Twa boeren en de skrie
Twa boeren, beide út Longerhou,
Mar makkers wiene it goed en trou,
En rekke de iene oan de sjou,
Siet de oare ek noait te dromen.
Te Frjentsjer oan de Bargemark
Dêr siet dat pear te priuwen,
Mar op 'e neidei kaam dat swerk
Troch dat gelurk mei Age en Tsjerk
Almeugend swier te driuwen.
Mar tsjin dy jûn doe teach men fuort,
Men sjagg'le troch 'e poarte.
Soms kaam 'er wol in núv're hoart,
Dat boks'le troch de modder fuort,
Dy oer de skuon har kwatte.
By 't hiem dêr hearre se yn de loft
De skrie syn griet-toe roppen.
‘Do, steltman mei dyn miggeskoft,
De bek ta, of pas op, dêr poft
Dy jûn jit ien fan boppen!’
Sa raasde Tsjerk doe tsjin dat dier,
En sei: ‘Hâld op fan skelden!
Do, langbek, hest in raar getier,
Is Ageman wat oer syn bier,
Hoechst dat syn wiif te melden?’
‘Want hark 'is, Age, wat er seit;
Griet, toe! Sjoch, Age is dronken!
Jaan him no earst mar goed beskeid;
Mar as er yn 'e fearren leit,
Brek him dan hals en bonken.’
| |
‘Dat liichste, ju,’ sei Age doe,
‘Hy baut dy nei yn 't meiden;
Kom yn de skuorre, Grytsje, toe!
Wês dochs net bang, toe, Grytsje, toe!
Wy binn' mar mei ús beiden.’
‘Hy wit, do hâldst it mei de faam,
En telst de frou net folle.
Dyn wiif is sleau en Griet bekwaam,
Mar hoedzje dy mar foar de blaam
Fan Longerhouster boller!’
Dêrop wurdt Tsjerk sa poer, sa gleon;
Dy smyt him oer de finne,
Slacht bont en blau syn bêste freon;
Ja, het him yn de jarr'sleat treaun,
En Tsjerk dy knypte stil nei hûs
En joech him gau ta sliepen,
Mar doe er fiks lei yn de rûs,
Doe krige er bruien by de rûs,
Doe kaam de hel earst iepen.
Want ear't er ond'r 'e wrine kroep,
Wie him de noas al skile,
En wylst it wiif nei boppen sloep
Foel dêr by him al mannich knoop,
Mar 't oartsen wie ferspile.
Mar 't slimste wie behâlden jit;
Want Age dy woe rjuchtsje,
De oare deis siet Tsjerk yn 't swit;
Hy tocht: ‘Dy diker! Ik krij pit;
Ik mei dochs ek net fjuchtsje.’
En ear de klok al middei sloech,
Kaam dêr eksteur oanstappen,
Dy him in brief yn hannen joech,
En Tsjerk dy seach al net onfoech:
Hy tocht: ‘Dit binn' gjin grappen.’
Dêr stoe in grut sitaasje yn
Om foar 't gerjucht te kommen.
‘Dêr ha wy 't al, do ychelswyn!
Dêr stean' wis núv're wurden yn.’
Begûn doe Griet te brommen.
Dêr stien' se beide foar 't gerjucht,
Ferslein as earme stakkers.
In skylde noas en lang net rjucht,
En blauwe eagen; 't wie nin nocht:
En dat foar trouwe makkers!
De grytman, 't wie in stringen hear,
Dy sei: ‘Gaan sitten, boeren.
Sitt' jimme nou mekaar op 't lear?
As ik dy saak goëd instruear,
‘Un jaar in Wibren Wibrens gat,
En honderd daalders breuken.
Want, sien, daar op un hearenpad
Mekaar te klòppen, seit al wat,
Jimme oude, kale skeuken!’
‘Dat fecht en skeurt mekaar de bek,
Dy sitte sundachs ok in 't hek;
't Was wrachtech al un knap bestek,
‘Spreek op nou, Tsjerk; hoe is 't gefal?
Dou siest al raar út de ogen.
Dyn dikke neus is ok al mal.
Spreek op, en lych my niemendal;
Dat súd dyn straf ferhoge.’
En Tsjerk ferhelle doe dy saak,
En fan de skrie syn roppen;
De grytman dy hie wol fermaak,
En dochs by siet dêr as in staak;
‘Nou, Age, wat heww' jou in 't fat?
Het Tsjerk de warhyd sproken?
Dyn ogen blauw, dyn neus hast plat;
Dou seist dat Tsjerk is un Jan-Gat;
Hij het dòch fikse knoken.’
‘Hy het yn alles wierheid sein,
Ik net, mar Griet dy het him slein.
'k Die neat, want ik haw onder lein,
As flokken en as spuien.’
| |
‘Dat liichsto, divel, as in snaak;
Do, pluch, wat woest hjir sizze?
Pas op, ik spylje wer omraak,
En as ik dy by 't baitsje taak,
Dan soeste 'er fluch talizze.’
‘Kom, boeren, hier gien kibb'lerij;
Dy saak komt gauw terechte.
Ik hoar, niet ien fan jimme is frij.
Nou geev' jimm' elk un som an mij,
Dat kan de saak beslechte.’
‘Tien dúkatons de man glad òf,
Dat mut hier daad'lek weze.
Ik bring ut anders foar ut hòf.
Dy hearen levere and're stòf.
En late hòr niet beleze.’
‘En as de skrie nou roept griet-toe,
Nou roept menhear syn dòchter toe:
Haal my un flesse wyn, Griet, toe!
Dou must my ok ris skinke.’
Grou, okt. 1841.
e.h.
|
|