De terp
(Wize: Menuet deDon Juan. Mozart. In bytsje feroare nei de rymmjitte)
As ik oan myn bernejierren
Oan dat golle boartsjen tink,
Wrâld, wat binne dan dyn skatten?
Wat is 't goud mei syn geblink?
Blomkes struit mei mylde hân,
O, watt' wien' w' as berntsjes blij!
Alde terp, ik tink oan dy.
As de earste bonte flinters
Flodderen fan blom op blom,
En de earste ljurken songen,
Waard it bernehert sa rom.
Fan de lytse skoallebern,
Hien' wy fan 'e skoalle frij,
Alde griene terp, nei dy.
As de lytse foarjiersblomkes
Wrotten troch it griene krûd,
Rôlen, trûz'len, wy sa jolich,
En de skonken wurch en dôf,
O, wat leine en rêst'ne wy,
Alde terp, dan swiet op dy.
As de famkes toutsjedûnsen
En de jonges pleagen har,
Waarden wy sa faak ôfsnuorre:
‘Dondersk jonges, sa'n genar!’
En wat tochten hja dêrby?
Och, myn bernejierren fleagen
Lichter as it swerk foarby,
Mar dyn griene, leave blomkes
Het op dy wer wille en freugd';
Alde terp, wurd dan myn hôf.
Lit de berntsjes oer my boartsje,
Blomkes ploaitse op myn grêf.
Al it oare reek en tsjêf.
Is de winter rou en wyld,
Grienje maitiids blij en myld;
Bloei as byld fan Fryske kracht,
Alde terp, yn iiv'ge pracht!
Grou, juny 1847
e.h.
|
|