Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermdDe Langesleattemer manOer Earnewâldes rûge petten,
Dêr en reiddomp nêsten bout,
Dêr dangelt oan de Langesleatten
In spoeksel om, dêr elts fan grout.
In swartetabbert om syn lidden,
Stapt hy dêr nachts sa earnstich rûn,
En liket fol berou te bidden,
En digert jimmer nei de grûn.
Dêr het foar lange âlde tiden
In smid te Eamewâlde west,
Dy wezen útsûgd hie 'n útriden;
No het er yn it grêf nin rêst.
De baas siet fol fan kweade lagen;
En abbekaat dat wie syn heul.
Ek waard er fan de kweade dage;
Dy teistert him no as syn boal.
Hy het dêr earne in skat begraven
Mei list en skelmerije wûn,
En as de ûlen en de raven
Dwaalt hy dêr mannich nachten rûn.
En dy him sjocht dy is ferplett're.
Hy is de skrik fan lyts en grut.
En dy't net leaut, dy wurdt ferkett're;
'n Oerkomm'ling is 't, dy leaut oan neat.
Net ien giet dêr oan wâl te lûken;
Want elk is bang foar d'âlde kwant;
En sjocht er hantsjeriisGa naar voetnoot1 of strûke,
Hy skoot ferbaasd nei d'oare kant.
De fammen sille 'im oars net hate;
Want komt de frijer sneintejûn,
Dy sil noait fan nin skieden prate,
Salang de sinne is ond'r 'e grûn.
De struners sill' har ek net pleagje;
Gjin minske reizget dêr by nacht.
Dy soe er ongenedich reagje,
Want ivich hâldt dy man dêr wacht.
En fan geslachte ta geslachte
Sjen hja dy kweade smid dêr gean,
En op de inkele gedachte
Dan barne har de kâlde klean.
Mar jammer is it om te hearren,
Hoe dat in famke, earme sloof,
Troch dat ferskynsel kaam te stjerren,
En 't offer waard fan 't bygeloof.
| |
[pagina 295]
| |
Doe sei de fisker tsjin syn dochter:
‘'k Wol moarn nei tsjerke ta,
En tsjen ik jûn nei Earnewâlde
Moatsto de wacht hjir ha.’
‘En komt 'er faak in ongetider,
Lit dy dan ek mar oer.
Do moatste altemet útkypje;
Licht krigest jit in stoer.’
In kâlde mist teach oer de mieden
Mei 't fallen fan de jûn,
En oer de toppen fan de duorren
Dêr dwaalde in minske rûn.
No skau hja gau nei de oare side,
Mar 't skynsel dat ferskeat,
En stoep bedaard mei lange trêden
Dêr oer dy wide feart.
Ferskrikt, ferheard, alhiel ferbjust're
Wie doe dat jonge sloof.
De siken stoeken, 't herte tikke,
Har lea dy waarden doof.
Mei moed skau hja nei Earnewâlde,
Dy lange, lange wei,
En wêr hja troch de dauwe dig're
It skynsel folge nei.
Healdea fan swit en dauwedrippen
Kaam dêr dat sloofke oan,
Mar doe de faar har reden hearde,
Doe wie dêr nin ferskoan.
‘Wat soe dy âlde spoek dy leare?’
Sa spriek dy hurde faar,
‘Al komt er by dy yn it boatsje,
Wol, dêr is nin gefaar.’
Yn 'e puollen en petten fan Earnewâld
‘Kinsto dy aak sa lizze litte
Mei al dy fûken, sei?’
Har broer, in beuker fan in jonge,
Gong doe foar selskip mei.
Hja kamen yn de aak telâne,
Mar 't wie fan lytse doer.
Twa dagen het it hartsje libbe,
Mar, och, doe wie it oer.
De skrik, de skok hie har fermast're,
En 't jonge hert stoe stil.
Mar frege men dy simp'le ljuwe,
‘Och, ja, it wie Gods will’
No is 't geloof dêr jitte grutter
Oan 't spoeksel fan de nacht,
En ivich hâldt jit by dy sleat om
Dy âlde smid de wacht.
Sa taakt de kweade yn ús dagen
Jit ek syn aas en roof,
Mar, o, syn gleone giselroede,
Dat is it bygeloof.
Grou, 24 novembris 1849 e.h. |
|