne, oft jo sa út it kammenet stapt wiene, en dat 'er nin knûkel of spruseltsje op jins klean te finen is; och! siikje dêr de earesucht ek net yn. In oar laket 'er mar om. In skjin himd en in nij rôk dy kin men sachs oantsjen, mar in skjin geweten sonder skynhillichheid wês dêr earesuchtich op.’ ‘Ik soe mar ophâlde,’ sei Pibomme. ‘Nee, mar,’ sei Gabe, ‘bysitter is ommers net te earesuchtich om de wierheid te hearren, wol?’ ‘Ei, ju, dat fregest my jimmerwei!’ en it bloed kaam him yn de eagen. ‘No, bysitter, ik wist it net; mar jy binne jitte ek earesuchtich, dat je sa'n flitigen tsjerkgonger binne, en it is te priizgjen, dat je dêr mei liif en siel foar binne; mar
| |
| |
ik moat jo sizze, dat de measte sneinen, as de earste 'salm útsongen is, dat jy dan, sis ik, de siel útfanhûs stjoere; want dan begjinne jy te sliepen en te snoarkjen, dat de bank 'erfan droant. En dat duorret krekt salang as de diaken mei it ponkje komt: dan jout ús baas timmerman, dy nêst jo sit, jo in stomp mei de earmtakke onder de koarte ribben; en dêr docht de man ek goed oan. Want foar twa jier is it ris bard op in peaskemoarn, dat de diaken jo mei it ponkje onder de noas state, en doe wiene jo sa ferbouwerearre, dat jy yn de hast in wylde kastanje, dy jo foar de jicht yn de bûse droegen, yn it ponkje smieten yn pleats fan in keizersgûne, lykas jo wol paste, better as my in dûbeltsje; want dêr moat ik in oere foar sitte te pjukken.’ De bysitter gong de iene kleur ôf en de oare oan, en hy siet te swolgjen krekt oft him in stik hurde potstro yn de weaze stykjen bleaun wie; mar de suster fan Goarrelt knikte Gabe ta, krekt of hja sizze woe: ‘Toe, matskje op mar!’ ‘Jo binne ek te earesuchtich om jo lân goe'keaper te ferhieren as fan te foaren, al sjenne jo, dat nin minske it 'er meitsje kin. Jo suster seit oars, dat jo genôch hawwe. Mar soe 'er by jo net wat ynhellichheid mei onder rinne? Mear is genôch by jo; mar jo jane it in oare namme. Leau my, bysitter; folle ljuwe, dy graach lije meie, dat men har 'salmsjongen heart boppe in oar út, dy wolle net hearre, dat men har trijegûnen klinken heart. Dêrom begjinne hja 'ermei te hoedzjen, yn âlde fuotsokken en kessenslopen, yn âlde kastkoppen; of hja bedobje it jild yn poatten onder de grûn as de hûnen de bonken.’ ‘Heste dyn nocht hast, skroarke?’ sei de bysitter, ‘ik al lang.’ ‘Jit ien ding woe ik jo koartwei sizze; want it helpt jo mear as fiifentweintich preken, dy jo
fersliepe.’ Doe sei Gabe: ‘Dêr is noait in keardel sa meager, of dêr sit jit altyd in lead frouljuflêsk oan him, en hoewol jo al watte bienbitich binne, sa sit 'er by jo jitte folle mear oan. Pûnen sitte 'er oan bysitter, dat wyt ik. Ik wyt it, man; dy moaie blauwe eagen, dy reade wangen, dy mûtele earmen, dy flinke gong fan jins faam Joukje, dy hawwe jo betsjoend, mar jo doare it net uterje, en jo binne te earesuchtich om har te trouwen; mar dat wurdt in slange yn jins binnenste, dy him einling sels jit yn de sturt bite sil. Want noait hawwe jo in hurddravershynzer hân, dêr jo mear noed en soarch foar droegene as foar dy faam. Mar dy earesucht, dy earesucht! Dêr ferkoarte jy jins libben jitte mei. Want it is krekt as jo stellen guod yn hûs ha, sa'n noed habbe jo mei dy faam. Want as ik of in oar har mar efkes freonlik taknikke, dan sjenne jo ús mei ûlseagen oan. Trou se, man! Dan is de noed út.’ De bysitter hie syn nocht. ‘Ik gean 'erút,’ sei er sa rimpenwei; ‘wêr is myn hoed?’ ‘Och,’ sei Gabe dêrop, ‘dy het ús faam út oerdwealskens yn 'e molkenkeamer soald.’ Doe waard er kûgelsk, en hy fleach mei de bleate holle ta it hûs út, wylst syn suster it útskettere fan laitsjen. Mar Pibomme helle de bysitter werom, en onder in swiet sûpke waard de rûzje tuske Gabe en Goarrelt ôffûstke, en it waard bysitter op it lêst sa eang om 't hert, dat er tsjin Pibomme sei: ‘No, âlde hear, ik bin mei alles tefreden. Jy moatte mar foar it lân jaan wat jo kinne, mar it moat de namme habbe, dat it by de âlde hier bliuwt.’ Want syn earesucht woe de bysitter bewarje, al hie Gabe him noch twaris safolle hevele; behalven yn ien punt. Want lykas it mei alle komeedzjestikken en romans giet, sa
giet it ek mei dit stik, it eindicht mei in boask. Want it duorre gjin fearnsjier of Goarrelt troude de faam, mar Gabe waard net mei op de brulloft nedige, lykas wol stie te tinken.
Grou
e.h.
|
|