De wylde ruter fan Dokkum
Dêr is yn keizer Karels tiden
In allernuverst stikje bard;
Dêr het in wylde ruter riden:
Heel Dokkum wie 'erfan ferfaard.
Hy hie gjin learzen oan noch spoaren;
Hy droech gjin houwer noch pistoal,
En wie er al wat lyts geboaren,
Hy stoe syn fijannen dochs wol.
Syn wenning hie er yn de hoalen;
By dei liet hy him seld'um sjen;
Mar nachts dan kaam er op 'e soalen
En rôfde en moarde sa't mar kin.
Dêr wenne in brouwer yn dat stedsje,
Dy folle by de boer om ried.
Dan siet er op sa'n feardich kjedsje,
Ien dy it noait net sitte liet.
Mar koppich wie it bistke danich,
En kaam 'er him wat frjemds yn 't sin,
Dan waard er noait net slûch of wanich,
Mar teach ynienen op 'e rin.
De brouwer soe nei hûs ta ride,
It gong sa yn in sukkeldraf.
Syn hûntsje rûn him op 'e side,
Dy snúfde en hie frijwat geblaf.
Mar blaffen kin net folle bate,
Dêr moat ek biten wurde sims.
En sill' de ljuwe jin ek hate,
Men moat faak fûl wêze as in brims.
En wylst dat beest sa sneupte en blafte,
Rûn dêr in murd dwers oer 'e wei,
Dy hûntsje foar syn keffen strafte,
En naam him dêr mar helder mei.
Dat koe baas brouwer net oanskouwe,
Sprong dalik by de kjedde del.
Dy woe er mar ris fiks ôtouwe,
Mar 't bistje wie him al te snel.
Dat is in folk dy kinn' har rêde;
Hy wie te fier ôf fan syn hol;
No fleach er dalik op 'e kjedde,
Dat makke it hynzer razend dol.
Ferskrikt set hy it op in rinnen;
De murd dy klammere oan it seal.
Wis krige er ek al núv're sinnen,
Mar hy siet fêst dochs as in peal.
De brouwer, 't wie net te ferdragen,
Stoe der mei 't hûntsje op 'e wei:
Dy hie noch noait syn libbendagen
Sa flokt as no op dizze dei.
Mar flokken koe hjir 't skurd net laapje.
Te foet gean wie de brouwers lot.
Hy koe no swiet nei Dokkum traapje
En hearre dêr de smaad en spot.
Want smaad en spot moast hy ferwachtsje;
Mar hy betocht in fine set;
Hy liet him by in boer benachtsje
En kaam by tsjuster yn de stêd.
| |
It kjedsje kaam de stêd op fleanen,
De murd dy siet him op 'e hûd,
De stêdlju seagene as earnen
En sein': ‘Ut spultsje is niet goëd.’
't Gerucht dat rûn troch alle strjitten,
Dat baas sa heislik tsjoene koe,
En 't waard ferdûbele en útmjitten
Lykas it giet mei simp'le lju.
En leaude 'er ien net oan dy grappen,
Dy waard gau oer de flaalje slein;
En doarst er folle tsjin te snappen,
Dan waard 'er sels de lap op lein.
Dan rôpen se fan alle siden:
‘Wat sústou prate, heiteman?
Myn geunst, wat leiste nòch te striden?
Want hele Dokkum looft 'eran.’
‘Ik hew him op ut peard sien sitten;
Maar 'k liet ut beestje stil betien;
Syn ogen as twie lampepitten
Dy waren glandech om te sien.’
‘De brouwer, dat mach elk wel love,
Het him feranderd in un mu'd.
Nou ken er nachts braaf stele en rove:
So rake al oans kipen fut.’
‘Ut peard, krekt of un man him mende,
Gong na de stal, dat arme dier,
Dat is un dúvels' swarte bende,
Dat tsjoëndersreau in Dokkum hier.’
‘Ut wemelt hier fan tsjoënderije,
Ja, 't skúlt selfs bij de magistraat.
En as 't so bliift mach ik wel lije
Dat Dokkum na de dúvel gaat.’
Hja wiene breinroer om dy gritsen,
Gjin minske dronk fan baas syn bier.
En fan benaudheid gong er ritsen
Nei in goefreon yn Mitselwier.
Dêr moast er him foar útgean mije,
Opdat it stik gjin eagen hie.
Dêr siet er no in wike of trije,
Salang de buoi besakke wie.
No stoep er dryst wer nei it stêdsje,
En daad'lik nei de brouwerij;
Dy wie hast útstoarn foar in setsje
En 't stie 'er al gefaarlik by.
Mar hy liet oan heel Dokkum wite,
Dat hy yn de stêd Grins hie west;
Hy woe it klúnbierbrouwen wite
En no ferstie er 't opperbêst.
Yn trije wike in keunst te learen,
Dêr mannich trije jier oan hie;
Dat leaudene dy skrand're hearen,
Dêr doe heel Dokkum fol fan wie.
En baas gong daad'lik oan it brouwen;
Dêr smiet er keallepoaten by
Mei hûd en hier, mei klei en klauwen,
Dy kôke er yn dat bier ta brij.
Dat joech in limichheid oan 't bierke,
Dat, sei er, kaam fan 't bêste koarn,
En dreau 'er hjir of dêr in hierke,
Dêr steurden s' har sa krekt net oan.
Hy die 'erby wat koriander,
Wat piper en wat barndewyn,
Want wie'n de Dokkumers doe skrander,
Baas brouwer dêr siet ek wat yn.
En doe se fan dat bierke preauwen,
Doe sein' se: ‘Blikstien, dat is raak!
Sok bier is in gien fyftech eeuwen
Hier in oans oude Dokkum maakt.’
Dat waard in klúntsjebier as oalje,
En 't wie ek warem yn de bûk.
't Wie goed foar jicht en melangoly,
En 't swiete oan by it gebrûk.
‘Ja, oans baas brouwer is un mantsje!
Dy het wel hassens in syn kop.’
‘Kom, baas!’ (sei elts), ‘Geef nòch un kantsje;
't Loopt my so smeudech deur ut kròp.’
‘Wat heww' se laast dy man belasterd
Fan tsjoënderij en 'k weet niet wat,
Oans Dokkum is all'heel ferbasterd;
Ja, 't is un aak'lech rabbersgat.’
| |
‘Wel, ja!’ sei baas, ‘sij heww' 't my weten,
Dat 'er un mu'd op 't kedsje sat,
Dy het my fan ut peard òfsmeten;
Ut was de kwade, loof my dat.’
‘Ik sêch jimme, ik was so ferlegen,
Ik gúlde anders niks as moard!
Maar ut was foar my un groate segen,
'k Was dichtebij ut Hús-ter-noad.’
‘Daar must ik doe ris wat bedare;
De knecht dy bròcht my naar de stad.
Wat ken men raar ten hearing fare;
Doe bin 'k met tsjoënderij beklad.’
‘Mar, och, men mut ok so maar dinke,
It is ten beste nòch beteard.
Nou ken men hier ris klúnbier drinke;
Dat hew ik met myn fluchten leard.’
‘'t Is best beteard an alle kanten;
Want 't klúnbierbrouwen he-je leard.
Brouw' jou mar fut!’ sa sein' de klanten,
‘Mar ryd foarearst niet wear te peard.’
Dat is yn keizer Karels tiden,
Alear yn 't âlde Dokkum bard,
En lit 'er wylde ruters ride,
Ald Dokkum is en bliuwt fermaard.
Grou
e.h.
|
|