De boask troch de skoarstien
Hoe mannichien komt oan syn wiif,
Dat is net te beskriuwen.
Ja, 't giet sa sel'sum yn syn wurk,
It is hast net te leauwen.
De iene fynt har op it iis
En de oare yn 'e tsjerke.
Op brulloften fynt mannich ien,
En meast noch op 'e merke.
Mar troch de skoarstien, troch in lûk
Om in gnap skepsel siikje,
Dat liket briker jit as bryk,
En 't koe in fabel lykje.
Foar tiden wenne op Abbegea
Dy oan in boerepleats of twa
En jild en fee net hinke.
Hy wie âldfeint en frijde faak,
Mar 't wie him noait net flotte;
't Rûn altyd speak: hy bleau âldfeint,
Hoe hy syn brein ek hotte.
Hy hie in gnap jongfaam oan hûs,
Ik leau hja hjitte Janke,
Dêr Rinke gânsk wat smucht op hie,
| |
Dat hâlde him altyd tebek;
Of strike har ris oer it wang,
Mar mear doarst hy net weagje.
Dy faam wie ek net eang fan him,
Hja mocht him hiel wol lije,
Mar sels te frijen dat koe net,
Dat koe har ear net lije.
Dat stune by elkoarren om,
En elts dy liet neat merke,
Mar einling rûn dy tiid sa fier,
Dat it waard Dryltster merke.
Dêr teach de faam ek hinne doe
En krige in kreup'le frijer,
En Rinke bleau allinne yn hûs:
Hy kriet, dy earme lijer.
En Janke waard nei hûs ta brocht;
De boer fergrieme 'im yn himsels,
De boer, dy oars sa freonlik wie,
Waard noartich no op Janke;
Mar hja, hja tsjinne flitich fuort;
Mar 't swierste wie behâlden jit;
It moast him better knelle,
Doe de yntrest fan it merkejild
Troch Janke waard betelle.
Want skielik kaam ús maat werom
De boer draaide alles yn 't rûnom,
Yn 't koart, hy gong mar gau fan kant,
It sliepen kaam alheel net fan,
Yn 't mulhús siet it jonge pear
En yn it binhús lei de boer,
Jaloersk en lilk fan beiden.
Mar Rinkom wie nijsgjirrich dochs
En of se 't ek oer boaskerij
Boppe yn 'e boazem wie in lûk,
Hy tocht: ‘Dêr wurd ik it gewaar’;
En kroep 'er stiltsjes hinne.
Foarsichtich die er 't lûkje op
En kroep 'er tige fier yn wei
Om 't suver út te kloarkjen.
Dat rekte al; mar it boppe-ein
Waard swierder as de skonken,
En Rinkom foel fan boppen del,
En briek hast hals en bonken.
De spekstôk briek ta syn gelok;
En 't fjurke, dat 'er stie, wie lyts;
't Wie roet en jiske wat men seach,
En 't spek dat lei fan boppen;
De feint stau ta de doarren út;
De faam him nei te roppen.
De feint dy rûn sleat yn sleat út,
Dy miende dat de kweade him
Sa libbend kaam te pakken.
Mar Rinke stie al dalik op,
En 't muoide 'im dat syn strunerij
Him sa bedroefd mislearre.
Hy gong foar doar; dêr stoe de faam
Te skriemen en te snikjen.
‘Kom!’ sei er, ‘kom mar wer yn hûs,
En wês net fan dyn stikken.’
‘Do hest oars by dysels al tocht,
No wol de boer ús pleagje;
Mar, famke, siker, 't is sa net,
'k Woe mar ris skoarstienreagje.’
| |
‘Want sliep, salang as hy dêr siet,
Kaam net wer yn myn eagen;
't Wie of de stiennen út de flier
My tsjin de troanje fleagen.’
‘In moaie skoarstienfegerij,
De nachts om healwei trijen!
Jy woenen ús beharkje, boer;
Dêr wie it om te krijen.’
‘Je wien' jaloersk, myn goede man!
Ja, jo begjinn' te switten,
Al komt hjir mar in kreupel skroar
Sa spriek doe Janke en jit mear:
‘En wol jo jit ris frije,
Wolno, 't jout no just sa gjin pas,
Mar 'k mei 't oars heel wol lije.’
Dat wie de boer nin dôve sein,
En 't hie mar 'n bytsje duorre,
Doe waard âld Rinkom brêgeman;
De flach kaam op 'e skuorre.
Dat houlik wie sa mis net west,
En 't libbe 'er aardich hinne;
Mar as de frou wat keapje woe,
Dan koe 't 'er wol om rinne.
Mar as er net fan 't jild ôf woe,
Koe hja him aardich pleagje,
En sei: ‘Jo soene wol by nacht
Foar 'n stoer de skoarstien reagje.’
‘Dêr!’ sei er dan, ‘dêr hest de pong;
Tsjin froulju is nin praten tsjin,
Dan rekket men ferkâlde.’
Grou, 24 febr. 1844
e.h.
|
|