| |
De rimpene doktersgong
Te Holwert wenne ris in pear,
Hja sieten gnap yn hear en fear,
Hja koen' har spultsje driuwe.
De man die wat gernierkerij,
En 't wyfke spûn 'er sa wat by.
Hja hiene in soan dy wie healdea
It koalkleed siet him yn de lea;
Dat mast're dêr sa jimmer om,
En sims dan hie er 't lang net rom.
De dokter, 't wie in aardich hear,
Mar boarstich en wat krûdich,
Dy kaam 'er ek sa faak net mear.
De man dy waard flaumoedich.
De rekk'ning (o, sa giet it rju!)
Waard ek te grut foar sokke lju.
Hy ried sa faak it hûs foarby;
Mar 't wie mar plommestrikerij,
Dy hjir alheel net foege.
En kaam er soms ris inkel oan,
Spriek hy mar efkes mei de soan.
Dat wie har danich yn de wei;
Hja rôpen faak de dokter nei;
Mar 't wie sa faak mislearre,
Dat einling sei er: ‘Rop mar net,
Mar gean mei 't wetter nei de stêd.’
Mar dokter kaam jit onferwacht,
Ear't immen 't jit koe tinke.
't Is wier, hy kaam al wat onsacht.
En 'k wol dy gong him skinke.
En het de man it op syn kar,
Hy docht it foar gjin rider wer.
Wylst dêr dat pear oan tafel siet
Bepraten hoe 't de boer no giet,
Hoe 't flaaks en 't noat no steane,
Spant dokter-om syn brúntsje oan,
En tinkt net mear om Jelte soan.
‘Dat is in hynzer as in sweal,
Dat dûnset foar de karre.
De wearde ken gjin minske heal,’
Sa spriek de smid-en-harre.
Dat steeg're en stiek de kop oerein!
It bist wie hast it fel útflein.
| |
| |
Mar einling rûn de guds dochs fuort
Mar 't karke krige in skeve hoart
Dat 't tsjin de muorre bûnze.
De dokter fleach by Jelte en Tryn
Sa fjouwerkant de glêzen yn.
Hy skeat dêr op 'e tafel del,
Hja wiene allegearre kel;
De dokter sloech yn 't iten om;
Hy gûlde en waard fan pine krom.
En Tryn-muoi wie sa fan de set,
It minske koe net sprekke;
Dy rûn al nei it wetterfet,
Wylst Jelte dokter fette.
Dy sei: ‘Jy komme ús hûs net hein:
Dêr ha wy jo no dochs yn 't ein.’
‘Och, heare!’ spriek de dokter doe,
‘Myn skouder is ferrutsen.
Rin dalik nei de smid ta; toe!
Dy het 'er mear ynlutsen.
En bergje dan myn spultsje op.
Myn earme brúntsje, och! myn pop!’
Mar ear de dokter sprutsen hie,
Wie baas al foar de doarren.
Dy sei: ‘Hoe, divel no ta rie?
Hoe komt dit foar elkoarren?
En hoe is 't mei dat iene fearn?
Dat skouder dooch net, dat is skean.’
‘Toe, dalik!’ rôp doe de baas smid,
‘Toe, helje fjouwer buorren!
Ferdomd, dat skouder is út 't lid,
Wy moatte mar oan 't skuorren;
Toe, feardich mar de klean út, hear!
In koart beslút! mar it docht sear.’
It hynzer fan dokter op it hiem fan 'e Slotpleats te Waaksens
| |
| |
Dêr hongen fjouwer kearels oan,
En loeken dat se stinden;
De dokter, krollend as in swan,
Rôp: ‘Duvels, beulen, vrinden!’
Mar einling to syn grut gelok
Fleach 't wer yn 't potsje mei in skok.
‘Sjesa!’ sei baas, ‘no is 't yn 't lyk.
Dat hong dêr niis al núv're bryk.
Mar is hjir net wat fochte?
Ik haw in fonk hjir yn de kiel;
't Wurdt tiid dat ik him ris ferspiel.’
Hja helje fluch in koer mei wyn
En skinke dêr mar deftich yn.
En sei: ‘Ik lei net op dit nêst,
Hie dêr sok guod op it koalkleed west.’
Hja brochten dokter mei-elkoar
De earm wat yn de doeken;
De froulju kamen foar de doar,
(Wat rabben se op 'e hoeken!)
En brochten him mei goed konfoai,
Yn 't ein by juffrou op 'e koai.
De sjeas dy wie yn stikken slein,
En brúntsje hie him rêden,
Wie kûgelsfeart nei Waaksens flein
Oer hikken, dammen, sleatten.
Dêr stoe er by in goede boer;
It poalke trille en wie oerstjoer.
En dokter kui're yn Holwert om;
Dêr moast er no wol bliuwe;
Hy wie sa nuet, sa mak, sa from,
En as er by in siken kaam,
Dan fleach er nea wer troch it raam.
Grou
e.h.
|
|