| |
Frânske turven en oranjebitter
Dêr lei in skipper te Wâldsein;
Hoe of er hjitte wurdt net sein;
Hy hie in feint dy hjitte Duie,
In bysfeint wie it, in skarlún;
Mar as dy wat hie yn de krún,
Dan koe 't 'er nuver hinne bruie.
Hy hie syn komste by Tryn Klear,
Dêr koft er sûpkes kear op kear.
Dy hie sawatte snobberije;
En dy mar rûch op side wie,
Of borgen efter hannen hie,
Dy koe temûk in sûpke krije.
Dêr libbe it minske aardich fan:
It wie in widdo sonder bern;
De winters spûn se foar de ljuwe,
En hokk'ne pearen by eltsoar,
Dat wie in akkefyt foar har:
Dy koe'n dêr noflik sitten bliuwe.
En as 'er ien te sink west wie,
Of 't mei syn folk ferkurven hie,
Dy woe se graach in bultsek spriede,
En broei him dêr ris tige út,
En wie er flau, him ta beslút
Wol hjerrings op 'e tange briede.
Dêrom waard sy Tryn Klear ek neamd.
Dy namme wie ek heel net frjemd.
Want wie 'eris oansetterije,
En wie 'er 't ien of 't oare brek
Fan oalje, drank of bôle of spek,
By Tryn wie 't klear; dêr koe men 't krije.
't Wie winter, mar nin ridersiis,
En dat ferfeelde d' âlde biis;
De liddichheid jout nammers flinken.
De fammen pleagje as in Turk,
Dat wie sawat syn hele wurk,
En mâle potsen út te tinken.
Dat tipte dan op teiïch iis,
Of 't souke en tjirre as healwiis,
Of 't sluorke op 'e glêde strjitte;
En oeren yn de smidte stean,
Of foar de kjeld yn 't bakhûs gean;
Dat sil dan frijgeseljen hjitte.
Hy komt by Trynmuoi op in jûn
Wylst dat goe' sloof by 't fjûrke spûn,
En sei: ‘Kin 'k ek in koaltsje krije?
Us folk is út te praten gien,
En hawwe al it fjoer útdien.’
‘Hea, ja!’ sei Tryn, ‘ik mei 't wol lije.’
| |
| |
Hy hie in sponturf yn de hân
Lykas 't gebrûk hjir is te lân;
Dan is it koaltsje fjoer betelle.
Hy treau him by it hurdsje yn,
En sei goe'n avend doe oan Tryn.
't Wie 't lêste koaltsje dat er helle.
Want, o, it stik dat wie te bryk!
It wie nin bizerij gelyk.
Dy turf hie hy in gat yn boarre;
Dat nôgergat mei boskrûd stopt,
Doe mei in grenen kyl ferpropt,
En feardich mei in tou fersjorre.
Dêr siet ús froede Trynmuoi no,
En spûn har triedsje flaaks sa trou,
De wekker tikke en 't wieltsje snoarre;
Ald mopke snoarke op 'e plaat,
En poeske spûn wer de âlde maat;
Hja spûn en waard sa slûch, sa sof,
Mar einling boarst dêrút in plof;
't Waard alles jiske en fonken.
De poes fleach by de ljerde op,
En op it bêd der fluchte mop;
En Trynmuoi makke ek skonken.
Hja fluchte ta de doarren út,
Mar foar de gevel stoe de gút;
Hy socht de lijte wat, sabeare.
Doe rûn âld Tryn him op it liif,
En sei: ‘Do swift, do snaak, do dief!
Ik sil dy fjoeroansetten leare.’
Hja tich'le 'er ek mar helder op;
Mar, och, hy hie in Fryske kop,
En mannich slach mislearre.
Mar hy sei: ‘Slaan dochs net sa, sloof,
Jy slane my jit blyn en doof.
Jy moatte ek nei reden hearre.’
En Duie sei: ‘Wy geane yn hûs.
Dat wie dêr niis sa'n raar gedrûs;
Dat sil dêr nuver hinne lizze.
Wy moatte sa net, âlde frou.
Ik sil jo earlik bychte en trou;
Ik kin jo krekt de reden sizze.’
Hja geane yn hûs. Dat wie in boel!
De oaljesnip lei op 'e stoel;
De brijpôt lei yn stikken;
De tafel op 'e side teard;
De spinwiel onderstboppe keard;
It flaaks wie gleon; de matten rikken.
De steallen leine oer it hûs,
En op 'e souder âle poes;
Ald mopke siet op bêd te kriten;
De sûpenbrij stroomde oer de plaat.
‘Och!’ rôp dy leaze kammeraat,
Sa moaste er prate op dy jûn;
Oars hie se nei 't gerjucht ta rûn.
Hy streake en flaaide om har hinne,
En rêde fluch de boel mei oan.
Want reagje en klinzgje koe er skoan,
Lykas de skippersfeinten binne.
Doe spriek dy goede Tryn him oan:
‘Dit rint te fier, Jan Jappes soan;
Do soest my 't hûs yn jiske stoke.
Wat diker, no! dit is nin nocht,
En as ik 't foar de grytman brocht,
Dan soest in skeadlik pypke roke.’
‘Och, bêste Nynke, jaan jo del,
En kibje en smeul dochs net sa fel.
Ik die it siker net út wille.
Wy hawwe Frânsken hân yn 't skip:
Dat wie in ondwaan en geskrip!
Dan moatt' jo leaver dy bedille.’
‘De Frânsken binne núv're lju,
En flinken het dat foltsen rju.
Dy brochten brânje mei en iten.
Dy brânje wie as oalje en tar,
En as 't net flotsje woe mei har,
Dan waard 'er gau sa'n turf op smiten.’
‘Dat sûze en pofte it rom yn 't rûn,
Lykas jo jûns hawwe onderfûn,
En as de fonken 't mâlste fleagen,
De steallen stauwen oer de flier,
Dan laken se en hiene tier,
Al koe'n se hearr' of sjen út d'eagen.’
| |
| |
By Trynmuol
‘Is dat net heislik, Tryntsje-muoi?
Dy Frânsken, ja, 't is aaklik; foi!
Dat binne heidens, rare ljuwe.
Dy fjuchte en swalkje oeral rûn,
En wêr se in foet sette op 'e gûn;
Dêr litt' se krús noch munt mear bliuwe.’
‘Dan muoit it my,’ sei Tryntsje-muoi,
‘Dat ik dy slein haw, beste boai!
Dy Frânsken binne skelmen, snaken.
Hja sette in beamke yn de grûn.
Dy dûnsje gekken dan yn 't rûn,
En 't is mar om ús jild te taken.’
‘Och, hien' wy mar ús prins werom!
Wat wie 't yn âlde tiden rom!
Men wist doe fan gjin frjemde flinken.
It iten wie goe'keap en bêst;
Fan 't frjemde reau hie nimmen lêst.
Dêr hoefde nimmen om te tinken.’
En Duie gong doe stil nei board.
It stik wie yn de dôpôt smoard,
En dochs hy koe 't net by him hâlde.
Hy hie it yn de smidte sein,
En dalik wie 't troch heel Wâldsein,
Dat hearde ek skielik al dy âlde.
En dochs hja kikte nearnse fan,
En hy kaam wer oan hûs as bern.
Hy skold dan op de patriotten,
En priizge wakker de âlde prins.
Sa flaaide er dan dat âlde minsk';
Mar Tryn wie snoader as de rotten.
Want hy kaam wer ris op har ta,
En seit: ‘Ik moat in sûpke ha,
Mar 't moat oranjebitter wêze.
Ik bin oranje yn myn hert;
Ja, yn 't gebiente is 't my set.’
Sa woe er doe dat sloof belêze.
| |
| |
Hja hie foar jicht en oare smert,
In sûpke op Spaanske piper set;
Dat naam hja yn by njoggen drippen
Mei bêste swiete wite wyn;
Dêr geat hja him in slok fan yn,
Om 't sa ynienen yn te wippen.
‘De divel’ rôp er, ‘Tryntsje-muoi!
Dit komt te hurd oan! foi, o, foi!
O, minske! ik ferbarn fan binnen.
Ik spring warachtich út myn fel.
Do sleep! do âlde toatebel!
Ik fiel it gleon troch 't lichem rinnen.’
Hy rûn al dalik nei de bak;
Hy sûpte in kûle, mar 't wie lak.
Al wat er iet dat smakke as galle,
En Tryn-muoi sei: ‘Dat siet yn 't fet,
En wat dêryn is suorret net.
In âlde rôt sit yn de falle.’
‘Dy Frânske turven makken kel,
En skroeiden immen hier of fel;
Oranje flymt ús yn de termen.
De neismaak is as triemmich spek;
Dy duorret ek in aardich rek.’
Sa siet doe Duie-man te kermjen.
Doe joech dy âlde bêste Tryn
Him sjerp mei ferske bûter yn.
‘Wy sill' 'er noait net wer oer prate,’
Sei Tryn, ‘en gean do stil nei board.
It ding is dieverij noch moard;
Do moatst 'er my ek noait om hate.’
Grou
e.h.
|
|