| |
Foarlêzinge
Dien by in ofrekkening fan de letteroefeningen en de boekzall yn in lyts doarpke efter Ljouwert yn it jier 1844
In oere of trije efter Ljouwert leit in lyts doarpke, dat, dat ... No, ja, de namme is my fergetten; 't kin ek net Tolle skele. Dêr is 't de wizânsje, as hjerstdei de jûnen lang wurde, dat in grut part fan de boargers út, en fan de boeren om it doarp wei, jûns nei de herberge geane om tiidkoartinge, of ek wol út belang. It is fansels, dat men dêr allerhande slach fan lju gear fynt, sa yn uterlik as yn praat. It barde ris, dat ik dêr by okkaazje siet, dat ik in bytsje oantekening hâlde fan de praatsjes dy dêr foelen. It binne dizze oantekeningen, dy't ik foarnimmens wie, om jûn dêr ris oan 't selskip foar te lêzen. Dêr is just net folle oan, mar net sizze is noch minder oan, en dy't 'er gjin nocht oan het, hoecht net te hearren.
De tahearrers moatte har dan ferbyldzje, dat wy in bytsje nei sânen de herberge ynstappe. Dêr sit in grut omsittend laach om de hurd, wêr op in healkuorfol sponturf yn en op it hurdsje stiet te barnen, dat de lôge healwei de skoarstienmantel slacht. Dit is in bêst ding, seit de kastlein, om de lju op de stoel fêst te plakken, en de swierrichheid by de klanten te ferdriuwen. t' Is ek klear te sjen oan de troanjes fan 't selskip, dat se no fleuriger binne as doe't sy ynkamen. Sy prate en smoke as om kriich, en de wolkentabaksreek hingje oan de souder as in tongerbuoi yn de hûnsdagen oan de loft, en fertsjusterje it ljocht dat yn in âldmoadrige twatutige lampe oan de souder barnt. De kastlein trapet mei in blier gesicht efter syn klanten om, en is tige yn 't skik, wylst er út de holle berekkent, hoe heech as syn deihier jûn wol rinne sil. Foar dronkene ljuwe is er bang, en út goederbêst, seit er (en dat wol ik wol leauwe), docht er altyd wat ryklik wetter yn de drank; en dat de glêzen net te grut binne, dêr stiet er foar yn. Mar it sil tiid wurde dat ik de tahearders fertel, wat ljuwe dêr sawat sitte.
Nû. 1, de hoekman, is in jierrich âld boer, of eigenlik boer west; in giele ruotrige
| |
| |
troanje, in swarte prûk en in grut hoed yn de foarm fan in omkeard boarnamer op de holle. Fierders in buffelske broek en kammesoal, swart festje, grize fuotsokken, en swartferve klompen of toffels mei koarkene soalen oan de fuotten. 't Is in grut leafhabber fan smoken en krantelêzen,en troch dy wei het hy al frij grutte foarderingen makke yn de steatkunde. Hy wit de belangen fan al de Europeeske mogendheden op in hier út te plúzjen, dit net allinne, mar hy kin ek fan Amearika prate as hie er dêr hokkelingen yn de weide hân. Hy wit krekt te fertellen, hoefolle Russen dat dêr yn de lêste fjildtocht yn Tsjerkessië de earen ôfsniend binne, en hoefolle dat 'er yn it ferfolch de kop noch kwytreitsje sille. Spanje komt noait wer yn rêst, seit er, of it moast just wêze, dat de soan fan Don Carlos mei de jonge keuninginne troude. Van Hall moat foar in kriichsrie te rjuchte stean, en Espartero nei Siberië band wurde. As de hear Thiers net wer yn it ministearje komt kin 't noch wol beslaan, dat de hartoch fan Bordeaux wer op de Frânske troan komt. 't Sil fierders net lang mear oanhâlde, dat de Ingelsken mei bluod'rige koppen út Sina weijage wurde, en Ierlân in keuninkryk apart wurdt. Folgens him ha de Belgen ek wiis dien, doe't hja yn tritich it gat oan âlde Willem-om fagen en syn ministers belet hawwe om dêr langer de reaksgerzen op te swyljen. De man het no in nacht twa net gerust sliepe kind, omdat hy yn de gemingde berichten lêzen hie, dat de keizer fan Marokko de oarloch ferklearre hie oan de grutte Mogol, en om't hy bang is dat dêitroch de hinne-aaien goedkeaper wurde sille. As de nije belesting trochgiet, bin ik bang dat er de koarts kriget, en dat er de hûshieren foar de earme arbeidersminsken noch heger meitsje sil. Wy sille him mar Plinius neame.
Nû. 2, dy't nêst him sit, is in keapman west; of dat er 't noch is, dêr is men 't net goed iens oer; dit is wier, freeds en tiisdeis giet er trou nei stêd en komt ornaris plezierich werom. Hy is sawat in droege prater, en ien, dy't him net ken, soe op de earste opslach miene, dat er in slach mei de moleroede hân hie: sa ienfâldich is syn útsicht as er neat seit. Hy is in grut leafhabber fan sûpenbrij en sjerp; dêr nimt hy alle moarnen yn 't nochteren in leppelfol fan yn. Wy sille him dêrom ek mar keapman Sjerp neame.
Hjiroan folget in jong keardel, in houtkrob, dêr 't net folle fan falt te sizzen, as dat hy wolris flokt en krimmenearret, as yn 't pandoeren de nel fêstsit, of as syn fyftich net doge. Is dit it gefal net, dan is 'er heel wol mei him te rigeljen. Wy sille mar beare, dat hy Piter hjit.
Nû. 4 is in slachter; in lyts mantsje en lykas alle slachters, in grut freon fan de kommizen en de kommizen fan him. As hja yn it doarp binne stekke se ornaris al ris by him oan, en rûke dan mei-ien ris wat âldst is, it setel of it flêsk, dat oan de hang is. Okkerjiers hawwe hja ris by him west; doe wie it setel wat al te âld nei har sin. It gefolch dêrfan wie, dat hja it slachtbist meinamen sonder it earst te weagen, en om't hy 'er gjin skea fan ha moast, joegen hja him in deimannich de kost foar 't iten yn in grut kofjehûs yn de stêd. Dêr learde hy doe ek, teminsten as er 't net earder wiste, dat de lytse miggen yn 't web hingjen bliuwe en de grutte 'ertroch fleane; dat ien, dy't in nochteren keal slûket, boete betelje of sitte moat, en dat men foar ien, dy't by fersin in miljoentsje fan 't lânsjild yn syn bûse stekt, de hoed of pet ôfnimt.
Nû. 5 is in man, dêr't ik oars net fan sizze sil as dat er in lange troanje het, en as er ris by tsjuster hjir of dêr tsjinoan rint, bin 'k 'er boarch foar, dat hy de grutste smetlape oan de noas kriget. Hy seit troch 'en tiid net folle, mar harket skerp to wat in oar seit. Hy het al lange jierren prakkesearre, wat er útfine soe om sonder arbeidzjen troch de tiid te kommen. Hy het al ferskate affearens by de hân hân, sa as keapman, kijboer, winkelier, bûksprekker, bêdmeitsje fan strie en tuorrebout, healkynsens yn fjirders slaan, en al sa fuort. Op heden prakkesearret er wer op wat nijs. As er 't ek fine mocht, dan sille wy sa goed wêze om 't fuort de wrâld te fertellen. Wy sille him no mar ris Noazinga hjitte.
Nû. 6 is in boer, just net út itselde doarp, mar omdat er in orizjineeltsje is, kinne wy him net sonder sprekken foarbygean. Hy plachte wolris wat te handeljen yn kij en skiep. Dan wie er in earst master, om de ljuwe ût te lizzen, hoe it foardielichst wie, en om mei note
| |
| |
In doarpsherberchje by 't winter
bene! hoe sis jo? dêrom wo'k sizze, tsjerke en toer midden yn 't doarp, har jild yn syn bûse
te stekken. - Mar it soe te lang duorje as wy sa by de hele rigele lâns gean soene: ik sil
dêrom mar sizze, dat de oare allegearre brave ljuwe út en om it doarp wei binne. Krekt
sa komt de dokter yn. De kastlein ropt: ‘De man in dúmke!’ De dokter seit: ‘'n Avend’,
skikt yn de rigele, en makket de oanmerking, dat it kâld is. ‘Kâld?’ seit Plinius, ‘it liket jit
neat by 't jier '95, doe hjir de Frânsken yn 't lân kamen. It barde doe ris, moatt' je wite, dat
wy fergearring hân hiene yn 't Komitee fan Herstel.’ ‘Kom, kom, Plinius!’ seit dokter, ‘'t
Komitee van Herstel was maar apespel. Jou hale altyd de oude koeiers út de sloat; praat
liever wat 'er nou in de weareld is te doën.’ ‘Wel no,’ seit Plinius, ‘fertel ús dan wat nijs
út it Handelsblêd. Deliberearje de Steaten nochal oer de nije wet, dy belesting op de besittingen?’
‘Ja, der stie jûns yn, dat er nei gedachten wol trochgean sil.’ ‘Trochgean? No
as dat wier is, dan is ús lân nei de bliksem, dêr 'k sa'n wurd om sis.’ ‘Ja, mar,’ sei 'er ien
fan it selskip, ‘hja kinne sonder jild net hûshâlde, en dêrom moatte hja it op de iene of
oare manear sjen te krijen.’ ‘Is dan dy santich miljoen, dy't wy jiers opbringe, neat te
betsjutten? As hja kloek wiene, dan koene hja der wol mei ta. Hja moasten dy hege trakteminten
en dy grutte pensjoenen mar ris wat ôfskaffe.’ ‘Ja,’ sei de slachter, ‘en dy duvelske
kommizen it lân útjeie.’ ‘Ha, ha, ha!’ lake Piter. ‘Ja, dat moasten se,’ sei Plinius, ‘en
dy kûponknippers dy moasten sy better neisjen. In streek 'ertroch lykas by de Frânsken!
Doe waard 'er better hûshâlden. Dy't doe in offysje hie, krige om de donder net tefolle;
dat ferassuradear ik jimme. Ik wie doe by kontinuaasje sels representant. Doe waarden
de privileezjes en de provitysjes better yn 't each hâlden.’ ‘Ja,’ sei de slachter, ‘it bestjoer
mêste tige har eigen bûse.’ ‘Wol ik jimme wat sizze?’ sei de boer, ‘it wie doe krektlyk as
| |
| |
no. Hja koene jin doe de hân krekt safier út de bûse bliuwe as no; en betelle men al wat
minder, de bûter brocht ek neat op doe 't lân fergong. Om't de bûter doe net út koe, hie
myn buorman in fjirdermannich stean, dy't ik fan him kofte in homp onder de tweintich
gûve. Dêrom tsjerke en toer midden yn 't doarp. Wat men yn 't iene wûn, ferlear men yn
't oar; is 't net lykas ik sis? ho, wat sein' jo?’ ‘Jo ha wol gelyk,’ sei Noazinga; ‘dy 't doe
wat woe, moast ek al arbeidzje, en in held dy't 'er mei in loaze streek trochkaam.’ Wyl't
er dit sei, lake er yn himsels. ‘Ja, mar harkje no ris, broer! lit my dit fertelle,’ sei Plinius.
‘Jo moatte observearje, dat de konstitúsje doe better wurdearre waard as no; de rjuchten
fan 't folk wiene jildiger; elk hie syn stimme; de lidden fan 't bestjoer waarden út de
earlike middelklasje nomd. Dy seagen de dingen better yn. De belesting, dy't doe betelle
waard, dêr smieten se sa rom net mei om, dat moatte je my konsentearje.’ ‘Ik wit fan
observearjen, konsentearjen, renovearjen, konstitúsje en kontribúsje net ôf,’ sei de
slachter; ‘mar dat se net mei 't lânsjild omsmieten, wyt ik wol: hja strieken 't doe, dy't
'erefter komme koe, ienfâldich yn har eigen bûse. Ik ha teminsten in represintant kend,
dy neierhân folle krekter op syn spul waard.’ De hoekman gong opstean, en betelle wat
er fertard hie, en dat kaam omdat it 8 oere wie, of omdat er sok praat net lije mocht; dat
wyt ik net; mar ik miende, dat ik him yn 't fuortgean sawat fan satisfaksje mompeljen
hearde. ‘Ik mei,’ ferfolge de slachter, ‘fan dy neakene Frânsken gjin praat hearre; it wiene
mar ongemaklike útfanhûzers, doe't se hjir wiene. Ik haw ris ien yn kertier hân, dy
noaske it flêsk net, dat ik him foarsette, mar ik wist wol rie foar him; ik liet him ien foar
ien de hoeken fan de keamer sjen. Dêr waard er safolle better fan, dat er slûchsturtsjende
oan de tafel gong, en friet fan 't stoarn keal dat him de strôte knapte.’ ‘Ha, ha, ha! dat is
moai,’ foel Piter út ‘dat is moai! Mar woen' se nochris efkes weromkomme om hjir de
kommizen, kontroleurs, doarwaarders en ontfangers troch in strûp nei de oare wrâld te
stjoeren, dat mei 'k wol lije. Dan krije wy de hannen wat rommer.’ Tsjin dizze redenearring
wie neat yn te bringen, en sadwaande krigen de steatsaken rêst, en 't wie krekt as elk
útpraat wie, doe't 'er in jong snidersfeintsje ynkaam, dy't in glês molk'-en-wetter easke,
en mei in sigaarke yn de mûle heel eptich en presys sitten gong te smoken. Dit wie in âld
skipper, dy 't nei 't fuortgean fan Plinius it anker yn de hoeke fallen litten hie, sa't like,
mar matich nei't sin. Doe't er him earst in skoft oansjoen hie, frege er him, oft er yn de
tarring wie. ‘Heare, nee!’ sei er; ‘hoe no?’ ‘Wel, dat tocht ik, omdatste molk'-en-wetter
drinkste. Mar no begryp ik it al: do hearste, tink ik, oan it Matigheidsgenootschap, dat
ferline jier te Terherne oprjuchte is. Ha 'k gelyk of net?’ ‘Volkomen!’ sei it feintsje; ‘sont
ik de krachtige taal fan de Folksbode lêzen ha, ha 'k de drank stean litten as in ding, dat
grutte ferwoasting yn de maatskippij oanrjucht, en de fuortgong fan de ferljochting en
beskavinge, dêr't ik in grut foarstander fan bin, geducht yn de wei stiet.’ - ‘Dat sniders
ornaris gek binne, is eltsien bekend, mar dat sa'n streupert asto molk'-en-wetter drinkste,
en fan ferljochting en beskavinge praat, dat rint dochs wat fier. Hark ris, heite! Doe't ik
sa âld wie asto, waard ik jûns mei wat opwaarme jirapels op bêd jage.’ - ‘En dan wat
sûpenmoalyn efternei,’ sei keapman Sjerp. ‘Ja! en ta beslút in sopper yn de mûle,’ sei de
slachter. In âld man, dy't oan dizz' tiid ta net folle sein hie, begûn no wakker út te fallen.
‘Wêr sil dat bedarje, as dat sa fuortgiet?’ sei er, ‘moast ik jit sa'n tiid belibje? Smoarge bern
fan in jier of tsien prate al oer ferljochtinge en beskavinge, en sy binn' jit lang nin
tweintich, dan skriuwe se al ferhann 'lingen ta Nut van het Algemeen, en stjoere de earme
ljuwe, dy't graach wat ha wolle, mei in tige fermoanninge nei hûs om dêr har hong'rige
bern brea foar te keapjen, of har neakene lea mei te bedekken. O jo! o jo! doe't ik jong
wie, gong it heel oars; wy wiene deis flitich op ús wurk, en praten noait oer steatsaken.
Ferljochting, beskaving en matigheidsgenootschappen wisten wy net, wat dingen as 't
wienen. As ús heit in arbeider hie, dy't jûns healwiet út 't lân kaam, dy krige in slok, en
nin minske tochte dat it him kweadwaan soe. Hjerstmis krige er wolris wat smoar of wat
ôffal mei, en as 't de tiid wie, dat de kij keallen, no en dan ris in tsjettelfol bjist of in side
kealleflêsk. En dat se dat no net krije, wêr komt dat oars fandinne as fan dy bliksemske
| |
| |
kommizen?’ ‘En dat in arbeider gjin slok kriget,’ sei de skipper, ‘wêr komt dat oars
fandinne, as fan dy skyt'rige matigheidsgenootschappen, optocht fan ljuwe, dy't it
begrutte, dat in earme stumper him ris foar in eagenblik fermakke. It soe al in moaie fertoaning
wêze, as ik myn feint, dy't de hiele dei yn de line hinge het, jûns by 't oan-boatkommen,
yn pleats fan in slok, in putsfol kâld wetter foarsette, en dan sei: Do heste de
hele dei tige lutsen, do moatste no ek mar tige drinke.’ ‘Ik tink,’ sei in timmerfeint út it
selskip, dy't him ferbylde, dat de jenever yn syn liif krekt sa goed duorje koe as yn de
kastlein syn fet, ‘ik tink, dat je wol om in oar feint sjen mochten, en dan woe 'k wol, dat
je dy snider mar wûnen, dy't mei syn molk'-en-wetter drinken en syn gek foarbyld it hele
doarp gek makket.’ ‘'t Wurdt al swietwei minder,’ sei in boer út it fermidden. ‘Doe't ik
jong wie, pielden wy wolris mei lêzen, en as wy dan jierliks ôfrekkening hiene, dan kaam
'er nei teedrinken in slok op 'e tafel; dan koe elts jenever of barndewyn drinke, salang as
er sêd wie, sonder dêr in duit mear om te beteljen; dan krigen jitris ljuwe in stik yn de
lears, dy't oars net om de drank joegen, en waard 'er wolris ien mislik (fan 't smoken, tink
ik), dy't oars noait yn de herberge kaam. Mar no kofjedrinke, dat men alle amerije pisje
moat; in klontsje yn 't kopke en yn 't pantsje; hja fjuchte hast wa't it grutste hawwe sil, en
de kastlein moat hieltyd nei onderen om it lege poatsje wer fol te meitsjen.’ ‘Ja,’ sei
keapman Sjerp, ‘it sil net lang duorje, dan komt 'er in grut komfol brij op de tafel, mei in
sleef fol sjerp 'eryn en dan in kokynje efternei.’ ‘En as de ljuwe dan thúskomme,’ sei de
slachter, ‘mei wat potstro mei lollemansstip op bêd.‘
No gong de doar. De fjildwachter warskouwe, dat it tsien oere wie, en 't selskip briek op. Dy't wat wûn hie, floite in deuntsje; dy't ferlern hie krimmenearre braaf, en to beslút waard de hele boel troch de kastlein útlake.
Yn 't doarpke efter Ljouwert 1846
e.h.
|
|