Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Seemans klachte (It wurdt songen as In einem kuhlen grunde, Da geht ein muhlen etc.) Moai Etke fan Teroele! Wêr ik ek sit of rin, Do brochtst my op 'e doele, Do bist net út myn sin. Dêr yn dy stille hutte Ticht oan dy wetterswâl, Dêr siet ik, sleauwe Tutte. Wat wiene wy dan mâl! Fan dat de jûnklok lette Tadat de ljurk al song, It soe ús noait fertrette, Do suchtste as ik gong. Och, as minuten rûnen Dy oeren dan foarby. O, leave, hill'ge jûnen, Hoe sillich wien' se my! 'k Joech har in ring op trouwe, En swarde in eed 'erby. Ik woe 'r in toer op bouwe. Hoe rêd fergeat hja my! No mei ik floitsje of sjonge, Ik krij it dochs net oars, In rike boerejonge Giet foar in earm matroas. Mar 'k wol net langer kleie: Ik swicht net foar it jild. 'k Wol as in ruter jeie Oer 't bloedich oarlochsfjild: Wêr hege seeën geane, Nei 't fiere westen ta, Oer wylde weagen fleane Nei 't frij Amearika. [pagina 294] [p. 294] Moai Etke fan Teroele! Sjoch, ik fersto as tsjêf. Do brochtst my op 'e doele; Ik siikje om myn grêf. Grou, 3 jannewaris 1851 e.h. Vorige Volgende