Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Bellis Pratensis Minsken bliuwe: Har sizzen komt net nei; Mar út Gods heilichdomme Komsto, o, leave blomme! Maitiids earste blomke, Leave fan de wei, Ut Gods heilichdomme, Komsto, o, leave blomme! Wês wolkom, leave! De maitiid is 'er wer. Dat minsken en tiden fergeane; Do komste, do biste hjir wer. Wolkom wer hjir yn ús lân! Kuiere ik ris oan de hân Fan myn leave famke, ‘Wolkom!’ sis ik, ‘hjir is 't, bern; 't Iere foarjiersfamke.’ Ja, wy kui'rje hân oan hân Troch it golle Fryske lân, Friezen binne altyd frij, Fijannen fan slavernij. Blomke, blomke, bliuw ús by! Grou e.h. Vorige Volgende